Alde Trekfeart

Ut Wikipedy

De Alde Trekfeart is in feart yn Frjentsjer, dy't fan de Easterstedsgrêft súdeast nei it Van Harinxmakanaal rint. It wie it westein fan de trekfeart tusken Frjentsjer en Ljouwert, part fan de Harnzer Trekfeart. Doe't it Van Harinxmakanaal oanlein waard, waard dat súdliker oanlein om de bocht de stêdsgrêft yn derút te heljen. Dêrtroch bleau de Alde Trekfeart oer as in stikje trekfeart los fan it kanaal. Fuortby de Easterstedsgrêft, oan 'e westlike útein fan 'e Alde Trekfeart, wurdt it Ald Keatsfjild (in trochgeande strjitte yn Frjentsjer) fia Saakstra's Brêge oer de feart laat.

Sjech ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]