Springe nei ynhâld

Minze de Vries

Ut Wikipedy
Minze de Vries
keatser
Minze de Vries
Minze de Vries
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMinze Johannes de Vries
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum10 oktober 1874
berteplakBitgum
stjerdatum30 augustus 1965
stjerplakBitgum
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
PC1896
1897
1900
1903
debút1892
karriêre-ein1911
ekstra3× PC kening (1896, 1897, 1900)
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x de Bond (1901)

Minze de Vries (folút: Minze Johannes de Vries; Bitgum, 10 oktober 1874Bitgum, 30 augustus 1965) wie in bekend keatser út Bitgum Hy sloech mei lofts op en die dat fûleindich en mei heupslach. Mei faasje kamen syn ballen skean op it perk oan. Hy keatste ek wol om utens en spriek tige ta de ferbylding fan keatsers en keatsleafhawwers. Minze de Vries wûn de PC yn 1896, 1897, 1900 en 1903. De earste trije kear waard er kening. Yn 1903 waard er dat eins ek mar doe skonk er dy titel oan syn keatsfreon Jan Reitsma.

Meiïnoar helle De Vries 28 earste, 33 twadde en 10 tredde prizen en dy soargen foar in puntetotaal fan 160, de punten fan de bûnspartijen dêrby net meirekkene. Tal fan keningskippen waarden him takend. Syn bêste keatsjierren wiene dy fan 1892 oant 1911.

De Vries fertsjinne de kost as boerearbeider en skearbaas. Hy wie ek amateur-keunstkilder en hold fan toaniel. Minze de Vries ferstoar op 30 augustus 1965 yn 'e âldens fan 90 jier.

  • 1896 - PC 1e priis
  • 1897 - de Bond 2e priis
  • 1897 - PC 1e priis
  • 1899 - PC 3e priis
  • 1900 - de Bond 2e priis
  • 1900 - PC 1e priis
  • 1901 - de Bond 1e priis
  • 1901 - PC 2e priis
  • 1903 - de Bond 2e priis
  • 1904 - de Bond 3e priis
  • 1905 - de Bond 3e priis
  • 1906 - de Bond 2e priis
  • 1911 - de Bond 4e priis
  • 1902 - PC 2e priis
  • 1903 - PC 1e priis
  • 1907 - PC 3e priis
  • 1911 - PC 2e priis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: