Springe nei ynhâld

Stasjonsbrêge (Frjentsjer)

Ut Wikipedy
Stasjonsbrêge
Stationsbrug
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
koördinaten 53°10′64″ N 5°32′56″ E
bysûnderheden
type bouwurk brêge
subtype ophelbrêge
boujier 1951, 2016
sloopjier 2016
oerbrêget Van Harinxmakanaal
wei of spoar Stasjonswei – Ald Keatsfjild
kaart
Stasjonsbrêge (Frjentsjer)
Stasjonsbrêge

De Stasjonsbrêge (Nederlânsk en offisjeel: Stationsbrug) is in brêge oer it Van Harinxmakanaal yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. De wei dy't dêrmei oer it kanaal laat wurdt, giet by de brêge oer fan 'e Stasjonswei (súdkant) yn it Ald Keatsfjild (noardkant). De Stasjonsbrêge is in flapbrêge, dy't de Frjentsjerter binnenstêd, oan 'e noardkant fan it Van Harninxmakanaal, ferbynt mei it (lytse) diel fan 'e stêd dat súdlik fan it kanaal leit. Ta dat lêste part heart ek it Stasjon Frjentsjer oan it spoar fan Ljouwert nei Harns, en dat is hoe't de brêge oan syn namme komt.

De earste Stasjonsbrêge waard yn 1951 oanlein, doe't it Van Harinxmakanaal ûntstie út 'e ferbreding fan wat oarspronklik de (yn 1863 groeven) Harnzer Trekfeart wie. Nei rom sechstich jier trouwe tsjinst wie dy brêge yn 2014 oan ferfanging ta. Troch de Provinsje Fryslân en de Gemeente Frjentsjerteradiel waard dêrom in konsortium fan trije boubedriuwen oanlutsen om 'e bou fan in nije brêge te berêden. De fernijing fan 'e Stasjonsbrêge makke ûnderdiel út fan it bredere projekt Waadpoarte (Waddenpoort), dat ek de oanlis fan 'e Easterpoartsbrêge en de fernijing fan Saakstra's Brêge omfieme en dat 20 miljoen kostje mocht.

De Stasjonsbrêge sjoen fan 'e Suderkade ôf.

De bedriuwen dy't de nije Stasjonsbrêge bouden, wiene Reimert Bouw en Infrastructuur út Almeare, oannimmersbedriuw K. Dekker út Krabbendam en BSB Staalbouw út Burgum. Hja wurken nei in ûntwerp fan Boorsma Consultants út Drachten. It tariedend wurk sette yn april 2015 útein en fan maaie fan dat jier ôf koe der gjin ferkear mear oer de âlde brêge. Wol waard der in tydlike fuotgongersbrêge en fytsersbrêge oanlein. Motorisearre ferkear moast omride. Yn jannewaris 2016 begûn de sloop fan 'e âlde brêge en op 'e moarn fan freed 28 oktober 2016 koe de nije Stasjonsbrêge feestlik iepene wurde troch deputearre Sietske Poepjes, wethâlder Joop Bekkema en learlingen fan 'e Frjentsjerter basisskoallen Toermalijn, De Kabas en De Opslach. Ein desimber 2016 wie al it wurk oan en by de nije Stasjonsbrêge klear.

De nije Stasjonsbrêge is makke om in libbensdoer fan hûndert jier te hawwen. It bewegingswurk fan 'e brêge is húsfêste yn 'e kelderromte en bestiet út in elektromeganysk apparaat dat gebrûk makket fan fjouwer panamatsjillen. De lûktriuwstangen befine har tusken de panamatsjillen yn, en binne útfierd as hydraulyske buffers. By bewegen fan 'e brêge hâlde en drage dy buffers har stiif en yn 'e sletten stân fan 'e brêge foarmje se in fear. De nije Stasjonsbrêge docht der likernôch in minút oer om iepen of ticht te gean. It gewicht fan 'e fal bedraacht sirka 80 ton en de balâns weaget goed 220 ton. Foar it útfieren fan ûnderhâld is tusken de hameistilen en it fal in fêstsetynrjochting ûntwurpen. De grutte stielen ûnderdielen binne oer it wetter oanfierd en mei in swiere driuwende bok teplak hyst.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: