August van Lierde

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
August van Lierde
Olympic Rings black.svg sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme August van Lierde
nasjonaliteit Flag of Belgium (civil).svg Belgysk
bertedatum 10 desimber 1890
berteplak Ninove (Flaanderen)
stjerdatum 27 jannewaris 1958
stjerplak Ninove (Flaanderen)
etnisiteit Flag of Flanders.svg Flaamsk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút 1916
karriêre-ein 1922
wichtige prestaasjes
Gold medal icon.svg PC: 2× earste priis + 1× kening
Silver medal icon.svg PC: 1× trêde priis

August van Lierde (Ninove, 10 desimber 1890 – dêre, 27 jannewaris 1958) wie in Belgysk keatser fan Flaamsk komôf, dy't yn 'e iere tweintichste iuw twa kear de PC wûn.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Lierde waard yn 1890 berne yn Ninove, in stêd yn 'e Flaamske provinsje East-Flaanderen. Under de Earste Wrâldoarloch (1914-1918) wied er soldaat yn it Belgyske leger, doe't er foar de Dútske opmars flechtsje moast. Hy wiek út nei Nederlân, dat ûnder de Earste Wrâldoarloch neutraal wie en militêren fan alle stridende partijen dy't oer de grins kamen, ynternearre (d.w.s. finzen sette). It wie lykwols gjin kriichsfinzenskip, mar in hoflike beheining fan frije beweging. Van Lierde waard ynternearre yn Hurderwyk, yn Gelderlân, mar it stie him frij om hjir en dêr hinne te reizgjen om mei te dwaan oan wedstriden yn it keatsen, in sport dy't er yn in oare foarm yn syn heitelân ek beoefene hie.

Yn 1916 die Van Lierde mei oan 'e PC, mei in partoer dat fierders bestie út Rinse Brink fan Easterlittens en Ids Roukema fan Harns. Hja wûnen, en Brink waard útroppen ta kening. It jiers dêrop, 1917, wûn Van Lierde de PC op 'e nij, diskear mei in partoer dat hielendal út ynternearre Belgen bestie, mei Émile Hoyois en Georges Herphelin. Dat wie de iennichste kear dat in bûtenlânsk partoer de PC wûn.

Yn 1918 wûn Van Lierde in bysûndere keatspartij yn Amsterdam, dêr't fjouwer partoeren op 'e list stiene. Neitiid berikte er yn 1920 nochris it twadde plak op 'e PC, doe't hy en syn maten it yn 'e finale ôflizze moasten tsjin Taede Zijlstra, Ids Roukema en Ids Jousma. Van Lierde gie troch mei keatsen yn Fryslân oant 1922, fier nei ôfrin fan 'e oarloch. Hy garre yn totaal 89 punten op foar it Ivich Keatsklassemint en waard fjouwer kear kening. Yn 1958 kaam er yn 'e âlderdom fan 67 jier yn syn berteplak Ninove te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: