Émile Hoyois
Émile Hoyois | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Émile Hoyois | |
nasjonaliteit | Belgysk | |
bertedatum | 1889 | |
berteplak | Frameries (Walloanje) | |
stjerdatum | ûnbekend | |
stjerplak | ûnbekend | |
etnisiteit | Waalsk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | keatsen | |
debút | 1917 | |
karriêre-ein | 1918 | |
wichtige prestaasjes | ||
PC: 1× earste priis |
Émile Hoyois (Frameries, 1889 – yn Belgje, 19??) wie in Belgysk keatser fan Waalsk komôf, dy't yn 'e iere tweintichste iuw in kear de PC wûn.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoyois waard yn 1889 berne yn Frameries, yn 'e Waalske provinsje Henegouwen. Under de Earste Wrâldoarloch (1914-1918) tsjinne er soldaat yn it Belgyske leger, doe't er foar de Dútske opmars flechtsje moast. Hy wiek út nei Nederlân, dat ûnder de Earste Wrâldoarloch neutraal wie en militêren fan alle stridende partijen dy't oer de grins kamen, ynternearre (d.w.s. finzen sette). It wie lykwols gjin kriichsfinzenskip, mar in hoflike beheining fan frije beweging. Hoyois waard ynternearre yn Hurderwyk, yn Gelderlân, mar it stie him frij om hjir en dêr hinne te reizgjen.
Yn 1917 naam er diel oan 'e PC yn Frjentsjer mei in partoer dat hielendal opmakke wie út ynternearre Belgen. Mei August van Lierde en Georges Herphelin wûn er dat jier dy wichtichste keatspartij fan Fryslân. Dat wie de iennichste kear dat in bûtenlânsk partoer de PC wûn. Van Lierde waard útroppen ta kening. Hoyois gie ek yn 1918 troch mei keatsen, mar hold dêrmei op nei't der yn 1919 in ein oan 'e Earste Wrâldoarloch kommen wie, en syn ynternearring opheft waard, sadat er werom koe nei Belgje. Yn totaal hied er doe 81 punten opgarre foar it Ivich Keatsklassemint. It is ûnbekend wêr't of wannear't er kommen is te ferstjerren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |