Walloanje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Walen)
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Walloanje
Belgje - Walloanje (blau)
Waalske provinsjes

Walloanje (Frânsk: Wallonie) is it súdlike lânsdiel fan Belgje dêr't benammen Frânsk (en in bytsje Dútsk yn de provinsje Luik - de Dútsktalige Mienskip) sprutsen wurdt, wylst de fiertaal yn it noardlike part Flaanderen Nederlânsk is. De offisjele namme is it Waalsk Gewest (Frânsk: Région wallonne) en de ynwenners wurde Walen neamd. De Frânske Mienskip soarget foar taalkundige saken en omklammet ek de Frânsktaligen yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest. Yn Walloanje binne it Waalsk Gewest en de Frânske Mienskip net gearfoege.[1] De haadstêd fan Walloanje is Namen (Namur), de haadstêd van de Frânske Mienskip is Brussel (Bruxelles).

It Waalsk Gewest hat neistenby 3.682.000 ynwenners (2023) [2] op in oerflak fan neistenby 16.901 km².[3]

Walloanje omklammet de provinsjes:

  1. Waalsk-Brabân (Brabant wallon) - haadstêd Waver (Wavre)
  2. Henegouwen (Hainaut) - haadstêd Bergen (Mons)
  3. Luik (Liège/Lüttich) - haadstêd Luik (Liège)
  4. Lúksemboarch (Luxembourg) - haadstêd Aarlen (Arlon)
  5. Namen (Namur) - haadstêd Namen (Namur)

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it easten lizze de Ardinnen, in berchtme.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Yn Flaanderen binne it Flaamsk Gewest en de Flaamske Mienskip gearfoege.
  2. Loop van de bevolking, STATBEL
  3. Bodembezetting volgens het Kadasterregister, STATBEL
 
Belgje
Flagge fan Belgje

Gewesten: Flaamsk Gewest (Flaanderen) - Waalsk Gewest (Walloanje) - Brusselsk Haadstedsk Gewest

Mienskippen: Flaamske Mienskip - Frânske Mienskip - Dútsktalige Mienskip

Provinsjes:

Flaamske provinsjes: Antwerpen - Limburch - East-Flaanderen - West-Flaanderen - Flaamsk-Brabân

Waalske provinsjes: Henegouwen - Luik - Lúksemboarch - Namen - Waalsk-Brabân