Dútske ynfal yn Belgje (1914)

Ut Wikipedy
20 augustus 1914: Belgyske karabiniers marsjearje de Dútske legers yn 'e mjitte

De Dútske ynfal yn Belgje yn de Earste Wrâldkriich wie oarspronklik de útfiering fan it Von Schlieffenplan. Fan dei oant dei ûntjoech it him sa:

Augustus 1914[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de slach by Haelen
  • 2 augustus 1914 - Dútslân jout Belgje in ultimatum mei de eask fan trochgong nei Frankryk. Belgje ynterpretearret syn ivige neutralens as in reden om de trochgong te wegerjen. Dútslân ferklearret Belgje de oarloch.
  • 3 augustus – Dútslân ferklearret de oarloch oan Frankryk. Jûns ferklearet it Grut-Brittanje de oarloch oan Dútslân.
  • 4 augustus 1914 – Dútske legerienheden stekke de Belgyske grins oer. Frankryk en Grut-Brittanje reagearje.
  • 6 augustus – It Dútske leger stjit op de forten om Luik hinne.
  • 15 augustus - Slach yn Dinant: de Kening en Keninginne en de regearing fêstigje harren yn Antwerpen, de kening hat it befel oer it leger.
  • 16 augustus – It lêste fort om Luik hinne jout him oer oan de Dútsers.
  • 17 augustus - Slach fan de sulveren helms, yn Halen: Foar de lêste kear yn Jeropa is der in kavalerysjarzje. De Belgen winne en ferskânzje harren yn Diest.
  • 18 augustus - Kening Albert I ûnthjit it Belgyske leger, nei in massale Dútske oanfal benoarden de Maas, om him werom te lûken yn Antwerpen.
  • 20 augustus - De Dútsers lûke Brussel yn. Der folgje letter swiere gefjochten yn Aalst, Mechelen, Dendermonde en Charleroi. Yn Antwerpen wurdt dei en nacht, mei in soad frijwilligers, wurke as tarieding op in Dútske oanfal: beammen wurde kapt, filla's ôfbrutsen, koartsein: alles wat it sicht behinderje kin wurdt weihelle. Skûlplakken wurde boud op in soad plakken, lân tichtby de forten fan Kapellen oant Kontich wurde ûnder wetter set. Yn de stêd wapperje de Belgyske, Frânske en Ingelske flaggen.
  • Tusken 21 en 24 augustus falle de Naamske forten.
  • 22 augustus - Slach by Charleroi dêr’t ek de Frânsken oan meidogge. Oer it hiele lân wurde kasseidiken útbrutsen om de Dútske bewegings te behinderjen.
  • Op 25 augustus wurde yn Leuven 218 boargers dea dien troch de Dútske troepen. De universiteitsbibleteek giet yn flammen op.
  • 27 augustus - Der komme Britske marinesoldaten oan yn Oostende om yn Antwerpen it Belgyske leger te fersterkjen. It neutrale Nederlân hat deselde posysje ynnaam as Belgje en wegeret de troepen binnen te litten oer de Skelde dy't sa oars yn Antwerpen oan lânje kinne. In nij Dútsk offensyf begjint tsjin Mechelen, mei 20.000 soldaten; letter sil dit oantal ferdûbele wurde. Mechelen wurdt foar it earst bombardearre.
  • 30 augustus - Nei trije dagen fan bombardeminten binne de forten fan Walem, Sint Katelijne Waver en Koningshooikt útskeakele, mar wurde no steunpunten.

Septimber 1914[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2 septimber – Moarns wurdt Antwerpen troch in zeppelin bombardearre; sân bommen falle op huzen dy’t as sikehûs brûkt waarden, 12 minsken wurde ferwûne en der is swiere skea.
  • 5 septimber - Majoar Von Sommerfeld ûnthjit de stêd Dendermonde plat te baarnen, ek it boargerlik sikehûs en de Sint-Alexiusbeginehoftsjerke út de XVIde iuw. Huzen wurde plondere en ynwenners nei Dútslân deportearre. Yn Lebbeke en Sint-Gillis wurde 25 ynwenners dea dien troch it foarbygeande Dútske leger.
  • 29 septimber - Lier wurdt bombardearre, krektas Duffel, Tisselt, Londerzeel en Heist-op-den-Berg. Bij nije gefjochten om Mechelen moatte de Belgen troch de grutte oermacht opjaan en harren weromlûke nei Antwerpen. Op dy weromtocht ferneatigje de ferdigeners de forten fan Walem en Breendonk, dit om te behinderjen dat de Dútsers se tsjin de Belgen brûke sille.

Oktober 1914[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2 oktober - De Dútsers besykje troch te brekken. Fan it balkon op it Keninklik Paleis op de Meir yn Antwerpen stelt Kening Albert de befolking gerêst wylst it geskut te hearren is.
  • 3 oktober - Walem, Sint-Katelijne-Waver en Koningshooikt wurde besketten troch 28 sm-kanonnen dy’t yn Elewijt en Hofstade opsteld stean. In fleantúch struit bryfkes út boppe Antwerpen, dêr’t de befolking yn oproppen wurdt har oer te jaan. De befolking laket hjirom, wylst it Dútske fleantúch besketten wurdt. Yn Lier wurdt fierder fochten.
  • 4 oktober - It front beweecht net. De Belgen binne ferplichte harren te ferskânsen efter de Rupel en de Nete. Brêgen wurde opblaasd. Der binne swiere gefjochten yn Duffel.
  • 6 oktober - Britske marine-ynfanterybrigades en it Belgyske leger hawwe mei súkses de Nete ferdigene. Op 6 oktober moarns moatte se har lykwols weromlûke op de binnenste fortenliny. It gefolch is dat de Dútsers harren kanonnen binnen sjitberik fan Antwerpen sette kinne. Mear as 4000 obussen en 140 seppelinbommen falle op Antwerpen. Generaal de Guise lit oan de befolking witte dat wa’t wol, fuortgean mei. Der begjint in eksodus by de Skelde lâns. Mear as 1 miljoen Belgen geane op de flecht nei it noardliker lizzende neutrale Nederlân. De flechtlingen krije in goed ûnthaal. Oaren lûke oer de kuststrook nei Frankryk of besykje oer Oostende, Grut-Brittanje te berikken.
  • 8 oktober - Om de folsleine ferneatiging fan te stêd foar te kommen, beslisse de Belgyske en Ingelske autoriteiten mei-inoar om de stêd te evakuearjen. Yn de nacht fan de 8ste oktober ferlitte de Kening en de Keninginne Antwerpen.
  • 9 oktober - De grutte foarrieden wurde fuorthelle òf ferneatige. De forten fan Schoten, Brasschaat, Merksem, Kapellen en Lillo wurde opblaasd. Under dekking fan 'e nacht wurdt de lêste Belgyske difyzje út Antwerpen weromlutsen. Sa’n 33 000 Belgyske soldaten dy’t net weromlutsen wurde kinne flechte nei Nederlân en wurde dêr ynternearre.
  • 10 oktober - De Belgen en Britten, dy’t Antwerpen no ferlitten hawwe, bringe de Dútsers in swiere slach ta, wylst dizze lêsten besykje om de Skelde oer te stekken. Dútske ienheden rukke op nei Gent. Yn it noarden driuwe de Belgen de Dútsers werom oant Lokeren. Flakby Gent, yn Melle kinne de Belgen de fijân weromslaan en in Dútske artillerybatterij feroverje. De weromtocht fan it Belgyske leger ferrint sûnder grutte problemen. Alle pantsertreinen en swiere kanonnen wurde rêden.
  • 13 oktober - Britske difyzjes komme oan yn Ieper. It Dútske leger rukt fierder op oer hiel East-Flaanderen.
  • 14 oktober - De Dútsers besette Gent nei de stêd bombardearre te hawwen. De Belgyske weromtocht giet fierder rjochting Westhoek en it Belgyske leger stelt him op efter de Izer.
  • 15 oktober - De Dútsers lûke fierder op oer West-Flaanderen en besette Brugge.
  • 16 oktober - It Dútske leger berikt Damme, Zeebrugge, Knokke en Oostende. It Dútske Fjirde leger stelt him op oan de kust oant de dyk Ieper-Menen. Fan de dyk Menen-Ieper ôf foarmet it Dútske Seisde leger de besettingsmacht. Troch it ûnder wetter setten fan it gebiet oan de Izer rint it front fêst yn Flaanderen.

Rinfuorgekriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't ek yn Frankryk it front stilfoel moat it dúdlik west hawwe dat der sa fier fan it Von Schlieffenplan ôfwykt wie dat Dútslân gjin kâns mear hie dat út te fieren sa't dat optocht wie. Lykwols draaide de kriichsmasine troch en begûn in fjouwer jier duorjende oarloch yn 'e rinfuorgen, fan de Belgyske dunen by Nijpoart en De Panne oant de Frânsk-Switserske grins by Bazel.