Springe nei ynhâld

Klaas Anne Terpstra

Ut Wikipedy
Klaas Anne Terpstra, winner sulveren Van Aisma-telegraaf 2001.

Klaas Anne Terpstra (Ljouwert, 13 july 1971) wie in tige suksesfolle Minnertsgeaster keatser yn de haadklasse fan de KNKB.

Terpstra wûn twa kear sawol de PC as de Bûnspartij, yn 1995 en yn 2000. Yn 2000 waard hy útroppen ta kening fan de PC. Ek oare ferneamde keatspartijen as de Van Aismadagen, de Rengersdei en de Aldehoupartij steane op syn earelist.

Yn 1991 makke hy as 20-jierrige syn debút op it heechste nivo. Syn earste súkses helle hy op 7 septimber fan dat jier, doe't hy tegearre mei Piet Jetze Faber en Erik Seerden foar it earst (ferliezend) finalist wie. Hy soe meiïnoar 130 kear yn de finale stean, dy't hy 70 kear winnend wist ôf te sluten. Hy wûn fierder noch 63 lytse premies sadat syn teller yn it ivich klassemint op 393 kaam te stean. Terpstra begûn as efterynse mar yn 2001 waard syn rol dy fan opslagger. Syn jierren as opslagger wiene de meast súksesfolle. Op snein 19 septimber 2004 sleat Klaas Anne Terpstra syn keatskarriêre ôf op de Aldehoupartij yn Ljouwert. Hy stie op dat stuit 34e yn it ivich keatsklassemint.

Yn 2006 kaam hy tegearre mei Chris en Jacob Wassenaar wer yn aksje as foarminst opslagger yn it ôfdielingspertoer fan Minnertsgea. Hy helle dêrmei twa kear de priis, wêrûnder winst op de Bûnspartij. Syn puntetotaal komt dêrmei op 399.

Klaas Anne Terpstra keatste syn lêste partij op it heechste nivo op 19 septimber 2004. Op dat stuit stie er 34e op de ranglist fan alle tiden.