Springe nei ynhâld

Frans Felkers

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frans F. Felkers)
Frans Felkers
keatser
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1 novimber 1835
berteplak Winsum
stjerdatum 21 jannewaris 1877
stjerplak Winsum
sportive ynfo
sport Keatsen
debút 1855 PC
karriêre-ein 1875
wichtige prestaasjes
3 PC oerwinnings en 4 PC preemjes

Frans Felkers (Winsum, 1 novimber 1835 – dêre, 21 jannewaris 1877) wie de jongste, mar ek meast talentearre keatser, fan in trijetal broers dy’t yn it tredde part fan de 19e iuw ta de meast foaroansteande keatsers yn Fryslân hearden. Mei syn broer Johannes (Frjentsjer, 11 augustus 1822) wûn hy yn 1856 foar it earst de PC. In jier letter stie hy mei syn bruorren Johannes en Pieter yn de finale fan de PC tsjinoer de bruorren Boorsma fan Tsjummearum. In partij dy’t neffens it Franeker Nieuws en Advertentieblad fan 6 augustus 1857 “ten aanschouwe van duizenden belangstellenden” pas nei sânen ôfrûn wie. It waard in oerwinning foar de Boorsma’s. Yn 1863 stiet hy yn de finale fan de PC tsjinoer syn beide bruorren en disse kear gie er mei de krânse nei hûs. Hy wûn de priis nochris yn 1864 en de preemje yn 1867, 1868 en 1870. Frans Felkers keatste 14 kear op de PC en behelle dêr mei-inoar 17 punten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 'Theo Kuipers. "Werom’t Frans Felkers net keatste op de PC fan 1865.”. De Keatsfreon, 2005. Side 6 - 9.