Springe nei ynhâld

PC 2011

Ut Wikipedy
PC 2011
158e edysje
De kommisje komt it fjild op
De kommisje komt it fjild op
Algemien
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Frjentsjerteradiel
plak Frjentsjer
fjildSjûkelân
org. trochPermaninte Kommisje
   fan de Frjentsjerter
   Balferkeatsersdei
Data
Datum3 augustus 2011
FinalePartoer 8 van der Bos,
Partoer 15 Olijnsma
WinnersGert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Daniël Iseger
KeningDaniël Iseger
Navigaasje
foarrige edysjePC 2010
folgjende edysjePC 2012
offisjele webside
pc-franeker.nl
Temaside  Fryske sport

De PC fan 2011 waard op woansdei 3 augustus ferkeatst. It wie de 158ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier.

Op moandeitejûn waard der wêr lotte yn de Koarnbeurs. Neist it partoer fan Gert-Anne van der Bos, ek dit jier wer de grutte favoryt, wiene der mar in pear partoeren dy't ek in pear partijen wûn hie. It partoer fan Jan Dirk de Groot hie dêrfan de measte wûn, spitigernôch waarden sy fuort op de earste list keppele oan van der Bos en dy, sadat in mooglike finalepartij fuort yn de earste omloop ferkeatst wurde moast.

Hendrik Kootstra yn aksje

De mooglike finale partij wêr't eltsenien op siet te wachtsjen wie fansels tusken van der Bos en de Groot. Nei in foarsprong fan 3-1 foar De Groot kamen de favoriten yn harren spul en makken it frij maklik út. Fierder wiene der gjin ferrassings al hie it partoer fan Van der Leest hiel wat moaite mei it partoer fan de jongste dielnimmer Pieter Syberen Scharringa.

nû. partoer útslach nû. partoer
1 Marten van der Leest
Herman Sprik
Folkert van der Wei
5-5
6-4
2 Pieter Sybren Scharringa
Gerrit Meijer
Dennis Wijnjeterp
3 Dirk-Yde Sjaarda
Erik Haitsma
Jacob-Klaas Haitsma
0-5
2-6
4 Pieter van Althuis
Gerrit Flisijn
Hans Wassenaar
5 Pieter Bakker
Sjoerd de Jong
Tsjibbe Hansma
5-0
6-0
6 Site Ferwerda
Sip-Jaap Bos
Feiko Broersma
7 Jan Dirk de Groot
Renze Pieter Hiemstra
Pier Piersma
3-5
2-6
8 Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Daniël Iseger
9 Rutmer van der Meer
Karel Nijman
Hendrik Kootstra
5-2
6-0
10 Jan Brandt Wiersma
Pieter Jan Plat
Jouke Bosje
11 Michiel Scheepvaart
Jacob Zaagemans
Jan Sjoerd Tolsma
5-4
6-6
12 Jelte Pieter Dijkstra
Siebe Greidanus
Rudolf Soepboer
13 Hendrik Tolsma
Michel van der Veen
Peter de Boer
5-4
6-0
14 Arnold Zijlstra
René Anema
Thomas van Zuiden
15 Martijn Olijnsma
Hylke Bruinsma
Marten Feenstra
5-1
6-0
16 Gosse Beeksma
Hendrik Jan van der Velde
Frederik van der Meij

Op de twadde list wie der wol in ferrassing. It partoer fan Marten van der Leest hie de opslagger ynruile foar Jan Dirk de Groot. Van der Leest koe net fierder keatse fanwege in blessuere. Letter dy bliken dat syn maten him eins oan de kant set hiene om't se fûnen dat der net fit genôch wie. Sy wûnen harren partij in de twadde omloop al fan Van Althuis. It partoer fan Van der Bos hie hiel wat te stellen mei it partoer fan Pieter Bakker. De ûnderdog hie de sympathy fan it publyk en troch dat de favoriten net by de les wiene rûnen hja achter de feiten oan. Nei in efterstân fan in spul (4-2) waard it dochs van der Bos dy troch geane. Rutmer van der Meer spile tsjin it partoer fan Michiel Scheepvaart. Dizze partij gie aardich lykop. Healwei de partij rûn Jacob Zaagemans tsjin Karel Nijman op doe't hy in bal yn it tuskenspul besocht te kearen. Karel Nijman rekke dêrtroch sa blessearre oan de ribben dat hy nei twa blessuerebehânnelings foar de tredde kear fan it fjild ôf moast. Hy waard ferfongen troch Pier Piersma, mar it partoer fan Rutmer van der Meer ferlern dochs frij flot. Dit betsjutte de lêste aksjes fan Rutmer op de PC om't hy nei dat jier stopje soe mei it topkeatsen.

nû. partoer útslach nû. partoer
1 Marten van der Leest
Herman Sprik
Folkert van der Wei
5-2
6-0
4 Pieter van Althuis
Gerrit Flisijn
Hans Wassenaar
5 Pieter Bakker
Sjoerd de Jong
Tsjibbe Hansma
4-5
4-6
8 Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Daniël Iseger
9 Rutmer van der Meer
Karel Nijman
Hendrik Kootstra
4-5
6-6
11 Michiel Scheepvaart
Jacob Zaagemans
Jan Sjoerd Tolsma
13 Hendrik Tolsma
Michel van der Veen
Peter de Boer
2-5
2-6
15 Martijn Olijnsma
Hylke Bruinsma
Marten Feenstra

Yn de heale finale hie it partoer fan Van der Bos hielendal gjin moaite mei it partoer fan De Groot, dit kear dus mei Sprik en van der Wei. De oare partij wie hiel wat spannender. It partoer van Michiel Scheepvaart makke it it partoer fan Olijnsma hiel dreech. Benammen Jacob Zaagemans stie yn it perk hiel best út te slaan. Mar op it lêst wiene it dochs it trio Olijnsma dy't de partij wûnen.

nû. partoer útslach nû. partoer
1 Marten van der Leest
Herman Sprik
Folkert van der Wei
0-5
2-6
8 Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Daniël Iseger
11 Michiel Scheepvaart
Jacob Zaagemans
Jan Sjoerd Tolsma
4-5
4-6
15 Martijn Olijnsma
Hylke Bruinsma
Marten Feenstra

It publyk ferwachte in net al te bot spannende finale, en dat kaam ek út. It partoer van der Bos sette goed útein mei in pear bêste boppeslaggen fan Taeke Triemstra en in pear prippers fan Van der Bos. Olijnsma en syn maten setten hjir hast neat tsjinoer, benammen oan de opslach wie it neat wurdich. Olijnsma makke in protte flaters en foaral Marten Feenstra stie hiel min te keatsen. Hylke Bruinsma naam de foarminst opslach sels fan Feenstra oer en ruile ek mei Feenstra yn it perk. It wie ek oan in pear goeie aksjes op en út fan Bruinsma te tankjen dat sy noch ien earst pakten. De favoriten makken eins gjin flaters en makken de partij dan ek yn koarte tiid út.

nû. partoer útslach nû. partoer
8 Gert-Anne van der Bos
Taeke Triemstra
Daniël Iseger
5-1
6-4
15 Martijn Olijnsma
Hylke Bruinsma
Marten Feenstra

Gert-Anne van der Bos hie kâns om foar de tredde kear achterinoar kening te wurden, mar dit kear wie it Daniël Iseger dy't lykas yn 2004 kening waard.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Keninklike PC
    1850 · 1851 · 1852 · 1853 · 1854 · 1855 · 1856 · 1857 · 1858 · 1859 · 1860 · 1861 · 1862 · 1863 · 1864 · 1865 · 1866 · 1867 · 1968 · 1869 · 1870 · 1871 · 1872 · 1873 · 1874 · 1875 · 1876 · 1877 · 1878 · 1879 · 1880 · 1881 · 1882 · 1883 · 1884 · 1885 · 1886 · 1887 · 1888 · 1889 · 1890 · 1891 · 1892 · 1893 · 1894 · 1895 · 1896 · 1897 · 1898 · 1899 · 1900 · 1901 · 1902 · 1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1915 · 1916 · 1917 · 1918 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1940 · 1941 · 1942 · 1943 · 1944 · 1945 · 1946 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025
    · · Berjocht bewurkje