Springe nei ynhâld

Daniël Iseger

Ut Wikipedy
Daniël Iseger
keatser
Daniël Iseger op de PC 2012
Daniël Iseger op de PC 2012
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum30 juny 1980
berteplakHuzum
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sportKeatsen
PC2004,
2009,
2010,
2011,
2014,
2015
debút1998
karriêre-ein2018
ekstra3× PC kening (2004, 2010, 2014)
Daniël Iseger op de PC fan 2011

Daniël Iseger (Huzum, 30 juny 1980) is in earder Fryske keatser dy't hikke en tein is op de Tynkedyk yn Ljouwert. Wie kening op de PC fan 2004, 2011 en 2014.

Hy keatste by de skoaljonges yn 1993 en 1994 meast yn de B-klasse en wûn dêryn meardere prizen. Letter sile er yn de jongeskategory; doe't er nei de MTS gie by it troch-elkoar-lotsjen útnûgingspartijen en frije formaasjewedstriden wûn er ek prizen. Keatste foar ‘Ondeling Genoegen’ út Huzum.

As cv-monteur spile er yn de earste klasse en waard op de PC fan 2000 tredde. Op de PC fan 2004, op 151e PC, wûn er mei Johan Abma en Pieter Scharringa op it ‘Sjûkelân’ as achterynse Iseger de keningsbal. Mei Huzum waard er dat jier twadde op it Nederlânsk Kampioenskip. Yn 2007 waard er mei keatsferiening ‘LKC Sonnenborgh’ út Ljouwert wer twadde. Op 1 juny 2009 wûn er foar keatsferiening ‘Goutum e.o.’ op it NK yn Frjentsjer de earste priis en ek op de PC wûn hy mei Gert-Anne van der Bos (kening) en Folkert van der Wei de earste priis. Boppedat wûn er dat jier it punteklassement. Neidat Daniël yn 2010 it Nederlânsk Kampioenskip wûn, wûn er ek de PC yn in 'modderballet'. Yn 2011 en 2014 wûn er nochris de PC en ek de keningstitel. Syn sechste PC-winst pakte er yn 2015. By syn ôfskied fan de PC yn 2016 waard er yn de earste omloop útskeakele.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: