Springe nei ynhâld

Rutmer van der Meer

Ut Wikipedy
Rutmer van der Meer
keatser
Rutmer op de PC fan 2008
Rutmer op de PC fan 2008
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum7 febrewaris 1980
berteplakLima, Perû
etnisiteitPerûviaansk
sportive ynfo
sportKeatsen
funksjeopslagger
PC1998 - 1999 - 2000 - 2002 - 2003 - 2004 - 2005 - 2006 - 2007 - 2008 - 2009 - 2010 - 2011
karriêre-ein2011
ekstra2de op de Freule 1996

Rutmer van der Meer (Lima, Perû, 7 febrewaris 1980) is in keatser dy't opgroeide yn Wergea. Hy wie sûnt 1999 opslagger yn de haadklasse fan de KNKB. Syn grutste suksessen wiene de winst op de PC's fan 2001 en 2005. Yn 1996 wûn Rutmer foar KV 't Oosten út Wergea de twadde priis op de Freule. De finale gie tsjin Minnertsgea ferlern mei alles oan 'e hang.

Hy formearre yn 2005 mei Chris en Jacob Wassenaar. Hoewol't Rutmer van der Meer de opslagger fan it partoer is, nimt hy yn dy formaasje faak de foarminst opslach foar syn rekken. Syn suksesfolste jier as klassemintskeatser is 2007, hy wie doe de winner fan it klassemint.