Springe nei ynhâld

Dirk van der Zee

Ut Wikipedy
Dirk van der Zee
keatser
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDirk van der Zee
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum2 juny 1937
berteplakLjouwert
stjerdatum10 oktober 2020
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
PC1960
debút1958
karriêre-ein1972
ekstraKlaverke Fjouwer
Freule 1953
Bûnspartij 1959
Jong Nederlân 1956
PC 1960
wichtige prestaasjes
Goud grut goud Freule 1953
Goud grut goud Jong Nederlân 1956
Goud grut goud 3x de Bond 1959, 1963, 1967

Dirk van der Zee (Ljouwert, 2 juny 1937 - dêre, 10 oktober 2020) wie in keatser foar LKC.

Hy begûn by buertkeatsferiening ‘Het Noorden’. Wûn yn 1953 de Freulepartij mei Tinus Dijkhuis en Wim Hulscher. Mei deselde maten wûn er yn 1956 ek de Jong Nederland. Ein 1958 begûn er as achterynse yn de earste klasse. Spile in pear jier ôfdielingswedstriden foar Baard yn Baard. Dirk van der Zee de fjouwer klassikers, bedoeld foar it Klaverke Fjouwer. Wûn de Bûnswedstryd yn 1959 en 1963 foar LKC en in 1967 nochris, no foar de keatsferiening “Baerd” te Baard. Yn 1960 folge de PC mei de maten Jan Sijtsma en Johannes Zijlstra. Keatste úteinlik mar 7 seizoenen troch in stikkene skouder. Yn 1964 spile Van der Zee mei de Bûnswedstryd syn lêste wedstryd. Helle tusken 1958-1964 134 punten foar it Ivich keatsklassemint mei 21 earste, 24 twadde en 23 tredde of fjirde prizen.

Waard ein 2007 earelid fan de Ljouwerter Keatsklup LKC Sonnenborgh. Van der Zee wie dêr ponghâlder en die noch oar frijwilligerswurk.

Dirk van der Zee ferstoar op 10 oktober 2020, yn 'e âldens fan 83 jier.

  • 1953 - Freule 1e Priis
  • 1956 - Jong Nederlân 1e Priis
  • 1959 - De Bond 1e Priis
  • 1960 - PC 1e Priis
  • 1961 - De Bond 2e Priis
  • 1961 - PC 2e Priis
  • 1963 - De Bond 1e Priis
  • 1963 - PC 3e Priis
  • 1965 - De Bond 8e Priis
  • 1967 - De Bond 1e Priis
  • 1972 - De Bond 2e Priis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: