Springe nei ynhâld

Klaverke Fjouwer

Ut Wikipedy

Klaverke Fjouwer is in priis foar dy keatsers dy't de fjouwer wichtichste keatspartijen wûn hawwe: De Freulepartij, de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij foar Senioaren en de PC. De priis is ynsteld troch de PC.

Oant no ta binne der mar trettjin keatsers dy't der yn slagge binne dizze fjouwer partijen op har namme te bringen. Foar har nammen stiet it jiertal wêryn de fjirde fan de neamde partijen wûn is:

Jier Namme Freule Jong
Nederlân
de Bond PC
1920Ids Jousma1916191819201920
1923Taede Zijlstra1917191719231920
1928Klaas Wiebrens Kooistra1919192019211928
1947Frans Helfrich1936193819471942
1960Dirk van der Zee1953195619591960
1974André Roosenburg1968197319741972
1976Johannes Westra1960196419761968
1989Joop Bierma1978198219821989
1991Erik Seerden1987199119911991
2002Jacob Wassenaar1996200020012002
2003Cornelis Terpstra1997200020032002
2004Auke van der Graaf1994199620041998
2017Hans Wassenaar2007200920172016

Ids Jousma en Erik Seerden binne fan dizze 13 dejingen dy't it Klaverke Fjouwer it hurdst yn harren besit hienen. Fjouwer jier nei it winnen fan de Freule wûnen hja de Bûnspartij en de PC. Ids Jousma hie ûnderwilens de Jong Nederlânpartij wûn, Seerden wûn dy yn itselde jier as de oare twa.

It ekwivalint fan it Klaverke Fjouwer foar froulju is de Fjouwer Wimpels.