Springe nei ynhâld

Jan Klazes Boorsma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jan K. Boorsma)
Jan Klazes Boorsma
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Klazes Boorsma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 7 maart 1828
berteplak Tsjummearum (Fryslân)
stjerdatum ûnbekend
stjerplak ûnbekend
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút <1854
karriêre-ein 1867
wichtige prestaasjes
PC: 2× earste priis
PC: 3× trêde priis

Jan Klazes Boorsma (Tsjummearum, 7 maart 1828 – ?, 18??) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw twa kear de PC wûn.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boorsma waard yn 1828 berne yn Tsjummearum, yn 'e doetiidske gritenij Barradiel. Hy moat al foar 1854 úteinset wêze mei in karriêre yn it keatsen, mar út dy tiid is gjin ynformaasje oerlevere. Yn elts gefal wûn er yn 1855 de PC yn Frjentsjer mei in partoer dat fierders bestie út syn bruorren Willem Klazes Boorsma en Evert Klazes Boorsma.

Yn 1857 hie de PC in unike finale, wêryn't twa partoeren fan elts trije bruorren it tsjininoar opnamen. Soks is neitiid nea wer foarkommen. De bruorren Boorsma fersloegen de winners fan it foargeande jier, 1856, te witten: Johannes Frearks Felkers, Pieter Frearks Felkers en Frans Frearks Felkers. De bruorren Boorsma wûnen sulverne tabaksdoazen, en de bruorren Felkers sulverne leppels.

Neitiid behelle Jan Klazes Boorsma noch trije kear it twadde plak op 'e PC, yn 1860, 1861 en 1863. Dêrmei garre er yn totaal 12 punten op foar it Ivich Keatsklassemint foar't er yn 1867 ophold mei keatsen. Wannear't of wêr't Boorsma stoarn is, is net bekend.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: