Finn (Star Wars)

Ut Wikipedy
Finn
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt militêr
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Rey
Poe Dameron
BB-8
Chewbacca
Rose Tico
Jannah
geastlike heit Lawrence Kasdan
J.J. Abrams
Michael Arndt
ûntstean 2015

Finn (earder FN-2187) is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy is ien fan 'e protagonisten út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. Hy waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. De negroïde Finn is oarspronklik in stoarmtroeper fan 'e Earste Oarder. Ut wjersin tsjin 'e oarlochsmisdieden dy't de stoarmtroepers begeane, desertearret er, wêrnei't er belutsen rekket by it Ferset. It personaazje fan Finn waard yn alle trije films fertolke troch de Ingelske akteur John Boyega, foar wa't it in trochbraakrol wie.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Force Awakens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt Finn yntrodusearre as stoarmtroeper FN-2187 fan 'e Earste Oarder. Dat is in ekstremistyske organisaasje en separatistysk steatsferbân gearklofte út 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk. FN-2187 is as lyts jonkje troch slavehellers stellen fan syn âldelju en trochferkocht oan 'e Earste Oarder, dy't in net te sêdzjen ferlet fan nije soldaten hat. Hy tsjinnet ûnder de ûnmeilydsume kaptein Phasma en is salang't er wit traind om in effektyf, trou en genedeleas militêr te wêzen.

Nettsjinsteande dat kin FN-2187 it net goedkrije as syn ienheid de Sith-ridder Kylo Ren ûnderstypje moat by in oerfal op in freedsume delsetting op 'e woastynplaneet Jakku, en dêre oardere wurdt om alle doarpelingen ôf te slachtsjen. Wylst de oare stoarmtroepers in bloedbad oanrjochtsje, komt FN-2187 yn gewisseneed en lost gjin skot. Dêrfoar wurdt er neitiid, as se wer oan board binne fan it stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder dat yn in baan om 'e planeet rûntsjedraait, bestraft troch kaptein Phasma. Dyselde oarderet him ek om himsels op te jaan foar werkondisjonearring. Ynstee beslút FN-2187 te desertearjen. Dêrfoar hat er lykwols ferlet fan in piloat.

Sadwaande befrijt FN-2187 de troch Kylo Ren yn it útmoarde doarp finzen nommen Poe Dameron, in piloat fan it Ferset tsjin 'e Earste Oarder, dy't him de namme 'Finn' jout op basis fan 'e letter FN út syn stoarmtroeperoantsjutting. Se stelle in TIE-jager en naaie tegearre út, mar harren tastel rekket skansearre as se mei grou geskut besketten wurde, dat se moatte in needlâning yn 'e woastyn fan Jakku meitsje. Finn, dy't út 'e TIE-jager slingere wurdt, mient dat Dameron omkomt as it tastel yn driuwsân weisakket en ûnder de grûn ûntploft. Hy ûntdocht him fan syn wite stoarmtroeperwapenris en klaait him yn in jas fan Dameron, wêrnei't er in paad troch de woastyn siket om úteinlik út te kommen by de Foarpost Niima.

Dêre komt Finn de jonge rommelsykster Rey en Dameron syn bolfoarmige robot BB-8 tsjin, dy't Dameron foar syn finzenname fuortstjoerd hie mei ynformaasje fan krúsjaal belang foar it Ferset. De robot ken syn jas werom as Dameron sines, en Finn leit út dat Dameron dea is. Hy hâldt út dat er sels in lid fan it Ferset is. Mei't er de wyt-mei-oranje robot weromken út 'e ferhalen fan Dameron, beseft er dat BB-8 ynformaasje fan ûnskatbere wearde by him draacht. Hy biedt oan om 'e robot werom te bringen nei it Ferset, benammen om't er sels in manear siket om fan 'e planeet ôf te kommen. As de Foarpost Niima út 'e loft wei besketten wurdt troch in twatal TIE-jagers dy't Finn syn oanwêzigens dêr fêststeld hawwe, stelle hy, Rey en BB-8 in âld romteskip fan it pleatslike ûnderwrâldfiguer Unkar Plutt. Dat skip blykt de Millennium Falcon te wêzen, it legindaryske romteskip fan smokkelder en held fan it âlde Rebelleferbûn Han Solo.

Rey is in earsten piloat en wit mei Finn as boardskutter nei in spektakulêre efterfolging mei de TIE-jagers ôf te weven. Dêrnei ferlitte se de planeet Jakku om BB-8 werom te bringen by it Ferset, dat in basis hat op 'e planeet D'Qar, yn it planetestelsel Ileenium. Se hawwe Jakku lykwols noch mar kwealk efter har litten as de Millennium Falcon útskeakele en opslokt wurdt troch in grutter romteskip. Rey en Finn freezje dat it de Earste Oarder is, mar it blike Han Solo en syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca, te wêzen. De Millennium Falcon is fan harren stellen om dêrnei troch ferskate hannen te gean en úteinlik by Unkar Plutt te bedarjen. Solo is fan doel om Rey, Finn en BB-8 yn in rêdingskapsule fan board te setten, mar dat komt der net fan as syn frachtskip binnenkrongen wurdt troch twa ûnderskate groepen kriminelen dy't er jild skuldich is. Nei in konfrontaasje naaie Solo, Chewbacca, Rey, Finn en BB-8 út yn 'e Millennium Falcon.

Solo nimt Rey, Finn en BB-8 mei nei de planeet Takodana, dêr't er harren yn 'e kunde bringt mei Maz Kanata, in mear as tûzen jier âlde, bûtenierdske útbaatster fan in kroech yn 'e ruïne fan in âld kastiel. Hja hat konneksjes mei it Ferset en biedt oan om BB-8 te helpen en kear werom nei de fersetsbasis op D'Qar. Nei't Solo him ynflústere hat dat froulju altyd efter de wierheid komme, bychtet Finn oan Rey op dat er gjin fersetsman is, mar inkeld in deserteur. Holpen troch Maz Kanata makket er plannen om op it skip fan guon besikers fan 'e kroech nei de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel te reizgjen om dêr wei te wurden. Hy stiet op it punt om fuort, mar betinkt him op it lêste momint. Fan Maz kriget er de ljochtsabel tastoppe dy't fan Jedi-master Luke Skywalker west hat, en noch earder fan Luke syn heit Anakin Skywalker, om it wapen troch te jaan oan Rey wannear't sy dêr klear foar is.

Kylo Ren arrivearret mei syn stoarmtroepers op Takodana, mei't de oankomst fan 'e Millennium Falcon dêre oan harren rapportearre is troch in spion, Bazine Netal, dy't as klant yn 'e kroech fan Maz Kanata tahâldt. De TIE-jagers fan 'e Earste Oarder meitsje de kastielruïne frijwol mei de grûn lyk, en nei in fjoergefjocht mei de stoarmtroepers moatte Solo, Chewbacca, Finn en BB-8 harren oerjaan. Underwilens hat Kylo yn it wâld Rey opspoard en oermastere. Poe Dameron, dy't by de needlâning op Jakku dochs net omkommen wie, liedt in oanfal fan X-wjukjagers fan it Ferset, dêr't de stoarmtroepers troch op 'e flecht jage wurde. Finn en syn maten witte frij te kommen, mar de bewusteleaze Rey wurdt troch Kylo yn syn romtefear ûntfierd, ta grutte argewaasje fan Finn, dy't it barren sjocht, mar net tsjinhâlde kin.

Finn reizget mei de oaren nei de fersetsbasis op D'Qar, dêr't er de lieders fan it Ferset helpt by it plannen fan in militêre operaasje om it nije massaferneatigingswapen fan 'e Earste Oarder út te skeakeljen. Dat is de Stjerredeaderbasis, in planeet mei in ûndergrûnske basis foar de betsjinning fan sa'n ûnbidich grut superlaserkanon dat der hiele planetestelsels mei ferneatige wurde kinne. Finn, dy't as stoarmtroeper yn 'e Stjerredeaderbasis tsjinne hat, wiist de fersetslieders derop dat de termale ossilator it swakste punt fan 'e basis is. As se dy witte op te blazen, sil der in keatlingreäksje begjinne dy't de hiele planeet ferdylget. It probleem is allinnich dat de Stjerredeaderbasis omjûn wurdt troch in enerzjyskyld, sadat er foar de fersetslju ûnberikber is. Finn oppenearret dat er wit hoe't er it skyld útskeakelje moat, mar dêrfoar moat er der earst trochhinne sjen te kommen. Han Solo seit dat er dêr wol in foefke foar hat, mar wol dêr fierder net oer útwreidzje. Generaal Leia Organa, admiraal Gial Ackbar en de oare lieders fan it Ferset beslute om Finn der mei Solo yn 'e Millennium Falcon op út te stjoeren om it enerzjyskyld út te setten, wêrnei't Dameron en de oare piloaten fan it Ferset de termale ossilator bombardearje sille.

Solo syn 'foefke' blykt te wêzen dat it enerzjyskyld fan 'e Stjerredeaderbasis inkeld foarwerpen tsjinkeart dy't har fuortbewege mei in legere faasje as dy fan it ljocht. Hy brûkt dus flugger-as-ljochtreizgjen om troch it skyld te kommen, wêrby't er de Millennium Falcon op in hier nei tsjin it oerflak fan 'e Stjerredeaderbasis oan pankoeket. Hy, Chewbacca en Finn oerlibje it nauwerneed, mar witte harren skip oan 'e grûn te setten. Se ynfiltrearje de eigentlike basis, dy't yn it binnenste fan 'e planeet boud is. Dêr docht bliken dat Finn liigd hat: hy wit net hoe't er it skyld útsette moat en hat inkeld sein fan al om't er Rey rêde woe. De finingrike Rey is lykwols ûnderwilens ûntsnapt en jout har al rillegau by harren. Neitiid binne Finn, Rey en Chewbacca tsjûge fan 'e moard troch Kylo Ren op Han Solo, dy't syn eigen heit is.

As in breinroere Chewbacca op 'e dea fan syn freon reägearret troch in diel fan 'e Stjerredeaderbasis op te blazen mei earder oanbrochte eksplosiven, ûntkomme Rey en Finn mar nauwerneed nei it planeetoerflak ta. Underweis werom nei de Millennium Falcon wurde Finn en Rey op it planeetoerflak yn in wintersk nullewâld opwachte troch de ferwûne Kylo Ren. Finn besiket him te befjochtsjen mei de ljochtsabel fan Luke Skywalker, mar Kylo slacht him bewusteleas. Nei't Rey Kylo ferslein hat, rêdt Chewbacca har en de noch altyd bewusteleaze Finn, en mei-inoar ûntsnappe se yn 'e Millennium Falcon fan 'e Stjerredeaderbasis. Neitiid betteret Finn op 'e fersetsbasis op D'Qar op fan syn ferwûnings.

Yn The Last Jedi[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) ûntflechtet Finn mei de rest fan it Ferset de basis op D'Qar, wêrfan't de lokaasje by de Earste Oarder bekend wurden is. De fersetsfloat ûntsnapt nei de hyperromte en waant him feilich, mar de Earste Oarder hat in apparaat ûntwikkele wêrmei't skippen sels troch de hyperromte hinne folge wurde kinne. In heale minút nei't de Fersetsfloat op in hiel oar plak de reële romte wer ynkomt, arrivearret dêr ek de float fan 'e Earste Oarder. Nei in oanfal fan TIE-jagers fan 'e Earste Oarder op 'e Fersetsfloat, wêrby't hast de hiele lieding fan it Ferset omkomt, nimt fise-admiraal Amilyn Holdo it befel oer de fersetsfloat oer. It is foar eltsenien dúdlik dat it gjin sin hat om nochris te besykjen en ûntkom fia de hyperromte, om't it Ferset noch mar brânstof hat foar ien hyperromtesprong, en de float fan 'e Earste Oarder gewoan folgje soe. De lytse romteskippen fan it Ferset binne flugger as de logge stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, en kinne dêrom krekt bûten berik fan 'e grutte plofferkanonnen bliuwe. Der ûntstiet in efterfolging minder-as-ljochtfaasje, dy't lykwols net mear as in pear dagen duorje kin foar't it Ferset troch syn branje hinne is.

Finn beslút dat it tiid is om út te piken, dat hy pakt syn spul en glûpt nei de rêdingskapsules. Krekt as er ynstappe wol yn ien dêrfan, wurdt er trappearre troch de monteur Rose Tico, dy't noch yn rou is oer it sneuveljen fan har âldere suster Paige yn 'e lêste konfrontaasje fan it Ferset mei de Earste Oarder by D'Qar. No is se by de rêdingskapsules op wacht set om deserteurs tsjin te kearen. Finn besiket har te mislieden oer syn bedoelings, mar Rose lit har net bedrage en skeakelet him út mei in stroomstjitwapen.

Nei dy minder as gâns ûnthjittende moeting reitsje Finn en Rose oan 'e praat en betinke se in plan om 'e Fersetsfloat te rêden. It apparaat wêrmei't de Earste Oarder it Ferset troch de hyperromte folget, is mar op ien fan 'e stjerreslachskippen oanwêzich. Finn wit wêr't it is, en Rose kin it útsette. Wat se misse is in koadebrekker om harren tagong te ferskaffen ta de romte mei it apparaat. In holografysk petear mei fersetssympatisante en horekaûndernimster Maz Kanata ferwiist harren datoangeande nei in gokker yn it kasinoresort Canto Bight, dy't in reade blom op it revêr fan syn kolbêrjaske draacht. Mei help fan kaptein Poe Dameron en luitenant Kaydel Ko Connix pike Finn en Rose mei Dameron syn robot BB-8 út by de float wei en sette troch de hyperromte koers nei Canto Bight.

Dêre oankommen, sette se harren romtefear op in iepenbier strân del, wat blykber slim tsjin 'e pleatslike regeljouwing yngiet. Se sykje alle kasino's ôf nei de koadebrekker mei de reade blom, mar krekt as se him einlings sjogge, wurde Finn en Rose troch de plysje mei stroomstjitwapens oermastere en foar foutparkearjen ôffierd nei it pleatslike tichthûs. Dêr wurde se yn ien sel set mei de hacker DJ, dy't oanbiedt harren koadebrekker te wêzen. Finn en Rose stegerje syn oanbod ôf, mar binne likegoed ûnder de yndruk as DJ himsels (en harren) muoiteleas út 'e sel lit. Se geane ferskillende kanten út, en DJ komt BB-8 tsjin, dy't op eigen manneboet in befrijingsaksje foar Finn en Rose op tou set hie. Finn en Rose besykje werom te gean nei it kasino, mar krije al rillegau de plysje wer efter harren oan. Mei de help fan in keppel fathiers, semy-yntelliginte racedieren dy't troch harren eigners mishannele wurde, en de minskebern dy't de bisten fersoargje, witte se te ûntkommen nei it strân. Harren romtefear wurdt troch de plysje oan grôt sketten, en fierderop reitsje se ynsletten oan 'e top fan in heech klif. Se wurde rêden troch DJ en BB-8, dy't ûnderwilens tegearre in romteskip stellen hawwe.

Mei-inoar reizgje se werom nei de Fersetfloat, dy't noch altyd efterfolge wurdt troch de float fan 'e Earste Oarder. Finn, Rose, BB-8 en DJ witte tanksij de hackerskwaliteiten fan DJ ûngemurken oan board fan it fijannige flaggeskip te kommen. It slagget harren en berik de romte fan it apparaat wêrmei't de Fersetsfloat troch de hyperromte folge wurdt, mar ear't se dat sabotearje kinne, wurde se dêr trappearre troch Finn syn eardere befelfierend ofsier, kaptein Phasma. Dyselde lit de hiele groep yn 'e hechten slaan, útsein BB-8, dy't Finn earder kamûflearre hie troch in swart jiskefet op 'e kop oer him hinne te dwaan. Dêrtroch wurdt de robot net opmurken as in ynfiltrant.

DJ hat Dameron tsjin Finn sizzen heard hat dat de opfarrenden fan 'e Raddus, de lêst oerbleaune kruser fan it Ferset, harren romteskip yn kamûflearre transportskippen ferlitte sille om nei de planeet Crait te flechtsjen, dêr't se deun lâns komme. Hy keapet no syn frijheid troch dy plannen te ferrieden oan generaal Hux, dy't it befel oer de float fan 'e Earste Oarder fierd. Phasma jout opdracht oan har stoarmtroepers om Finn en Rose stânrjochtlik te eksekutearjen. Ear't dat barre kin, raamt fise-admiraal Holdo by in selsmoardaksje de Raddus mei ljochtfaasje yn 'e float fan 'e Earste Oarder, dy't dêrby swier skansearre rekket. It flaggeskip brekt midstwa. Yn 'e gaos wit BB-8 Finn en Rose te befrijen. Tegearre befjochtsje se de stoarmtroepers dy't har deadwaan woene en wurde dyselden oermânsk. Finn ferslacht dêrby kaptein Phasma, foar't hja oer de râne fan in gat yn it swier skansearre skip rûgelet en yn 'e djipte yn 'e flammen fan in brân har lot fynt.

Finn, Rose en BB-8 ûntkomme yn in romtefear nei Crait, dêr't de lêste 400 leden fan it Ferset beskûl fûn hawwe yn in âlde rebellebasis út 'e tiid fan 'e Galaktyske Boargeroarloch, yn it binnenste fan in berch oan 'e útein fan in útstrutsen sâltflakte. It romtefear fan Finn-en-dy makket in needlâning dy't harren krekt op 'e tiid yn 'e basis bringt foar't de massive feilichheidsdoar tichtgiet. Behalven de fersetslju hawwe yn 'e basis ek guon foks-eftige wêzens beskûl socht, dy't fan kristal makke lykje te wêzen en lânseigen op 'e planeet binne. De reuseftige feilichheidsdoar blykt de iennichste yn- en útgong te wêzen. Sith-ridder Kylo Ren en generaal Hux liede in oanfal mei AT-AT's en in belegeringskanon dat troch de feilichheidsdoar hinne komme kin. Dameron beslút mei in kloft fersetslju, ûnder wa Finn en Rose, de fijân oan te fallen mei ferâldere lângliders dy't tritich jier efter de tiid binne en troch gebrek oan ûnderhâld suver útinoar falle. It slagget har net om ticht genôch by it belegeringskanon te kommen. Finn wol de oanfal likegoed trochsette, mar Rose komt foar dat er syn libben opofferet, om't se, sa seit se, de striid net winne sille troch dejingen te deadzjen dy't se haatsje, mar troch dejingen te rêden fan wa't se hâlde.

Wannear't de Earste Oarder mei it belegeringskanon troch de feilichheidsdoar hinne brekt, ferskynt ynienen Jedi-ridder Luke Skywalker op it toaniel. Hy daget syn omkesizzer Kylo Ren út en hâldt dêrmei de oanfal fan 'e Earste Oarder op. Underwilens liede de kristallen foksen de fersetslju nei in útgong fan 'e basis, dy't lykwols tichtset is troch in ynstoarting, wêrby't reuseftige rotsblokken delkommen binne. De kristallen wêzens kinne troch in lyts gatsje ûntkomme, mar de fersetslju sitte fêst. Rey arrivearret mei Chewbacca yn 'e Millennium Falcon en brûkt de Krêft om 'e rotsblokken fansiden sweve te litten. Finn en alle oare fersetslju kinne dan de basis ferlitte en ûntkomme yn 'e Millennium Falcon.

Yn The Rise of Skywalker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) hawwe Finn, Chewbacca en Poe Dameron in geheime moeting mei in kontaktpersoan dy't harren ynformaasje taspilet ôfkomstich fan in anonime sympatisant fan it Ferset binnen de Earste Oarder. Sa ûntdekke se dat keizer Palpatine, dy't mear as tritich jier lyn yn 'e Slach by Endor omkommen is, wer út 'e dea opstien is, dat er him op 'e ferburgen planeet Exegol befynt, en dat er in reuseftige float stjerreslachskippen boud hat dy't er de Lêste Oarder neamd. Rey lêst yn 'e notysjes fan har âlde master Luke Skywalker dat men ferlet hat fan in Sith-artefakt dat in 'weifiner' hjit om Exegol te berikken. Der binne mar twa fan sokke weifiners en Kylo Ren hat de iene al yn syn besit. Finn, Dameron, Chewbacca, Rey en de robots BB-8 en C-3PO sette mei-inoar yn it romteskip de Millennium Falcon ôf nei de woastynplaneet Pasaana, dêr't neffens Luke in oanwizing ferburgen wêze soe om 'e twadde weifiner te finen.

Op Pasaana oankommen, kriget de groep al rillegau pleatslike stoarmtroepers efter har oan. Se wurde finzen nommen, mar daliks wer befrijd troch in mysterieuze frjemdling mei in gesichtsbedekkende helm op, dy't Lando Calrissian blykt te wêzen, in held fan it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch. Lando fertelt Finn-en-dy dat hy en Luke yn it ferline op Pasaana tegearre omdôch socht hawwe nei in artefakt dat harren de lokaasje fan 'e twadde weifiner dúdlik meitsje soe. Se bedarren op Pasaana om't se in agint fan 'e Sith folgen, in Ochi fan Bestoon. Dy syn spoar rekken se lykwols op Pasaana bjuster; it is ûnbekend wat der fan him wurden is, mei't syn romteskip noch altyd yn 'e woastyn stiet. Finn-en-dy beslute dat se it skip fan Ochi trochsykje moatte en sette ôf de woastyn yn. Ear't se it romteskip berikke kinne, reitsje se lykwols allegearre fêst yn driuwsân. Se kinne harsels net befrije en geane ien foar ien kopke-ûnder.

Ynstee dat se deageane, sakje Finn-en-dy lykwols dwers troch it plafon in ûndergrûnsk gongestelstel yn. Dêre fine se it bonkerak fan Ochi werom, en yn syn besit treffe se it artefakt oan dat se sykje: in dagge mei op it limmet in ynskripsje yn 'e taal fan 'e Sith. C-3PO is de iennichste dy't it lêze kin, mar syn programmatuer ferbiedt him lykwols om dingen út 'e Sith-taal oer te setten, sadat er harren net fertelle kin wat de ynskripsje ynhâldt.

Wannear't it selskip út it gongestelsel ûntkommen is, binne se it iens dat se net werom kinne om 'e Millennium Falcon op te heljen, mei't it by dat romteskip no sûnder mis optilt fan 'e stoarmtroepers. Ynstee beslute se de planeet mei it romteskip fan Ochi te ferlitten. Foar't Dameron, Finn en Chewbacca it âlde skip ree hawwe om op te starten, giet Rey allinnich de woastyn yn foar in konfrontaasje mei Kylo, waans oanwêzigens se op Pasaana gewaarwurdt. As se net op 'e tiid weromkomt, set Chewbacca efter har oan, mar hy wurdt finzen nommen troch de Ridders fan Ren, Kylo syn trewanten. Finn sjocht hoe't Chewbacca yn in romtefear laden wurdt. Hy skrept nei Rey ta, en as der in romtefear opstiget, ropt er har ta dat Chewbacca dêryn sit. Rey brûkt de Krêft om it romtefear werom nei de planeet te lûken, mar Kylo brûkt lykwols de Krêft om har tsjin te kearen. Dy ynspanning is tefolle foar Rey, en se ferliest de behearking oer de Krêft. In ûntlading fan Krêftwjerljocht, heech yn loft, soarget derfoar dat it romtefear ûntploft. Rey is raar gesteld, mei't se mient dat se Chewbacca ombrocht hat.

De Sith-dagge is ek ferlern gien, mei't Chewbacca dy by him hie. C-3PO oppenearret dat de tekst no inkeld yn syn ûnthâld opslein leit, mar dat dêr nimmen by kin, of it moat wêze dat syn ûnthâld fierders hielendal wiske wurde soe. Nei't Finn, Dameron en Rey fêststeld hawwe dat de robot R2-D2, dy't by generaal Leia Organa efterbleaun is op 'e fersetsbasis, geregeldwei in back-up makket fan it ûnthâld fan C-3PO, beslute se dat yn dit gefal it doel de middels hilliget. Dameron hat op 'e planeet Kijimi kunde oan in ekspêr yn roboatika, Babu Frik, dy't de ûnthâldswisking útfiere kin. Nei't de proseduere útfierd is, blykt dat de ynskripsje bestiet út 'e koördinaten fan 'e lokaasje fan 'e twadde weifiner. Rey fernimt op Kijimi wer de oanwêzigens fan Kylo Ren, waans stjerreslachskip yn in baan om 'e planeet arrivearre is. Mar se wurdt ek de oanwêzigens fan Chewbacca gewaar, dy't oan board fan dat stjerreslachskip is. Finn, Dameron en Rey riddenearje dan út dat der op Pasaana twa romtefearen west hawwe moatte: ien dêr't Finn Chewbacca yngean seach, en in oarenien dy't Rey by fersin ferneatige hat.

Se beslute ta in rêdingsmisje en ynfiltrearje it stjerreslachskip. Finn en Dameron witte de sel te finen dêr't Chewbacca fêstholden wurdt. Se befrije him en besykje dan de Millennium Falcon te berikken, dy't troch Kylo syn hantlangers nei de konfrontaasje op Pasaana yn in hangaar fan it stjerreslachskip set is. BB-8, de no oan ûnthâldsferlies lijende C-3PO en D-O, in lyts robotsje dat se oan board fan it romteskip fan Ochi oantroffen hawwe, binne streekrjocht nei de Millennium Falcon gien om it útnaaien fan 'e hiele groep ta te rieden. As Finn, Dameron en Chewbacca hàst harren doel berikt hawwe, wurde se lykwols ynsletten troch stoarmtroepers en moatte se belies jaan. Se wurde finzen nommen, wêrnei't generaal Enric Pryde, de ûnderbefelhawwer fan 'e Earste Oarder, opdracht jout om harren stânrjochtlik te eksekutearjen. It trio wurdt lykwols rêden troch generaal Hux, dy't harren fertelt dat hy de anonime sympatisant is dy't it Ferset de ynformaasje oer Exegol en keizer Palpatine taspile hat. As Finn him ûnderstiet oer syn motyf, byt Hux him ta dat er neat om it Ferset jout, mar nammenste mear om Kylo Ren, dy't er hatet. Hy wol alles wol dwaan om Kylo fale te litten. Finn, Dameron en Chewbacca witte de Millennium Falcon te berikken, pikke Rey op en ûntkomme.

Se reizgje nei de koördinaten út 'e ynskripsje op 'e Sith-dagge, dy't in plak oantsjutte op 'e moanne Kef Bir, yn it planetestelsel Endor. Dat is it plak dêr't mear as tritich jier lyn de wrakstikken fan 'e twadde Deadsstjer delkommen binne, nei't dat romtestasjon en massaferneatigingswapen troch it Rebelleferbûn opblaasd wie yn 'e Slach by Endor. De weifiner blykt yn ien fan 'e reuseftige wrakstikken te sitten, dat in eintsje út 'e kust yn see delkommen is. Op Kef Bir moetet it selskip in kloft op orbaks ridende âld-stoarmtroepers, dy't tsjin 'e Earste Oarder yn opstân kommen en op Kef Bir strâne rekke binne. Hja wurde oanfierd troch in jonge frou, Jannah, mei wa't Finn, dy't ek in desertearre stoarmtroeper is, fuort in bân fielt. Om't de Millennium Falcon by de lâning op Kef Bir skea oprûn hat en earst reparearre wurde moat, beslút Rey út tiidneed de reuseftige weagen yn in lyts boatsje te trotsearjen. Finn en Jannah weagje har libben troch efter har oan te gean, mar se kinne net foarkomme dat Kylo Ren, dy't yn syn TIE-jager boppe-op it wrakstik fan 'e Deadsstjer lânet, Rey de twadde weifiner ôfhandich makket en it ding fernielt. Nei in konfrontaasje mei Kylo, wêrby't se him earst deadlik ferwûnet en dan genêst, flechtet Rey yn Kylo syn TIE-jager. Finn en Jannah wurde oppikt yn 'e reparearre Millennium Falcon.

Letter stjoert Rey, dy't mei Kylo syn weifiner it paad nei Exegol ûntdekt, de koördinaten fan har rûte troch oan R2-D2. It Ferset, dat nei it ferstjerren fan Leia Organa no oanfierd wurdt troch Dameron en Finn, komt fanwegen mei alle skippen dêr't it oer beskikt en folget Rey nei Exegol. Dêr oankommen bynt Dameron mei de rest fan 'e piloaten de striid oan mei de oermacht fan 'e Lêste Oarder, wylst Finn him mei de beriden âld-stoarmtroepers fan Kef Bir ûnder lieding fan Jannah ôfsette lit oan board fan it fijannige stjerreslachskip fan generaal Pryde. Dêr witte se it sein te sabotearjen dat de float fan 'e Lêste Oarder nedich is om fan it planeetoerflak op te stiigjen. Pryde lit syn systeem lykwols reboote. Wylst de oaren fan harren groep fan it stjerreslachskip evakuëarre wurde, wegeret Finn fan board te gean, en Jannah bliuwt by him. Tegearre nimme se de kontrôle oer ien fan 'e boardkanonnen oer en rjochtsje dat op 'e brêge. As se it wapen ôffjurje, giet de hiele brêge nei gychem en Pryde en syn stêf komme om. It stjerreslachskip begjint del te stoarten, en Finn en Jannah wurde op it lêste momint rêden troch Lando en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon. De Slach by Exegol rint út op 'e ferneatiging fan 'e Lêste Oarder en in grutte oerwinning foar it Ferset.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens John Boyega
2016 Rogue One: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi John Boyega
2018 Solo: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker John Boyega

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono