Takodana

Ut Wikipedy
Takodana sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015).

Takodana is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. De namme fan 'e planeet waard betocht troch regisseur J.J. Abrams, op basis fan Takadanobaba, in buert yn Tokio dêr't er ea ris yn in jeugdherberge ferbleaun hie. Takodana makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme, yn 'e sektor Tashtor fan 'e Midrâne fan it Stjerrestelsel. De planeet hat in diameter fan 12.100 km en in omrintiid om 'e stjer Takodana hinne fan 215 dagen, mar hat gjin moannen. It is in wielderich begroeide terrestryske planeet mei in myld klimaat en in grut bioferskaat, dy't foar in oansjenlik part bestiet út útstrutsen tuskenbeiden reinwâld bestruid mei lytseftige marren.

Op Takodana hat him nea yntelligint libben ûntjûn. De planeet hat in befolking fan minder as ien miljoen persoanen, foar it meastepart besteande út Artiodac, Frigosianen, Minsken, Kyuzo en Volpai. De planeet leit op 'e hyperromterûte tusken Chalcedon en Noe'ha'on, tusken de Binnenrâne en de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Foar dejingen dy't ûnderweis binne nei de Bûtenrâne is it in lêste priuwke fan beskaving; foar deselden dy't nei de Binnenrâne reizgje, foarmet de wrâld it lêste stikje fan 'e wetteleaze foargrins. Polityk sjoen nimt Takodana tradisjoneel in neutrale posysje yn. Fan gefolgen is de wrâld in taflechtsoard foar sochte kriminelen, smokkelders en ûntdekkingsreizgers.

Tûzenen jierren foarôfgeande oan 'e foarfallen út 'e Skywalker Saga fûn op Takodana in fjildslach tusken de Jedi en de Sith plak. Letter waard op it plak fan it slachfjild in kastiel boud, dat úteinlik yn ferfal reitsje en de lokaasje fan 'e kroech fan Maz Kanata wurde soe. De âldste parten fan it kastiel giene werom op 'e tiid dat Takodana behearske waard troch de Jedi. Yn 'e tiid fan 'e Hege Republyk waard in wraam troch de Nihil, ynfallers fan bûten it Stjerrestelsel, op 'e Jedi-timpel op Takodana ôfslein troch de Jedi-master Sav Malagán. Inkele jierren nei de Grutte Suvering fan 'e Jedi die de Jedi-master Ahsoka Tano Takodana oan, nei't se behelle west hie yn in mislearre opstân tsjin it Galaktysk Keizerryk op 'e moanne Raada. Hja naam yn omtinken om der ûnder te dûken, mar seach dêrfan ôf om't se net genôch oer de planeet wist. Letter brocht Jyn Erso krapoan in jier troch op Takodana, foar't se by it Rebelleferbûn belutsen rekke.

Tritich jier nei de Slach by Endor, wêryn't it Rebelleferbûn it Galaktysk Keizerryk fersloech, besykje Han Solo en Chewbacca Takodana, lykas te sjen yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. Hja hawwe Rey, Finn en BB-8 by har, dy't op 'e flecht binne foar de Earste Oarder. Solo bringt harren yn kontakt mei Maz Kanata, en Rey ûntdekt yn 'e kelder fan 'e kastielruïne de ljochtsabel fan Luke Skywalker. Al rillegau arrivearje lykwols TIE-jagers en stoarmtroepers fan 'e Earste Oarder ûnder lieding fan 'e Sith-ridder Kylo Ren, dy't warskôge is oer de oanwêzigens fan 'e flechtlingen troch de spionne Bazine Netal. De TIE-jagers meitsje de kastielruïne mei de grûn lyk en nimme Solo-en-dy finzen. In tsjinoanfal fan X-wjukjagers fan it Ferset driuwt de troepen fan 'e Earste Oarder op 'e flecht. Solo-en-dy witte dêrby te ûntsnappen, mar de bewusteleaze Rey wurdt troch Kylo ûntfierd.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin