Jyn Erso

Ut Wikipedy
Jyn Erso
personaazje út Star Wars
Felicity Jones as Jyn Erso (2016).jpg
persoanlike bysûnderheden
bynamme Stardust (troch har heit)
sekse froulik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Flag of the Galactic Republic.svg Galaktysk
berop/amt krimineel, soldaat
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Galen Erso
Saw Gerrera
Cassian Andor
K-2SO
Chirrut Îmwe
geastlike heit John Knoll
ûntstean 2016

Jyn Erso (Ingelske útspr.: [ˈʤɪn ˈɜɹsoʊ], likernôch: "dzjin ur-soo") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Se waard yn 2016 yntrodusearre yn 'e roman Catalyst, fan James Luceno, mar se waard it bekendst út 'e film Rogue One: A Star Wars Story, dy't letter datselde jiers útkaam. De geastlike heit fan it personaazje wie special effects-technikus John Knoll, dy't al yn 2003 de plot fan Rogue One betocht. Jyn Erso is de dochter fan Galen Erso, in liedend wittenskipper fan it wapenprogramma fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. Hja wurdt troch it Rebelleferbûn rekrutearre en giet op in wanhopige misje om 'e blaudrukken te stellen fan 'e Deadsstjer, in massaferneatigingswapen sa krêftich dat it hiele planeten ferdylgje kin. De rol fan Jyn waard yn 'e film spile troch de Ingelske aktrise Felicity Jones.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jyn Erso wurdt yntrodusearre as in bern fan fjouwer jier yn 'e prequelroman Catalyst: A Rogue One Novel fan James Luceno, dy't yn novimber 2016 útkaam. Dêryn rêdt Orson Krennic, in luitenant 1e klasse yn 'e striidkrêften fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, syn âlde freon Galen Erso, dy syn frou Lyra en syn dochterke Jyn, as hja yn 'e gaos fan 'e steatsgreep fan kânselier Palpatine fermoarde driigje te wurden. Neitiid freget en kriget Krennic de help fan Galen by de ûntjouwing fan technology om 'e enerzjy te brûken dy't opslein leit yn 'kyberkristallen'.

De resultaten fan it wurk fan 'e geniale Galen soene sabeare ynset wurde foar ûnbaatsuchtige doelen, mar eins hawwe Krennic-en-dy der ferlet fan foar de ûntwikkeling fan it superlaserkanon fan 'e Deadsstjer, it nije massaferneatigingswapen anneks romtestasjon fan 'e boasaardige keizer Palpatine, dat sa krêftich wurde moat dat hiele planeten mei ien skot ferdylge wurde kinne. Galen en Lyra krije der lang om let aan fan dat se bedragen wurde, en begjinne plannen te meitsjen om harrensels en Jyn te befrijen fan 'e ynfloed fan Krennic-en-dy troch út te piken en ûnder te dûken.

Jyn Erso is de haadpersoan yn 'e roman Rebel Rising, fan Beth Davis, wêrfan't de foarfallen plakfine tusken de prolooch fan 'e film Rogue One en it haadferhaal yn. It boek beskriuwt guon fan 'e aventoeren dy't Jyn yn dy tiid belibbet mei de partisanen fan Saw Gerrera. Fansels is se ek de haadpersoan yn 'e ferboeking fan 'e film, Rogue One: A Star Wars Story, fan Alexander Freed. Saw Gerrera dûkt fierders mei in alvejierrige Jyn op yn 'e ferboeking fan 'e film Solo: A Star Wars Story.

Yn Rogue One[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story, dy't yn desimber 2016 yn premiêre gie, waard de rol fan Jyn Erso spile troch de Ingelske aktrise Felicity Jones. It ferhaal begjint mei in prolooch op 'e planeet Lah'mu, dêr't Galen Erso mei syn frou Lyra en harren no achtjierrige dochterke Jyn ûnderdûkt is. Orson Krennic is him lykwols op it spoar kommen, en by in konfrontaasje mei him en syn trewanten komt Lyra om, wylst Galen finzen nommen wurdt. Jyn ûntkomt en wurdt letter opfandele troch de ekstremistyske rebel Saw Gerrera, mei wa't har âldelju kontakt ûnderholden. Dyselde bringt har fierder grut.

Fyftjin jier letter sit Jyn ûnder in falske identiteit yn in wurkkamp fan it Galaktysk Keizerryk op 'e planeet Wobani, dêr't se in finzenisstraf úttsjinnet foar ferskate kriminele aktiviteiten. Se wurdt befrijd troch leden fan it Rebelleferbûn en ûnder twang nei it haadkertier fan 'e rebellen op 'e moanne Yavin-IV brocht. Dêr wurdt se troch senator Mon Mothma, de polityk liedster fan 'e rebellen, bepraat om harren te helpen by in twafâldige misje. Yn it foarste plak moat der kontakt lein wurde mei Gerrera, dy't jierren lyn al brutsen hat mei it Rebelleferbûn. Om't Jyn min ofte mear syn oannommen dochter is, tinkt men mei har in kâns te hawwen dat Gerrera harkje sil wat se te sizzen hawwe foar't er it fjoer iepenet. Fierders moat Jyn har heit Galen befrijd wurde, sadat er de rebellen fan ynformaasje foarsjen kin oer de Deadsstjer. Dat is in nij massaferneatigingswapen fan it Keizerryk dêr't geroften oer geane, en oan 'e ûntwikkeling wêrfan't Galen meiwurke hawwe soe. Jyn wurdt der mei kaptein Cassian Andor, in ynljochtinge-ofsier fan it Rebelleferbûn, en K-2SO, in werprogrammearre gefjochtsandroïde fan 'e Keizerlike Striidkrêften, op út stjoerd om dat allegear te berêden.

Trijeresom bejouwe se har nei de planeet Jedha, dêr't it Keizerryk dwaande is alle kyberkristallen te stellen út 'e Hillige Stêd, wylst Gerrera en syn partisanen yn en om 'e stêd hinne in guerriljastriid tsjin 'e Keizerlike stoarmtroepers fiere. As Jyn en Cassian harren yn 'e stêd bejouwe, reitsje se dêr ûnbedoeld behelle yn in oanfal fan Gerrera syn mannen op in Keizerlik konfoai. Dat kostet harren op in hier nei it libben, mar se wurde rêden troch de bline kriger Chirrut Îmwe, ien fan 'e lêste Beskermers fan 'e Whills (leden fan in monastyske oarder) en dy syn freon, de hierling Baze Malbus.

Om't se de oanfal yn it hûndert jage hawwe, wurde se alle fjouwer finzen nommen troch de partisanen, dy't harren meinimme nei harren basis yn in grot in ein bûten de Hillige Stêd. Dêr wurdt Jyn by Gerrera brocht. Se is ferbittere, mei't er har (yn har eigen wurden) "dumpt" hat doe't se sechstjin jier wie troch har op in stuit sûnder farwol of útlis yn 'e steek te litten. Gerrera leit har lykwols út dat er har doe foar har eigen feilichheid efterlitten hat, mei't har identiteit mank syn mannen bekend wurden wie en der stimmen opgiene om har as gizelster te brûken om har heit ûnder druk te setten. Hy spilet foar har in holografysk boadskip fan har heit ôf, dat him brocht is troch Bodhi Rook, in desertearre Keizerlike piloat.

Galen rjochtet him streekrjocht tsjin sawol Gerrera as Jyn, mei't er derfan útgiet dat sy beiden noch byinoar binne. Hy fertelt dat er ynstee fan fierdere utering te jaan oan syn opstannigens, de lêste fyftjin jier war dien hat om sa hearrich mooglik te lykjen, om't er besefte dat de Deadsstjer sûnder syn help ek wol makke wurde soe. Ynstee hat er syn posysje no brûkt om it Keizerryk te ûndermynjen troch mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer yn te bouwen. Hy jout Jyn opdracht om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer út it Keizerlik argyfkompeks op 'e planeet Scarif te heljen en dy troch te spyljen oan it Rebelleferbûn. Galen seit ek dat er syn dochter, dy't er by har bynamme 'Stardust' neamd, nea fergetten is en noch eltse dei oan har tinkt. Jyn, dy't folslein desyllúzjonearre rekke wie mei it ferset tsjin it Keizerryk, wurdt troch de wurden fan har heit ta de triennen ta roerd en fettet nije moed.

Underwilens fiert Krennic op befel fan grut-moff Wilhuff Tarkin, in test út fan 'e destruktive krêft fan 'e Deadsstjer. As doelwyt wurdt de Hillige Stêd op Jedha útkeazen. De proef is in súkses en de stêd wurdt yn ien klap ferneatige. De konsintryske skokweagen wreidzje har dêrwei oer de hiele planeet út en ferdylgje alle libben. Jyn, Cassian, Chirrut, Baze, K-2SO en Bodhi Rook witte krekt op 'e tiid fan Jedha te ûntkommen. Neitiid fertelt Jyn oan Cassian en de oaren wat har heit yn it holografysk boadskip sei. Net ien hat der lykwols yn 'e gauwichheid fan 'e ûntsnapping om tocht om 'e bylddrager mei it boadskip mei te nimmen, dat it boadskip sels is ferlern gien yn 'e ferwoastging fan Jedha. Cassian foarseit dat se sûnder de opname de lieders fan it Rebelleferbûn der nea fan oertsjûgje kinne sil om 'e misje nei Scarif yn omtinken te nimmen.

Bodhi liedt it rebelleteam nei Eadu, dêr't Galen Erso him befynt. Om't se ûnder de radar op Eadu binnenkomme wolle, fleane se te leech. Se reitsje in útstykjende rotspjuts en moatte by nacht en min waar in needlâning meitsje, dy't se aldergeloks allegear ûnskansearre oerlibje. Se ferlieze dêrtroch lykwols harren kommunikaasje mei de rebellebasis op Yavin-IV, mei as gefolch dat generaal Davits Draven derfan útgiet dat se omkommen binne. Hy stjoert dêrop in squadron X-wjukjagers om 'e fasiliteit op Eadu te bombardearjen. Wylst K-2SO de kommunikaasje-apparatuer reparearret, geane Cassian en Bodhi op ferkenning.

Underwilens figelearret Jyn út dat Cassian hielendal net fan doel is om har heit te befrijen en dat er ynstee befel krigen hat om him te likwidearjen. Se ferlit de oaren en bejout har, om har heit te warskôgjen, troch in djippe kleau by in hege ljedder op nei in lâningsplatfoarm, dêr't har heit it romtefear fan Krennic ferwolkommet. Jyn berikt har heit mominten foar't it bombardemint fan 'e rebellen begjint. Hoewol't sy it sels ûnskansearre oerlibbet, rekket har heit libbensgefaarlik ferwûne, wêrnei't er yn har earms ferstjert. Cassian, dy't op it lêste momint besletten hie om syn befel njonken him del te lizzen en Galen te sparjen, is Jyn ûnderwilens efternei kommen. Hy skuort har mei werom nei it Keizerlike frachtfear dat Bodhi stellen hat, wêrnei't se mei de rest fan 'e groep ûntkomme.

Werom op Yavin-IV slacht Jyn yn in gearkomste mei de lieding fan it Rebelleferbûn foar om 'e rebellefloat yn te setten foar in wraam op Scarif, om sa de blaudrukken fan 'e Deadsstjer te bemachtigjen. De rebellelieders binne lykwols ferdield, mei't guon, ûnder wa de Mon Calamari-admiraal Raddus, har plan stypje, wylst oaren fan miening binne dat de oerwinning troch de foltôging fan 'e Deadsstjer foargoed bûten berik is en dat harren no inkeld noch flecht of oerjefte rêst. Mon Mothma stelt fêst dat se sûnder unanime stipe fan 'e oare lieders de misje net trochgean litte kin.

Jyn is frustrearre troch de ûnwil fan 'e rebellelieders om har te stypjen, mar Chirrut, Baze en Bodhi bliuwe by har en Cassian komt mei in stik as tweintich oare frijwilligers oan. De groep kaapt it Keizerlik frachtfear dat op Eadu bútmakke is en set dêrmei ôf, tsjin 'e befellen fan 'e lieding fan it Rebelleferbûn yn. Se bejouwe har nei Scarif, dêr't it Keizerryk in ûntrochkringber enerzjyskyld om 'e hiele planeet hinne makke hat, mei mar ien poarte, dy't iepene en sletten wurde kin. Nei't se op 'e tropyske planeet lâne binne, stelle Jyn en Cassian de unifoarmen fan inkele Keizerlike ofsieren dy't oan board komme om it fear te ynspektearjen. Yn 'e mande mei K-2SO ynfiltrearje se neitiid mei dy momkape it argyfkompleks. Chirrut, Baze en de rebellen fiere in koördinearre oanfal op it Keizerlik garnizoen út by wize fan ôfliedingsmaneuver. Dêrtroch wurde de stoarmtroepers dy't Jyn en Cassian it paad tichtsette, nei bûten ta stjoerd om 'e oanfal ôf te slaan.

Felicity Jones spile yn Rogue One de rol fan Jyn Erso.

Underwilens fangt it Rebelleferbûn op Yavin-IV kommunikaasje tusken Keizerlike troepen op dêr't yn sprutsen wurdt fan in rebelle-oanfal op Scarif. Mon Mothma beslút dat se foar in foldongen feit steld binne, en dat se no wol fjochtsje moatte. Admiraal Raddus is op dat stuit al oan board fan syn kruser om 'e float te risselwearjen foar in wraam op Scarif.

Jyn en Cassian geane it reuseftige Keizerlik Argyf binnen, wylst K-2SO efterbliuwt by de yngong om harren fia it kompjûtersysteem nei de juste data-opslach te lieden. Sadree't Krennic berjocht kriget dat de argyfklûs kompromittearre is, beseft er wêr't it de rebellen om te dwaan is. Hy stjoert daliks fersterkings nei it argyf ta. K-2SO wit gâns stoarmtroepers te deadzjen, mar lang om let wurde se him oermânsk. Hy offeret himsels op en wurdt ferneatige, mar net foar't er de argyfklûs fersegele en it kompjûtersysteem dat de klûs bestjoert, fernield hat. Jyn en Cassian helje de ynformaasjedrager mei de blaudrukken út 'e klûs en klimme dan by de rekken mei oare ynformaasjedragers op, fierder omheech yn 'e ûnbidich hege argyftoer. Krennic kringt de argyftoer fia in oare tagong binnen en besjit Cassian en Jyn. Cassian wurdt rekke, komt te fallen en stoart in ein nei ûnderen ta, dêr't er bewegingsleas lizzen bliuwt. Jyn klimt fierder nei boppen en ûntkomt út 'e toer troch in fentilaasjeskacht.

Se komt út by de grutte skûtelantenne, boppe-op 'e toer, dêr't se de ynformaasjedrager yn it kompjûtersysteem ynfiert. Om 'e blaudrukken ferstjoere te kinnen, moat se earste de rjochting oanpasse dy't de antenne útwiist. Tsjin 'e tiid dat se dat oprêden hat, berikt Krennic mei de lift it antenneplatfoarm. Hy hâldt Jyn foar dat hy wûn hat en risselwearret om har dea te sjitten, mar hy wurdt sels fan efteren delsketten as in slim ferwûne Cassian it platfoarm berikt. Jyn ferstjoert de blaudrukken fan 'e Deadsstjer, dy't ûntfongen wurde op it ûnderwilens arrivearre flaggeskip fan admiraal Raddus. Frijwol daliks dêrnei ferskynt de Deadsstjer boppe Scarif. Grut-moff Tarkin lit it superlaserkanon fan 'e Deadsstjer op 'e nij in skot mei lege yntinsiteit ôfsjitte, dat Scarif yn see rekket, in ein foarby it argyfkompleks. De skokweach is lykwols op 'e nij genôch om alle libben op 'e planeet te ferdylgjen. Jyn en Cassian, dy't yn 'e tuskentiid de toer ferlitten hawwe, sjogge it oankommen wylst se tegearre op it strân sitte. Se hâlde inoars hân fêst yn 'e lêste mominten foar't se stjerre.

Op 'e tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jyn Erso komt ek foar yn trije ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Forces of Destiny, dy't him rjochtet op froulike helden út it Star Wars-hielal. Yn it earste seizoen waard de dialooch fan Jyn ynsprutsen troch Felicity Jones, en yn it twadde seizoen troch Helen Sadler.

Yn 'e ôflevering The Stranger sjocht Jyn hoe't de kat fan in lyts famke ôfpakt wurdt troch guon stoarmtroepers. Se stelt it bist werom, is de efterfolgjende stoarmtroepers te fluch ôf en jout it famke har húsdier wer. Yn Accidental Allies moetet Jyn Sabine Wren út Star Wars: Rebels as se in holo-kaart mei gaudievet dy't earder troch Sabine stellen is en dy't krúsjale ynformaasje befettet foar it Rebelleferbûn. As stoarmtroepers har oansjogge foar de oarspronklike dievegge, moat se útpike. Sabine helpt har oan 'e stoartroepers te ûntkommen en bepraat har neitiid om 'e kaart oan har oer te langjen. Yn Jyn's Trade, ta einbeslút, helpt Jyn in jonge dief om in weardefolle les te learen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Din Djarin • Cara Dune • Grogu • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Paz Vizsla • Sabine Wren