Luke Skywalker
Luke Skywalker personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-ridder | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Leia Organa Anakin Skywalker Padmé Amidala Obi-Wan Kenobi Han Solo Chewbacca Yoda | |
attributen | ljochtsabel | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1976 |
Luke Skywalker is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Luke is in boerejonge dy't Jedi-ridder wurdt "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Luke Skywalker makke it alderearst syn opwachting yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Hy is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't er spile waard troch akteur Mark Hamill. Krapoan fjirtich jier letter spile Hamill deselde rol wer yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019).
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklike Star Wars-trilogy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Luke Skywalker ferskynt foar it earst yn byld yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) as in boerejonge dy't op 'e planeet Tatooine, oan 'e wetteleaze râne fan it Galaktysk Keizerryk, grutbrocht wurdt troch syn omke en muoike Owen en Beru Lars. Hy is in teenager dy't dreamt fan gruttere en bettere dingen. As syn omke in pear twaddehâns androïden oanskaft, R2-D2 en C-3PO, ûntdekt Luke dat R2-D2 in boadskip befettet fan prinsesse Leia Organa fan Alderaan oan Jedi-master Obi-Wan Kenobi, dy't ûnderdûkt as balling op Tatooine libbet. As R2-D2 útnaait, giet Luke him mei C-3PO efternei en sa bedarje se trijeresom by Obi-Wan, dy't him fertelt dat er foarhinne in freon fan Luke syn heit Anakin wie. Anakin wie nammentlik syn learling oant er fermoarde waard troch Darth Vader, de trewant fan 'e boasaardige keizer Palpatine.
As Luke ûntdekt dat syn omke en muoike yn syn ôfwêzigens fermoarde binne troch Keizerlike stoarmtroepers op 'e siik nei de beide androïden, jout er him by Obi-Wan, dy't him fertelt dat it syn lotsbestimming is om, krekt as syn heit foar him, in Jedi-ridder te wurden. Se hiere de smokkelder Han Solo en syn Wookiee-piloat Chewbacca yn, en sette yn harren romteskip, de Millennium Falcon, ôf fan Tatooine nei Alderaan. Dêr oankommen, ûntdekke se dat dy planeet ferneatige is troch in reuseftich Keizerlik romtestasjon dat de Deadsstjer hjit. Harren skip komt fêst te sitten yn in lûkstriel fan it romtestasjon, mar se witte oan finzenskip te ûntkommen en rêde prinsesse Leia, dy't op 'e Deadsstjer fêstholden wurdt. Obi-Wan Kenobi offeret himsels op om 'e oaren de kâns te jaan om te ûntsnappen. Luke, Leia en Han leverje de blaudrukken fan 'e Deadsstjer ôf by it Rebelleferbûn, wêrnei't Luke in krúsjale rol spilet by de oanfal wêrby't de Deadsstjer ferneatige wurdt.
Trije jier letter, yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), is Luke djip behelle rekke yn 'e opstân fan it Rebelleferbûn tsjin it Galaktysk Keizerryk. Nei't Keizerlike troepen de rebellen ta de evakuaasje fan in wichtige basis op 'e iisplaneet Hoth twinge, fiteret de geast fan Obi-Wan Kenobi Luke oan om nei de planeet Dagobah te gean. Dêr treft Luke de âlde Jedi-ridder Yoda oan, dy't as klúzner yn ballingskip libbet. Dyselde stimt deryn ta om him te trainen, hoewol't er twifels hat oer Luke syn geskiktheid om Jedi te wurden. As Leia, Han en Chewbacca yn 'e swierrichheden reitsje op 'e planeet Bespin, brekt Luke tsjin it útdruklik advys fan Yoda syn training ôf om syn freonen te rêden. Op Bespin siket Luke Darth Vader op en fjochtet in duël mei de ljochtsabel út wêrby't er syn hân kwytrekket en Vader him in skokkende wierheid fertelt: hy is nimmen oars as Luke syn heit Anakin. Luke wurdt rêden troch Lando Calrissian en prinsesse Leia en kriget neitiid in hânproteze oanmetten.
Noch wer in jier letter is Luke yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) op Tatooine belutsen by de befrijing fan Han Solo út 'e kloeren fan 'e ûnmeilydsume gangster Jabba de Hutt. Neitiid keart er werom nei Dagobah om syn training ta Jedi-ridder te ferfetsjen, mar treft dêr Yoda oan op syn stjerbêd. Mei syn lêste wurden befêstiget Yoda de skokkende wierheid dat de boasaardige Darth Vader eins Luke syn heit Anakin is, en ek seit er dat Luke in nije konfrontaasje mei Vader oangean moat om syn training te foltôgjen. Fan 'e geast fan Obi-Wan komt Luke oan 'e weet dat er in twillingsuster hat. Luke jout him wer by de rebellen en ûntsenuwt de trijehoeksferhâlding dy't tusken him en Han om 'e geunst fan Leia ûntstien is, troch út te lizzen dat hysels en Leia broer en suster binne.
By in klimaktyske oanfal fan it Rebelleferbûn op in nije Deadsstjer giet Luke by it romtestasjon oan board om mei Vader ôf te weven. Vader besiket him te ferlieden om oer te rinnen nei it Keizerryk en de tsjustere kant fan de Krêft. Luke wegeret en ferslacht Vader yn in nij duël mei de ljochtsabels. Keizer Palpatine stiet der by him op oan om Vader te deadzjen, mar Luke ferpoft dat, ek as de keizer driget om Luke sels om te bringen. As de swierferwûne Darth Vader sjocht dat keizer Palpatine syn soan Luke martelet en risselwearret om him te fermoardzjen, keart er him tsjin 'e keizer, dy't er yn in reäktorskacht te pletter smyt, hoewol't er dêrby sels deadlike ferwûnings oprint.
Star Wars-prequeltrilogy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) komt oan it ljocht dat Padmé Amidala fan Naboo de mem fan Luke en Leia is. Hielendal oan 'e ein fan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) wurdt de twilling berne. Padmé stjert koarte tiid letter om't se troch it ferrie fan Anakin neat mear hat om foar te libjen. Yoda en Obi-Wan Kenobi beslute de twillingen foar harren eigen feilichheid útinoar te heljen. Obi-Wan jout Luke om grut te bringen oan Owen Lars, de broer fan Anakin syn mem Shmi, en dy syn frou Beru.
Star Wars-ferfolchtrilogy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Likernôch tritich jier nei de ferneatiging fan 'e twadde Deadsstjer en de dea fan keizer Palpatine yn 'e Slach by Endor binne yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) de restanten fan it Keizerryk gearklofte ta de Earste Oarder, dy't besiket de troch de eardere rebellen oprjochte Nije Republyk ûnder fuotten te heljen. De op jierren reitsjende Luke Skywalker, dy't de lêste Jedi-ridder is, rekket fermist. Mar yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) wurdt er úteinlik yn frijwillige ballingskip weromfûn op 'e planeet Ahch-To troch Rey, in jong lid fan it Ferset tsjin 'e Earste Oarder.
Rey besiket Luke te bepraten en lear har om te gean mei de Krêft. Luke wol dêr yn 't earstoan neat fan witte, mar lang om let jout er ta. Hy bychtet oan Rey op dat syn omkesizzer Kylo Ren, de soan fan Han en Leia, oerrûn is nei de tsjustere kant fan 'e Krêft troch tadwaan fan Luke. Rey wol dat er har helpt om Kylo werom te bringen nei de ljochte kant fan 'e Krêft, mar Luke stegeret har ferbittere ôf. Nei't se har ôfjûn hat, kriget er in fizioen fan Yoda, dy't him derfan bewissiget dat syn libben noch altyd in doel hat. Dat makket dat er him betinkt en him dochs by it Ferset jout. Yn 'e Slach om Crait befjochtet er Kylo yn duël wylst de fersetslju evakuëarre wurde. Hy liket net te deadzjen te wêzen, mar úteinlik docht bliken dat it mar in projeksje fan himsels is, dy't er stjoerd hat troch manipulaasje fan 'e Krêft; sels is er noch altyd op Ahch-To. Dêrmei hat Luke lykwols safolle krêften opbrûkt, dat er neitiid komt te ferstjerren en ien wurdt mei de Krêft.
Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) keart Luke werom as in geast fan de Krêft om Rey mei goerie by te stean yn har striid tsjin 'e Earste Oarder en de weropstiene Palpatine.
Tillefyzjesearjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e tillefyzje komt it personaazje fan Luke Skywalker foar yn inkele ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Forces of Destiny (ynsprutsen troch Mark Hamill). De ôflevering The Path Ahead giet djipper yn op syn training ûnder Yoda op Dagobah, wylst er yn Traps en Tribulations tegearre mei Leia de Ewoks fan 'e boskmoanne Endor te help komt as se bedrige wurde troch in meunster dat in Gorax neamd wurdt.
Yn 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian ferskynt Luke, spile troch Mark Hamill, yn ôflevering Chapter 16: The Rescue om de Mandaloriaan Din Djarin en dy syn beskermeling Grogu te rêden as se finzen nommen binne troch stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk. Neitiid nimt er Grogu, mei goedkarring fan Djarin, mei om him te trainen as Jedi. Yn 'e ôflevering Chapter 6: From the Desert Comes a Stranger fan 'e live-actionsearje The Book of Boba Fett beslút Luke (Mark Hamill), yn oerlis mei in oare Jedi, Ahsoka Tano, om Grogu sels kieze te litten oft er wol Jedi wurde wol, mei't er net wis is fan 'e tawijing fan Grogu oan 'e oplieding. (Yn 'e folgjende ôflevering docht bliken dat Grogu derfoar keazen hat om syn oplieding net fuort te setten.)
Star Wars Legends
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 'e oarspronklike Star Wars-trilogy hinne groeide in hiele universum fan literatuer en fideospultsjes wêryn't de ferhalen fan Luke en de oare haadpersoanen fierder útwurke waarden nei de oerwinning yn 'e Slach om Endor oan 'e ein fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Nei't filmstudio Lucasfilm fan Star Wars-betinker George Lucas yn 2012 oernommen wie troch The Walt Disney Company waard it meastepart fan dy oanfoljende ferhalen út 'e Star Wars-kanon retcond om't Disney foar de Star Wars-ferfolchtrilogy in hiele oare kant út woe mei de ferhaalline. Yn april 2014 waarden alle skraste ferhalen omneamd ta Star Wars Legends, "leginden", dy't dus net wier bard wiene.
Ien fan 'e wichtichste ûntjouwings foar Luke Skywalker yn 'e Star Wars Legends wie dat er in nije Jedi-akademy opsette. Yn 'e Thrawn Trilogy (1991-1993) fan Timothy Zahn komt Luke yn 'e kunde mei Mara Jade, in eardere ûnderhearrige fan keizer Palpatine, dy't troch him mei de Krêft bûn is om Luke te fermoardzjen. Nei't se him finzen nommen hat, wurdt se lykwols troch omstannichheden twongen om him in skoft yn libben te hâlden. Luke ûntdekt de flok dêr't se ûnder lijt en besiket har der om 'e nocht fan te ûntdwaan. Lang om let deadet Mara in boasaardige kloan fan Luke, en dêrtroch wurdt se fan har betsjoening befrijd. Neitiid jout Mara har by de Jedi. Sy en Luke trouwe en krije in soan, Ben.
Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jierren | film | akteur |
---|---|---|
1977 | Star Wars: Episode IV – A New Hope | Mark Hamill |
1980 | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back | |
1983 | Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi | |
1999 | Star Wars: Episode I – The Phantom Menace | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2002 | Star Wars: Episode II – Attack of the Clones | |
2005 | Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith | |
2008 | Star Wars: The Clone Wars | |
2015 | Star Wars: Episode VII – The Force Awakens | Mark Hamill |
2016 | Rogue One: A Star Wars Story | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2017 | Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi | Mark Hamill |
2018 | Solo: A Star Wars Story | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2019 | Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker | Mark Hamill |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|