Gorax

Ut Wikipedy

Gorax (inkeltal idem) binne in fiktyf ras fan semy-yntelliginte bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e tillefyzjefilm Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984). Hja komme fan 'e moanne Endor, dêr't se heech yn 'e berchtmen libje. Gorax binne reuseftige wêzens, dy't wol 30 m lang wurde kinne. Se binne humanoïde, mei in aap-eftich gesicht, in ôfstompe snút, in smel kin en ûnbidich grutte, nei de sydkanten útstykjende earen, dy't harren in tige skerp gehoar jouwe. Gorax libje oer it algemien solitêr, mar kinne ûnderling kommunisearje troch it fuortbringen fan grânzgjende lûden. Se drage klean makke fan 'e pelzen fan harren proaien en meitsje gebrûk fan primitive wurktugen, lykas reuseftige bilen. Harren skerpe gehoar brûke Gorax om jacht te meitsjen op lytsere wêzens. Se jeie almeast nachts, mei't har eagen gefoelich binne foar fel ljocht.

It komt gauris foar dat in Gorax in oerfal útfiert op in doarp fan 'e Ewoks, dat de wichtichste yntelliginte soarte bûtenierdske wêzens op Endor is. Gorax ite de Ewoks net op, mei't se dêr eins te lyts foar binne, mar hâlde harren ynstee finzen as húsdieren. De ûngelokkige Ewoks ferkomme dan ornaris om as de Gorax syn belangstelling foar harren ferliest en ferjit om harren te fuorjen, of as se by fersin fertrape wurde. Gorax hâlde ek reuseftige everwolven as húsdier. Yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) brûke Ewoks fan it Doarp fan 'e Ljochte Beammen, om 'e leden fan it Rebelleferbûn te helpen dêr't se mei befreone rekke binne, de fâlen en mûklagen dy't harren ferdigening tsjin Gorax binne, ynstee tsjin 'e stoarmtroepers en AT-ST-rinners fan it Galaktysk Keizerryk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa