Springe nei ynhâld

AT-ST

Ut Wikipedy
In AT-ST yn Return of the Jedi.

In AT-ST (eins in Ingelske ôfkoarting foar: All Terrain Scout Transport, "Ferkenningstransportfiertúch foar Alle Terreinen") is in fiktyf militêr ferfiermiddel en wapen út 'e Star Wars-franchise. It is in pânsere rinner, dy't himsels op twa grutte meganyske skonken fuortbeweecht, bedoeld foar dreech begeanber terrein. De AT-ST hat rûchwei de foarm fan in reuseftige fûgel, mei in hichte fan sa'n 9 m en in faasje fan maksimaal 90 km/o. It fiertúch is yn it foarste plak ûntwurpen foar it útfieren fan militêre ferkenningsmisjes, hoewol't it ûnder de cockpit in dûbelloops plofferkanon hat. Oan 'e sydkanten fan 'e cockpit sitte oan wjerskanten in pear lichtere plofferkanonnen. De AT-ST beskikt fierders oer in granaatwerper. It fiertúch hat in bemanning fan twa koppen: in 'piloat' dy't it fiertúch bestjoerd en in kanonnier dy't it wapenreau betsjinnet.

De AT-ST is in ikoanysk en tige werkenber ûnderdiel fan Star Wars, dat yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, út 1980. Dêryn ferkenne AT-ST's yn 'e Slach om Hoth it terrein en ûnderstypje se de gruttere en tragere AT-AT's.

De AT-ST waard lykwols fral bekend út 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, út 1983. Dêryn beskikke stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk op 'e boskmoanne Endor oer de fiertugen, dy't se brûke om in kommando-ienheid fan it Rebelleferbûn finzen te nimmen. Under de kriichsfinzenen binne Han Solo, prinsesse Leia, Chewbacca, R2-D2 en C-3PO. As de Ewoks, de lânseigen bewenners fan 'e Boskmoanne, de rebellen te help komme, ûntstiet der in wapene treffen wêrby't ferskate AT-ST's yn 'e fâle lokke en ferneatige wurde, wylst ien troch Chewbacca en guon Ewoks bútmakke en tsjin 'e oare stoarmtroepers ynset wurdt.

Yn 'e film Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) wurdt in by de tiid brochte ferzje fan 'e AT-ST brûkt troch de Earste Oarder yn 'e Slach om Crait. De fernijde fariant hat gruttere stabiliteit tanksij in nij ûntwerp fan 'e poaten en biedt de ynsittenden mear beskerming tanksij nije beplating fan lichtgewichtpânser.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.