Springe nei ynhâld

Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back

Ut Wikipedy
Star Wars: Episode V
The Empire Strikes Back
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Irvin Kershner
produsint Gary Kurtz
útfierend
   produsint
George Lucas
senario Leigh Brackett
Lawrence Kasdan
kamerarezjy Peter Suschitzky
muzyk John Williams
filmstudio Lucasfilm
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Mark Hamill
Harrison Ford
Carrie Fisher
byrollen Billy Dee Williams
Peter Mayhew
David Prowse
James Earl Jones
Frank Oz
Anthony Daniels
Kenny Baker
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 6 maaie 1980
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk
spyltiid 124 minuten
budget en resultaten
budget $30,5 miljoen
opbringst $538,4 miljoen
prizen 2 × Oscar
1 × BAFTA
2 × Grammy Award
4 × Saturn Award
1 × Hugo Award
filmsearje
filmsearje Skywalker Saga
● foarich diel Star Wars: Episode IV – A
   New Hope
● folgjend diel Star Wars: Episode VI – Return
   of the Jedi
The Empire Strikes Back wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: The Empire Strikes Back (betsjuttingsside).

Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, oarspronklik útbrocht ûnder de titel The Empire Strikes Back, is in Amerikaanske science fiction-film út 1980 mei eleminten fan fantasy en aventoerefiksje. It is it twadde diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy en de Skywalker Saga-filmsearje, en heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise. De film is it ferfolch op Star Wars: Episode IV – A New Hope, út 1977. Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back waard regissearre troch Irvin Kershner mei yn 'e haadrollen Mark Hamill, Harrison Ford en Carrie Fisher. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering V – It Keizerryk Slacht Werom".

De film pikt it ferhaal trije jier nei de foarfallen yn 'e foargeande film op. De Galaktyske Boargeroarloch tusken it Rebelleferbûn en it diktatoriale Galaktysk Keizerryk duorret noch altyd fuort. De jonge Luke Skywalker giet yn training om in Jedi-ridder te wurden by de âlde Jedi-master Yoda. Underwilens wurde syn freonen Han Solo en prinsesse Leia hjitfolge troch Darth Vader, de foarnaamste trewant fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Nei gâns aventoeren sykje se beskûl yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op 'e planeet Bespin, dat in mynboukoloanje is dy't bestjoerd wurdt troch Lando Calrissian, in âlde maat fan Han. Dêr rinne se lykwols yn 'e fâle.

Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses en de meast opbringende film fan 1980. Efterôf wurdt it beskôge as ien fan 'e bêste films dy't ea makke is en as in foarbyld fan hoe't in ferfolch de oarspronklike film oertreffe kin. Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back wûn 2 Oscars, in BAFTA, 2 Grammys, 4 Saturn Awards en in Hugo. Yn 2010 waard de film opnommen yn it National Film Registry. It ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, kaam út yn 1983.

Trije jier nei de ferneatiging fan 'e Deadsstjer troch it Rebelleferbûn (sjoch: Star Wars: Episode IV – A New Hope), duorret de Galaktyske Boargeroarloch noch altyd fuort. De romtemacht fan it Galaktysk Keizerryk, ûnder lieding fan Darth Vader, de neiste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine, stjoert withoefolle ferkenningsrobots nei alle úthoeken fan it Stjerrestelsel om 'e nije basis fan it Rebelleferbûn te lokalisearjen. Ien ferkenningsrobot berikt de ôfhandige iisplaneet Hoth, dêr't de rebellen mank snie en iis harren Basis Echo fêstige hawwe.

De jonge Luke Skywalker, no in luitenant yn 'e legermacht fan it Rebelleferbûn, is krekt bûten de basis op patrûlje as er sjocht wat er tinkt dat in meteorytynslach is (mar wat eins de hurde lâning fan 'e ferkenningsrobot is). Hy giet op ûndersyk út, mar ear't er it plak fan 'e ynslach berikke kin, wurdt er oanfallen troch in wampa, in rôfdier dat lânseigen is op Hoth. Dy deadet de tauntaun dy't Luke beriidt en jout Luke sels in feech mei de klau yn it gesicht dêr't er it bewustwêzen troch ferliest. As er wer bykomt, hinget er ûnderstboppest oan it dak fan 'e iisgrot fan 'e wampa. Hy wit himsels mei syn ljochtsabel te befrijen en ûntsnapt út 'e grot nei't er de wampa by in konfrontaasje swier ferwûne hat.

Sûnder ryddier of manear ta kommunikaasje mei de basis is er lykwols foar de dea opskreaun yn 'e freeslike kjeld op Hoth. Foar't er fannijs it bewustwêzen kwytrekket, diskear troch ûnderkuolling, hat er in fizioen fan syn ferstoarne master Obi-Wan Kenobi, dy't tsjin him seit dat er nei de planeet Dagobah gean moat om fierder ta Jedi-ridder oplaat te wurden troch Yoda, fan wa't Obi-Wan sels ek noch ûnderrjocht ûntfongen hat.

As Luke mar net weromkomt op 'e basis giet syn freon, de eardere smokkelder Han Solo, dy't no by de rebellen de rang fan kaptein hat, der op syn tauntaun op út om him te sykjen. Tsjin 'e tiid dat er him úteinlik befongen troch de kjeld weromfynt, wurdt it al tsjuster. Wylst syn tauntaun beswykt oan 'e fluch sakjende temperatuer, hat Han mar kwealk genôch tiid om in tinte op te setten dy't him en Luke foar de nacht waarm hâlde moat. De oare moarns wurde se weromfûn troch sikers fan Basis Echo en yn in snieglider weromflein nei de basis, dêr't Luke yn 'e sikeboech al gau opbetteret.

Underwilens pikke de rebellen in sinjaal op dat fan Hoth ôf ferstjoerd wurdt, mar net troch harren. De androïde C-3PO, dy't mear as seis miljoen foarmen fan kommunikaasje machtich is, identifisearret it as in Keizerlike koade. De lieders fan 'e rebellen, generaal Rieekan en prinsesse Leia, krije dêrtroch foar it ferstân dat Basis Echo fûn is troch in ferkenningsrobot, dat se jouwe befel om te risselwearjen foar de ûntromming fan 'e basis. It sinjaal fan 'e robot bringt de Keizerlike float nei Hoth ta, dêr't de grutte romteskippen lykwols troch in flater fan admiraal Ozzel sa ticht by de planeet út 'e hyperromte komme, dat se fuort opmurken wurde troch de rebellen, dy't in enerzjyskyld oer de basis hinne aktivearje dat in bombardemint út 'e romte wei sinleas makket.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Vader, dy't poerlulk oer dy lêste ûntwikkeling is, deadet Ozzel troch him mei de Krêft te ferstikken en befoarderet kaptein Firmus Piett foar him yn it stee ta admiraal. Der sit no neat oars op as om 'e rebellebasis mei in grûnoanfal yn te nimmen. Dêrta wurde der stoarmtroepers op it planeetoerflak set, dy't mei reuseftige AT-AT-rinners nei de basis transportearre wurde. Luke, Wedge Antilles en de oare piloaten fan it Rebelleferbûn geane der yn sniegliders op út om tiid te winnen foar de evakuaasje. Se witte ferskate AT-AT's te ferneatigjen, mar it slagget harren net om 'e oanfal ôf te slaan. Underwilens kinne de measte rebellen lykwols ûntkomme troch de ynset fan in grut ioanekanon, dêr't mei foarkommen wurdt dat de stjerreslachskippen fan 'e Keizerlike float de ûntsnappende rebellen tenei komme kinne.

As troch besjittings fan 'e stoarmtroepers in diel fan 'e basis ynstoart en prinsesse Leia dêrtroch it romteskip net mear berikke kin dat har fuortbringe soe, nimme Han en syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca, har en C-3PO mei yn harren romteskip de Millennium Falcon. It slagget harren skoan om fan 'e planeet te ûntkommen, mar ienris yn 'e romte blykt de hyperoandriuwing fan 'e Millennium Falcon stikken te wêzen. Dêrtroch kinne se net nei in oar planetestelsel springe en moatte se op in oare wize oan 'e skippen fan 'e Keizerlike float sjen te ûntkommen. Han fljocht mei opsetsin in asteroïdefjild yn, dêr't de efterfolgjende TIE-jagers al rillegau ferûngelokje troch botsingen mei yndividuele asteroïden. Darth Vader hat ûnderwilens fia holografyske tillekommunikaasjeapparatuer in petear mei keizer Palpatine, dy't er oerhellet om him besykje te litten om Luke ta de tsjustere kant fan de Krêft te bringen. Syn talint foar de manipulaasje fan 'e Krêft kin harren ommers goed fan pas komme.

Underwilens set Luke mei de robot R2-D2 yn syn X-wjukjager ôf fan Hoth. Mar ynstee dat er him nei it yn 't foar ôfsprutsen moetingspunt fan 'e rebellen bejout, set er, ta argewaasje fan R2-D2, koers nei Dagobah. Dêr oankommen blykt it in sompige, dridzige wrâld sûnder folle ynnimlikens te wêzen. De iennichste yntelliginte bewenner dy't Luke treft, is in lyts grienhûdich wêzentsje dat him útlaket, syn iten oanfret, syn besittings fandalisearret, syn bûslampe stelt en himsels yn algemiene sin op oantsjitjaande wize hâldt en draacht. It wêzentsje seit te witten wêr't Yoda is, mar wegeret dat te sizzen oant nei it iten, dat Luke lit himsels meitroaie nei de wente fan it wêzen, dy't te lyts foar him is. As er úteinlik syn nocht hat en risselwearret om op te stappen, docht ta syn skok bliken dat it griene wêzentsje sels Yoda is.

Han-en-dy sykje mei harren skip beskûl yn in grot yn ien fan 'e gruttere asteroïden, dêr't se yn alle rêst de hyperoandriuwing reparearje kinne. Meitiid komt lykwols oan it ljocht dat it gjin grot is, dêr't se yn flein binne, mar de kiel fan in reuseftich romtewêzen dat de grot bewennet. Se witte mar kwealk op 'e tiid te ûntkommen. As se dan de Keizerlike float wer efter harren oan krije, keart Han de Millennium Falcon om en fljocht de folle gruttere stjerreslachskippen temjitte as wol er se oanfalle. Nei't se oer de brêge fan ien fan 'e skippen skeare, ferdwine se spoarleas. It docht lykwols bliken dat Han syn skip magnetysk oan 'e efterkant fan 'e brêge fêstmakke hat, op in plak dêr't se út 'e brêge wei ûnsichtber binne. As de Keizerlike float foar it ôfsetten nei oare oarden alle ôffal dumpt, lit er de Millennium Falcon kalmkes mei alle oare rommel fuortsweve. Troch al dy aventoeren hinne groeit it kibjende pearke Han en Leia almar mear nei inoar ta, oant se op in stuit in tút útwikselje.

Han mient dat er mei syn slûchslimme ûntsnapping alle efterfolging ôfskodde hat, mar dat is bûten de Mandaloriaan Boba Fett rekkene. Dyselde is in preemjejager, ien fan in stikmannich fan sokken dy't troch Vader gearroppen en útstjoerd binne om 'e Millennium Falcon te sykjen. Wylst Han yn oerlis mei Leia en Chewbacca koers set nei de gasreus Bespin, dêr't in âlde maat fan sines, de gokker Lando Calrissian, in mynboukoloanje bestjoert, folget Fett de Millennium Falcon op 'e foet. Yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op Bespin wurde Han, Chewbacca en Leia gastfrij ûnthelle troch Lando, mar C-3PO ferdwynt nei't er by it omsneupen wat sjoen hat dat er net sjen mocht. Chewbacca fynt de androïde letter yn stikken werom yn in recyclingfasiliteit dy't eksploitearre wurdt troch in groep Ugnaughts en besiket him wer yninoar te setten, mei brike resultaten. Ear't C-3PO fier genôch hinne reparearre is om te fertellen wat him oerkommen is, wurde Han, Leia en Chewbacca finzen nommen troch Darth Vader en syn stoarmtroepers. Warskôge troch Boba Fett hawwe dyselden Bespin in oere foàr de Millennium Falcon berikt en Lando twongen om mei te wurkjen oan it opsetten fan in mûklaach.

Op foarspraak fan 'e geast fan Obi-Wan nimt Yoda Luke mei tsjinnichheid as learling oan. Neitiid traint er Luke om te learen hoe't er mei de ljochte kant fan 'e Krêft omgean moat, en hoe't er de negative emoasjes wjerstean moat dy't him ferliede soene ta de tsjustere kant fan de Krêft, sa't mei Vader bard is, dy't eartiids in learling fan Obi-Wan wie. Luke hat der lykwols in protte muoite mei om syn lulkens en ympulsiviteit te behearskjen, en de wiere aard en macht fan 'e Krêft ûntgiet him oant er sjocht hoe't Yoda troch telekineze sûnder swierrichheden de sonken X-wjukjager út it moeras tilt en op it drûge set. Dêrnei giet it better, mar as Luke in foarsizzend fizioen kriget wêryn't Han en Leia pine lije, kin er de kop der net mear by hâlde. Tsjin 'e beswieren fan Yoda en de geast fan Obi-Wan yn beslút er en brek syn training ôf om fuort te gean en syn freonen te rêden. Wylst se him neisjogge, merkt Obi-Wan tsjin Yoda op dat Luke harren lêste hope is, mar Yoda leit dêrtsjin yn: "Der is noch in oarenien."

Yn 'e Stêd yn 'e Wolkens lit Vader Han martelje. Dêrnei beslút er en brûk him as proefknyn om út te finen oft in minske it oerlibje kin om yn 'e tibannagasraffinaderij fan Lando, dy't beärbeide wurdt troch Ugnaughts, yn (de fiktive stof) karbonyt ynferzen te wurden. De finzenname fan Han, Leia en Chewbacca wie nammentlik foar him in middel ta in doel: om harren as lokies te brûken foar Luke. Want dat is dejinge dêr't wier belangstelling foar hat. Foar't Han ynferzen wurdt, jout Leia einlings ta dat se fan him hâldt. Neitiid draacht Vader de ynferzen Han oer oan Boba Fett, dy't him meinimt nei de planeet Tatooine, dêr't de gangster Jabba de Hutt Han in hege preemje op 'e holle set hat.

Mei Lando hie Vader ôfsprutsen dat Leia en Chewbacca ûnder Lando syn tafersjoch yn 'e Stêd yn 'e Wolkens bliuwe kinne soene, mar no komt er dêrop werom en risselwearret er om harren as finzenen mei te fieren. Lando beseft dan dat syn ôfspraken mei Vader weardeleas binne. Hy jout opdracht ta de ûntromming fan 'e Stêd yn 'e Wolkens en yn 'e gaos dy't dêrtroch ûntstiet, befrijt er Leia en Chewbacca. Underwilens binne Luke en R2-D2 yn 'e Stêd yn 'e Wolkens arrivearre, dêr't Luke mei opsetsin nei Vader ta laat en fan R2-D2 skaat wurdt. R2-D2 jout him by Lando, Leia, Chewbacca en de yn stikken op Chewbacca syn rêch bûne C-3PO. Fiifresom witte se te ûntkommen yn 'e ûnderwilens reparearre Millennium Falcon.

Luke moetet Vader yn 'e karbonytfrieskeamer, dêr't se slaande deilis reitsje yn in duël mei de ljochtsabel. Vader trunet Luke oan om 'e macht fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft te omearmjen, sadat se tegearre de keizer ûnder fuotten helje en yn syn plak oer it Stjerrestelsel regearje kinne. Luke stegeret dat foarstel ôf en wiist derop dat Vader syn heit Anakin Skywalker fermoarde hat, eat dat Obi-Wan him trije jier lyn ferteld hat. Vader reägearret troch út te bringen dat hysels Anakin is. Dat wol Luke earst net leauwe en it duël giet fierder oant Vader Luke syn rjochterhân ôf slacht. Alhiel oerémis fan pine en fertriet springt Luke leaver yn in luchtskacht as dat er him by Vader jout. De skacht liedt him hielendal nei ûnderen oant er út 'e ûnderkant fan 'e swevende stêd falt, dêr't er him wanhopich fêstklampt oan in antenne. Hy rikt troch de Krêft nei Leia, dy't de Millennium Falcon omkeare lit om him op te pikken.

Efterfolge troch TIE-jagers besiket Chewbacca neitiid mei de Millennium Falcon yn 'e hyperromte te springen, mar op 'e nij wegeret de hyperoandriuwing. It docht bliken dat admriaal Piett de Millennium Falcon yn opdracht fan Vader sabotearje litten hat. As it romteskip op it punt stiet om fongen te reitsjen yn 'e lûkstriel fan Piett syn stjerreslachskip, slagget it R2-D2 om 'e hyperoandriuwing te reäktivearjen, sadat se op it nipperke ûntsnappe kinne. Letter wurdt Luke syn ferlerne hân ferfongen troch in heechweardige, net fan echt te ûnderskieden proteze. Hy, Leia, C-3PO en R2-D2 wiuwe Lando en Chewbacca út, dy't yn 'e Millennium Falcon ôfsette nei Tatooine om Han werom te finen.

Mark Hamill yn 2019.
Carrie Fisher yn 2013.
Harrison Ford yn 2017.
Billy Dee Williams yn 1997.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                                     
Luke Skywalker Mark Hamill
Han Solo Harrison Ford
prinsesse Leia Organa Carrie Fisher


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lando Calrissian Billy Dee Williams
Chewbacca Peter Mayhew
Darth Vader David Prowse (fysyk) en James Earl Jones (stim)
Yoda Frank Oz* (poppespul en stim)
C-3PO Anthony Daniels
R2-D2 Kenny Baker
geast fan Obi-Wan Kenobi sir Alec Guinness
Boba Fett Jeremy Bulloch (fysyk) en Jason Wingreen (stim)
keizer Palpatine Marjoree Eaton (fysyk) en Clive Revill (stim)
Wedge Antilles Denis Lawson
admiraal Firmus Piett Kenneth Colley
generaal Rieekan Bruce Boa
admiraal Ozzel Michael Sheard
generaal Veers Julian Glover
kaptein Lorth Needa Michael Culver
Lobot, asstistint fan Lando John Hollis
haadman fan 'e Ugnaughts Jack Purvis
Dak Ralter John Morton
majoar Derlin John Ratzenberger
Zev Senesca Christopher Malcolm
Hobbie Klivian Richard Oldfield
Wes Janson Ian Liston
Cal Alder Jack McKenzie
de wampa Des Webb
Dengar (preemjejager) Morris Bush
Bossk (preemjejager) Alan Harris

*) assistearre troch Kathryn Mullen, David Barclay en Wendy Froud

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ûnferwachte reuseftige kommersjele súkses fan Star Wars: Episode IV – A New Hope, yn 1977, waard halje-trawalje in ferfolchfilm yn preproduksje nommen. George Lucas, de betinker fan Star Wars, wie miljonêr wurden en hie no syn skiepkes op it drûge, dat hy hoegde eins net mear te wurkjen. Hy naam it yn omtinken om Star Wars te ferkeapjen oan 20th Century Fox, de finansier en distributeur fan 'e earste film, mei't syn eigen filmstudio, Lucasfilm, eins te lyts wie foar sa'n megaproduksje as dit wurde moast. Lucas wie lykwols ynvestearre yn syn kreaasje, en hy fertroude de fierdere ûntwikkeling fan Star Wars net oan oaren ta.

Yn 'e simmer fan 1977 iepene er ûnderhannelings mei Fox oer in ferfolch. De studio hie alle rjochten op 'e merchandising en eventuele ferfolchfilms fan Star Wars al oan Lucas ôfstien, om't de studiobazen tocht hiene dat Star Wars: Episode IV – A New Hope in flop wurde soe. Troch dy kapitale flater giene de ûnderhannelings no flot. Der waard besletten dat Fox gjin sizzenskip oer de plot fan 'e ferfolchfilm hawwe soe. Yn ruil foar finansiering krige de studio de distribúsjerjochten en 50% fan 'e bruto opbringst foar de earste $20 miljoen, mei dêrboppe in ôfrinnend persintaazje nei 22,5% foar alle opbringst boppe de $100 miljoen. Mei't dus 77,5% fan 'e opbringst boppe de $100 miljoen nei Lucas gean soe, koe de ferfolchfilm him smoarryk meitsje. Mar hy naam in risiko troch alles dat er oan 'e earste film fertsjinne hie yn 'e twadde film te stopjen.

George Lucas, de betinker fan Star Wars.

Mei't it regissearjen fan 'e earste film Lucas safolle stress oplevere hie, dat syn sûnens derfan te lijen hân hie (sa hied er in fierstente hege bloeddruk krigen), hied er gjin sin om foar de ferfolchfilm wer sels de rezjy te dwaan. Hy naam likernôch hûndert regisseurs yn omtinken foar't er yn febrewaris 1978 Irvin Kershner yn 'e earm naam, oan wa't er al langere tiid kunde hie. Kershner wie der earst net botte happich op om in ferfolchfilm te regissearjen, en al hielendal net in ferfolch op sa'n súksesfolle film as Star Wars: Episode IV – A New Hope. Syn freonen warskôgen him dêrfoar en sels wied er benaud dat hy de swarte pyt taspile krije soe as de film flopte. Lucas beprate him der lykwols fan dat it gjin ferfolchfilm wie, mar in folgjend haadstik yn in langer ferhaal, en dêropta joech er him oansjenlike kreätive autonomy.

Foar it gefal dat Star Wars: Episode IV – A New Hope gjin súkses wurden wie, hie Lucas auteur Alan Dean Foster ynhierd om 'e roman Splinter of the Mind's Eye te skriuwen, dêr't er eventueel letter in lowbudgetferfolch op basearje koe. Mei it súkses fan 'e earste film wie dat net mear nedich en moast der in ambisjeuzer senario komme. Yn augustus 1977 begûn Lucas ideeën te formulearjen oangeande in ferfolch, dêr't bgl. de keizer yn foarkomme moast en dêr't ek yn ferklearre wurde moast hoe't haadpersoan Luke Skywalker oan 'e groeden yn it gesicht kaam dy't akteur Mark Hamill nei it foltôgjen fan 'e opnamen fan Star Wars: Episode IV – A New Hope oprûn hie by in auto-ûngemak. Om it senario te skriuwen hierde Lucas science fiction-skriuwster Leigh Brackett yn, mei wa't er fia-fia yn 'e kunde kommen wie. Hja wie treflik yn it skriuwen fan flugge dialooch, eat dêr't Lucas sels muoite mei hie. Doe't er har foar de put frege, wied er him der fan bewust dat Brackett kanker hie.

Leigh Brackett yn 1941.

Fan 28 novimber oant 2 desimber 1977 wiene Lucas en Brackett yn konklaaf. Lucas hie de wichtichste ideeën foar de ferfolchfilm al yn gedachten, mar wist net krekt hoe't er dy oaninoar riuwe moast. Hy stelde him in plot foar mei trije ferhaallinen, ferdield oer 60 sênes, 100 bledsiden en 2 oeren spyldoer. Nije eleminten wiene û.m. de planeet Kashyyyk, de thúswrâld fan 'e Wookiees (dy't de film net helle), de keizer, in gokker út it ferline fan Han Solo, de ferlerne twillingsuster fan Luke Skywalker (waard bewarre foar it trêde diel) en in lyts wiis wêzentsje dat earst Minch hiet, mar letter Yoda kaam te hjitten. Om dyselde tiid hinne kaam filmprodusint Gary Kurtz op 'e lapen mei de titel The Empire Strikes Back. Neffens him moast in titel as Star Wars II foarkomd wurde om't films mei "II" of "2" yn 'e titel (neffens him) sjoen wurde as minderwurdich.

Bracket foltôge de earste ferzje fan it senario yn febrewaris 1978. Dêryn wiene sokke út 'e úteinlike film werom te kennen eleminten opnommen as in stêd yn 'e wolkens, in efterfolging troch in asteroïdefjild, in fokus op 'e trijehoeksferhâlding tusken Luke, Han Solo en prinsesse Leia, in fjildslach op in iisplaneet, Leia yn 'e rol fan 'e jonkfrou yn need en in klimaktysk duël tusken Luke en Darth Vader. Luke waard lykwols besocht troch de geasten fan Obi-Wan Kenobi en syn heit Anakin, wylst Vader in selsstannich personaazje wie. Fierders waard yn dizze ferzje fan it senario bekendmakke dat Luke in twillingsuster hie dy't net Leia wie, wylst Lando in kloan út 'e Kloane-oarloggen wie en Han op in kweeste gie om 'e help fan syn machtige styfheit foar it Rebelleferbûn te winnen. Lucas makke in lange list fan oantekenings oer dingen dy't oars moasten en besocht doe kontakt op te nimmen mei Brackett, mar hja wie ûnderwilens opnommen yn in sikehûs, dêr't se palliative soarch ûntfong foar't se in pear wiken letter, op 18 maart 1978 oan kanker ferstoar.

Lawrence Kasdan yn 2015.

Omreden fan it strakke skema dat er himsels oplein hie, koe George Lucas doe net oars as eigenhandich it senario omwurkje. Hy foltôge in hânskreaune twadde ferzje op 1 april. Yn Lucas syn ferzje waard Luke syn twillingsuster as in nij personaazje opfierd dat in selde soarte ûntwikkeling trochmakket as Luke; Vader is benaud foar de keizer en makket plannen om him ûnder fuotten te heljen; Yoda kriget syn karakteristike eksintrike spraakpatroan; en preemjejagers, ûnder wa Boba Fett, wurde efter Han en Leia oan stjoerd. Hoewol't de hânskreaune ferzje fan Lucas syn skript de ferrassing befettet dat Vader Luke syn heit is, mist dy ûntwikkeling út 'e úttypte ferzje fan datselde skript. Lucas sei letter dat er dat mei sin dien hie om't er bang wie dat dy grutte ferrassing útlekke soe, en dat woed er út noch yn net.

Yn juny 1978 hierde Lucas Lawrence Kasdan yn, dy't yndruk op him makke hie mei syn wurk oan Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark (1981), om it senario fierder út te wurkjen. Kershner waard ek by de besprekkings dêroer belutsen. Kasdan foltôge de trêde ferzje yn begjin augustus en nei fierdere op- en oanmerkings fan Lucas levere er de fjirde ferzje op 24 oktober yn. In fyfde ferzje, mei lytse oanpassings en de yntroduksje fan 'e troch Kershner betochte Ugnaughts (dêr't Lucas net wei fan wie om't er harren as slaven seach), waard yn febrewaris 1979 definityf.

Hoewol't in diel fan Bracket har ideeën yn it skript bleaune, lykas de training dy't Luke op Dagobah ûndergiet, wie tsjin dy tiid al har dialooch en karakterisearring fan 'e personaazjes fuortskrast. Eins wie it senario it wurk fan Kasdan en Lucas, mar Lucas hie Brackett graach lije mocht en lobbyde by it Writers Guild of America, it Amerikaanske fakbûn fan senarioskriuwers dat sizzenskip oer sokke dingen hat, om har en Kasdan op 'e ôftiteling as senaristen neame te meien. Teffens kearde er oan har djipdrôven in grutter salaris út as de $50.000 dêr't er kontraktueel ta ferplichte wie.

Hardangerjøkulen, de Noarske gletsjer dy't yn 'e film trochgiet foar de iisplaneet Hoth.

Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back waard regissearre troch Irvin Kershner nei in senario dat formeel op namme kaam fan Leigh Brackett en Lawrence Kasdan op basis fan ideeën fan George Lucas. As produsint wie Gary Kurtz by it projekt belutsen foar de filmstudio Lucasfilm. George Lucas hie yn 'e funksje fan útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $30,5 miljoen, dat fierhinne finansierd waard troch 20th Century Fox. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Peter Suschitzky, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams.

De opnamen foar Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back setten op 5 maart 1979 útein. De binnendoarsênes waarden, krekt as by it foargeande diel, filme yn 'e Elstree Studios yn Hertfordshire, ûnder de reek fan Londen. De sênes op 'e iisplaneet Hoth waarden op lokaasje yn Noarwegen opnommen, op Hardangerjøkulen, in gletsjer yn 'e neite fan it doarp Finse. Dêr hearsken op dat stuit temperatueren fan –32 oant –39 °C, wylst de leden fan 'e filmcrew alve oeren deis bûtendoar oan it wurk wiene.

De Elstree Studios yn Hertfordshire, dêr't de binnendoarsênes opnommen waarden.

By it opnimmen fan 'e sêne wêryn't Han Solo yn karbonyt beferzen wurdt, waard gebrûk makke fan wolken steam om te fertsjustermoanjen dat de filmset eins mar foar in part ôf wie. De temperatuer yn 'e studio klom op ta 32 °C, en Peter Mayhew, dy't de rol fan Chewbacca spile yn in tsjûk wollen pak, waard op in stuit net goed doe't er befongen rekke troch de hjittens. Mark Hamill, dy't Luke Skywalker spile, ferwûne syn hân doe't er by in sêne in stuntsprong dwaan moast. Neitiid wied er ferskate dagen út 'e running. David Prowse, dy't de rol fan Darth Vader spile, krige oare tekst om op te sizzen yn it plak fan syn útbringen dat Vader Luke syn heit wie, om't de filmmakkers bang wiene dat dy opsjenjaande ûntwikkeling oars gau útlekke soe. Om't Prowse syn dialooch yn 'e postproduksje dochs neisyngronisearre waard mei de stim fan James Earl Jones, smiet it feroarjen fan Prowse syn tekst fierders gjin swierrichheden op.

De distribúsje fan Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 6 maaie 1980 yn Londen yn premiêre, folge troch in Amerikaanske premiêre yn Washington, D.C. op 17 maaie. De film iepene dêrnei op 20 maaie yn 'e Britske en op 21 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 16 maaie by platemaatskippij RSO Records.

It oarspronklike logo fan Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back.

Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back waard yn 1985 útbrocht as VHS-keapfideo. Yn 1997 brocht George Lucas de trije dielen fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy yn remastere foarm op 'e nij yn 'e bioskoop. Dêrfoar waard mei moderne special effects berikt wat yn 1980 ûnmooglik wie. Foar The Empire Strikes Back betsjutte dat û.m. dat de wampa yn 'e iepeningssekwinsje no ta fuotten út yn byld brocht waard. Dy ferzje fan The Empire Strikes Back stiet bekend as de special edition. De film ferskynde yn 2004 foar it earst op dvd, yn in boxset mei Star Wars: Episode IV – A New Hope en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Yn 2011 kaam The Empire Strikes Back foar it earst út op blu-ray, ek wer yn 'e mande mei de oare dielen fan 'e trilogy.

Fan 'e filmkritisy krige Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back mingde resinsjes, mei't in diel fan harren net fuortendaliks waarm rûn foar de dûnkerder toan en de mear folwoeksen tematyk fan 'e film yn ferhâlding ta it lichthertige Star Wars: Episode IV – A New Hope. In protte fans fan 'e earste film wiene ek net entûsjast oer de feroaring fan toan en de ferskate ûnferwachtse draaien yn it ferhaal, yn 't bysûnder dat Leia foar Han keas boppe Luke en it oan it ljocht bringen fan it feit dat Darth Vader Luke syn heit wie.

Joy Gould Boyum, dy't foar The Wall Street Journal skreau, fûn it "absurd" om dramatyk ta te foegjen oan Star Wars, mei't dat de filmsearje neffens har fan syn ûnskuld berôve. Judith Martin fan The Washington Post neamde Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back in "goede pulpfilm", dêr't men inkeld flechtich fan genietsje koe om't it ferhaal net op himsels stean koe. Vincent Canby fan The New York Times fûn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back yn ferhâlding ta syn foargonger in mear meganyske, minder spannende ûnderfining, mei in saaie, ûnynteressante cast. Sels de brike setten fan 'e robots C-3PO en R2-D2 wiene neffens him net frij fan 'e wet fan 'e minderjende mearopbringsten, mar Yoda fûn er in súkses, salang't dat personaazje mar sparsum ynset waard.

Yn The Washington Post skreau Gary Arnold dat er de dûnkere ûnderstreamings en gruttere ferhaalopbou krekt ynterssant fûn, om't sa mear ferhaallinen ferkend wurde koene. Gerald Clarke, fan it tydskrift Time, fûn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back op ferskate manearen better as Star Wars: Episode IV – A New Hope, wêrûnder op fisueel en artistyk mêd. De ein fan 'e film omskreau er lykwols as "net botte befredigjend", en hy koe it ferhaal út en troch mar dreech folgje om't er ynformaasje miste yn 'e rimpen foarúthastigjende plot. Yn 'e Los Angeles Times omskreau Charles Champlin de iepen ein fan 'e film as in fernimstige cliffhanger.

Wat de cast oanbelange, hie Champlin lof foar Mark Hamill ("jeugdich ûnskuldich") en Carrie Fisher ("ûnôfhinklik"). Janet Maslin fan The New York Times hie in protte krityk op it personaazje fan Lando Calrissian, dy't se "oerdreaun glysterich, ûnbetrouber en fol sittend mei kletspraat" neamde. Yn 'e Chicago Tribune skreau Gene Siskel dat de net-minsklike personaazjes, de robots en Chewbacca ynbegrepen, de ynnimlikste wêzens yn 'e filmsearje bleaune, mei as ûnbekreaud hichtepunt de yntroduksje fan Yoda.

Yn lettere jierren bettere de wurdearring fan 'e kritisy foar Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back oansjenlik op. De film waard re-evaluëarre, en wurdt no rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films dy't ea makke binne. Yn in ranglist fan bêste films fan The Hollywood Reporter, út 2014, waard de film it 32e plak takend. Yn 2010 waard Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back troch de Library of Congress foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it National Film Registry omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Akteur Mark Hamill by it promoatsjen fan 'e film yn 1980.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back in tige heech goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 105 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't [de film] dûnker, sinister, mar úteinlik sels noch oangripender is as A New Hope, ferget The Empire Strikes Back de ferwachtings fan it publyk en fiert dêrby de searje nei in emosjoneel hichtepunt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back in goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 25 resinsjes.

Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $292,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $190,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $483,4 miljoen. Dêrmei wie Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back de meast opbringende film fan 1980. Lettere re-releases yn 'e bioskoop brochten nochris $55 miljoen op, sadat de totale opbringst útkaam op $538,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30,5 miljoen betsjut dat in winst fan $507,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn 'e bioskopen yn Noard-Amearika ûnderfûn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back konkurrinsje fan û.o. de aksjekomeedzje Smokey and the Bandit II.

Yn 1981 waard Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back nominearre foar 4 Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste orizjinele filmmuzyk en bêste artdirection. De film wûn de Oscar foar bêste lûdsmixing en de Spesjale Prestaasje-Oscar foar bêste fisuele effekten. Itselde jiers waard de film by de Golden Globes nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste orizjinele filmmuzyk (mar wûn dy net).

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back nominearre yn trije kategoryen, wêrûnder bêste lûd en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de BAFTA foar bêste filmmuzyk. Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back wûn ek 2 Grammy Awards, foar bêste ynstrumintele komposysje en bêste soundtrack foar fisuele media, 4 Saturn Awards, foar bêste science fiction-film, bêste regisseur, bêste akteur (Mark Hamill) en bêste special effects, de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm) en de People's Choice Award foar favorite film.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)