Firmus Piett
Firmus Piett personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | admiraal | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Darth Vader keizer Palpatine | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1980 |
Firmus Piett (útspr.: [piˈɛt], likernôch: "pi-jet") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in admiraal fan 'e romtemacht fan it Galaktysk Keizerryk en dêrmei ien fan 'e mindere smjunten út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. Piett waard spile troch Kenneth Colley. It personaazje waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, út 1980 en kearde werom yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), wêrmei't it de iennichste Keizerlike ofsier yn 'e oarspronklike trilogy is, dy't yn mear as ien film foarkaam.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de rol fan admiraal Piett socht Irvin Kershner, de regisseur fan Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, yn syn eigen wurden, "immen dy't Adolf Hitler bang meitsje soe". Doe't de Britske akteur Kenneth Colley audysje die, sei Irvin: "Ja, ik leau dat jo him binne."
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Empire Strikes Back
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back hat Firmus Piett de militêre rang fan kaptein yn 'e romtemacht fan it Galaktysk Keizerryk, en is er ûnder admiraal Ozzel de earste ofsier fan it superstjerreslachskip Eksekuteur. Dat is it flaggeskip fan Darth Vader, de wichtichste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Wylst se sykje nei de nije basis fan it Rebelleferbûn, ûntfangt de Eksekuteur in transmisje fan in Keizerlike ferkenningsrobot op 'e iisplaneet Hoth, dy't derop wiist dat dêr wat oan 'e hân is. Piett leit it foar oan admiraal Ozzel, dy't it fuortwiuwt as fan gjin belang. Darth Vader heart harren petear lykwols en jout opdracht om 'e Keizerlike float nei Hoth te bringen.
Ozzel lit de float sa ticht by de planeet út 'e hyperromte komme, dat de rebellen, dy't yndie in geheime basis op Hoth fêstige hawwe, de Keizerlike romteskippen gewaarwurde kinne. Hja stelle dêrom in enerzjyskyld yn wurking, dat de basis beskermet tsjin in orbitaal bombardemint. Vader is dêr poermin oer te sprekken, en fiert daliks de stânrjochtlike eksekúsje fan 'e ynkompetinte Ozzel út. Neitiid befoarderet er Piett ta admiraal en jout him de posysje fan Ozzel. Nei de Slach om Hoth kriget Piett de lieding oer de efterfolging fan 'e Millennium Falcon, it romteskip fan 'e smokkelder en rebel Han Solo, dat fan 'e planeet ôf ûntkommen is. As Solo beskûl siket yn in asteroïdefjild, hat Piett de net te beniidzjen taak om Vader te ynformearjen dat it reuseftige superstjerreslachskip dêr net folgje kin.
De oplossing fan Vader is om in stikmannich preemjejagers yn te hieren, ûnder wa de Mandaloriaan Boba Fett, dy't er útstjoert om 'e Millennium Falcon wer op te spoaren. Dat is in taktyk wêrfoar't Piett mar dreech syn minachting ferbergje kin. As Solo-en-dy trochgeane mei it ûntkommen oan harren efterfolgers, eksekutearret Vader Lorth Needa, de kaptein fan it stjerreslachskip Wreker, eat dat tagelyk fungearret as in faaie warskôging foar Piett. Boba Fett folget de Millennium Falcon lykwols nei de Stêd yn 'e Wolkens, op 'e planeet Bespin, dêr't Solo-en-dy yn 'e fâle rinne. Piett lit syn ûnderhearrigen de hyperoandriuwing fan 'e Millennium Falcon sabotearje, sadat se net wer yn it skip ûntkomme kinne. As prinsesse Leia, Chewbacca, Lando Calrissian, Luke Skywalker, C-3PO en R2-D2 letter yn it skip besykje te ûntkommen, kin Piett harren sadwaande op in hier nei wer finzen nimme. Dat slagget úteinlik lykwols net, mei't R2-D2 krekt op 'e tiid de hyperoandriuwing wer oan 'e praat kriget.
Return of the Jedi
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi fiert Firmus Piett it befel oer de Keizerlike float yn 'e Slach by Endor. As in kommando-ienheid fan 'e rebellen, ûnder wa Han Solo, Chewbacca en prinsesse Leia, yn it stellen Keizerlik romtefear Tyridium in âldere, mar noch jildige feilichheidskoade trochstjoert om tastimming te krijen foar in lâning op 'e boskmoanne Endor, stiet Piett op it punt om harren troch te litten, as Darth Vader ûnrie rûkt. Piett biedt oan om it fear hohâlde te litten foar kontrôle. Vader leit dêr lykwols it near op as er Piett fertelt dat er sels mei it fear en de ynsittenden dêrfan ôfweve sil.
Yn 'e Slach by Endor, wêrby't de rebellen besykje en ferneatigje de twadde Deadsstjer, ûntfangt Piett befel fan keizer Palpatine sels om syn float yn posysje te hâlden. Op dy manear kin de ynsletten float fan it Rebelleferbûn net fuortkomme as bliken docht dat de superlaserkanonnen fan 'e noch net foltôge Deadsstjer al operatyf binne. It plan fan 'e keizer om sa mei de rebellen ôf te weven, falt yn it wetter as admiraal Ackbar, de befelfierder fan 'e rebellen, syn skippen oarderet om 'e stjerreslachskippen fan 'e Keizerlike float fan deunby oan te fallen, om't se dêrtsjin noch altyd in bettere kâns hawwe om te oerlibjen as tsjin 'e Deadsstjer. De skippen fan 'e rebellen konsintrearje har fjoer op 'e Eksekuteur, it skip fan Piett.
Nei't it enerzjyskyld dat de brêge fan it superstjerreslachskip beskermet, oerbelêstge rekket en útfalt, jout Piett syn ûnderhearrigen befel om sa hurd te sjitten dat der neat trochhinne komme kin. In heal fernielde stjerrejager fan 'e rebellen dûkt dan ynienen op in kamikaze-eftige wize de brêge fan 'e Eksekuteur binnen en ferneatiget dy. Admiraal Piett en syn earst ofsier Gherant witte it faaie libben der noch ôf te rêden troch nei it legere kommandodek te springen, mar de Eksekuteur is ûnbestjoerber wurden en botst op 'e folle gruttere Deadsstjer. It hiele skip ûntploft en alle opfarrenden, ûnder wa Piett, komme om.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |