Chirrut Îmwe

Ut Wikipedy
Chirrut Îmwe
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Jedhaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Beskermer fan 'e Whills
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Baze Malbus
Jyn Erso
Cassian Andor
Bodhi Rook
K-2SO
geastlike heit Chris Weitz
ûntstean 2016

Chirrut Îmwe (Ingelske útspr.: [ˈʧœɹut ˈɪmweː], likernôch: "tsjur-rût im-ûee") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2016 yntrodusearre yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story. De geastlike heit fan it personaazje wie Chris Weitz, de senarioskriuwer fan dy film. Chirrut Îmwe is in Beskermer fan 'e Whills, in lid fan in oarder fan monastyske krigers. Hy is blyn, mar lit dat him yn syn dwaan en litten net behinderje. Hy beselskippet Jyn Erso en Cassian Andor op in wanhopige misje om út it Keizerlik Argyf op 'e planeet Scarif de blaudrukken te stellen fan 'e Deadsstjer, in massaferneatigingswapen sa krêftich dat it hiele planeten ferdylgje kin. De rol fan Chirrut waard spile troch de Hongkongske akteur Donnie Yen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It personaazje fan Chirrut Îmwe wie yn it senario fan Rogue One: A Star Wars Story relatyf ûnfoltôge litten. Regisseur Gareth Edwards stie akteur Donnie Yen ta om syn rol nei eigen goedtinken fierder yn te foljen. Yen kaam mei it idee om Chirrut blyn wêze te litten, wêrby't er him ynspirearje liet troch Zatoichi, in bline masseur en samoerai en de haadpersoan yn 'e (anno 2022) 26-dielige Japanske filmsearje mei deselde namme.

Yn Rogue One[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016) wurdt Chirrut Îmwe yntrodusearre as de haadpersoanen, de krimineel Jyn Erso en de rebel Cassian Andor, op 'e moanne Jedha de Hillige Stêd oandogge op 'e siik nei in mooglikheid om yn kontakt te kommen mei Saw Gerrera, de lieder fan in ekstremistyske fersetsgroep en Jyn har pleechheit. It Rebelleferbûn hat nammentlik heard dat Bodhi Rook, in desertearre frachtpiloat fan it wapenprogramma fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, Gerrera ynformaasje brocht hat oer in nij Keizerlik massaferneatigingswapen, de Deadsstjer.

As Jyn en Cassian yn 'e Hillige Stêd troch in merk komme, wurdt Jyn dêr oansprutsen troch in bline man. Hja is yntrigearre troch syn wurden, mar Cassian skuort har mei om't se hjir net binne om it mei pleatslike lju oer rûchkâlt te hawwen. Hy fertelt har dat de bline man ien fan 'e Beskermers fan 'e Whills is. Dat binne monastyske krigers dy't it as harren libbenstaak beskôgje om pylgers te beskermjen ûnderweis nei de timpel mei de kyberkristallen dy't de Hillige Stêd hillich meitsje. Mar no't dy allegearre stellen binne troch it Keizerryk, hingje de Beskermers fan 'e Whills mar wat om en dogge se (neffens Cassian) neat oars as problemen foar oaren feroarsaakje.

Fuort letter reitsje Jyn en Cassian ûnbedoeld behelle yn in oanfal fan Gerrera syn partisanen op it Keizerlik konfoai dat de lêste kyberkristallen ferfiert. Dat kostet harren op in hier nei it libben, mar se wurde rêden troch Chirrut en dy syn freon, de hierling Baze Malbus. Om't se de oanfal yn it hûndert jage hawwe soene, wurde se alle fjouwer finzen nommen troch de partisanen, dy't harren meinimme nei harren basis yn in grot in ein bûten de Hillige Stêd. Dêr wurde Cassian, Chirrut en Baze opsletten yn in sel njonken dy fan Bodhi Rook, wylst Jyn by Gerrera brocht wurdt.

Underwilens jout grut-moff Wilhuff Tarkin, dy't troch keizer Palpatine stjoerd is om tafersjoch te hâlden oer de frijwol foltôge Deadsstjer, oan Orson Krennic, de direkteur fan it Keizerlik wapenprogramma, opdracht om by wize fan test de Hillige Stêd op Jedha te ferwoastgjen. De proef is in súkses en de stêd wurdt yn ien klap ferneatige. De konsintryske skokweagen wreidzje har dêrwei oer de hiele moanne út en ferdylgje alle libben. De partisanen fan Gerrera reitsje alhiel yn ûnstjoer, en yn alle trelit witte Chirrut en de oaren harrensels te befrijen. Mei Jyn witte se krekt op 'e tiid fan Jedha te ûntkommen trochdat se oppikt wurde troch K-2SO, in gefjochtsandroïde fan 'e Keizerlike Striidkrêften dy't troch de rebellen werprogrammearre is.

De oandiene Jyn fertelt letter oan har selskipslju dat Gerrera har in holografysk boadskip fan har heit sjen litten hat, dat Bodhi him brocht hie. Dêryn fertelde Galen Erso, in briljante wittenskipper dy't ûnder twang meiwurket oan it Keizerlik wapenprogramma, dat er syn posysje brûkt hat om mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer yn te bouwen. Oan Jyn joech er opdracht om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer út it Keizerlik argyfkompeks op 'e planeet Scarif te heljen en dy troch te spyljen oan it Rebelleferbûn. Seisresom reizgje Chirrut en syn selskipslju nei de planeet Eadu, dêr't Cassian en Jyn fan doel binne om Galen te befrijen. Of dat sizze se teminsten, mar Chirrut merkt al rillegau dat Cassian eins fan syn superieuren befel krigen hat om Galen te likwidearjen. Op it lêste momint betinkt er him en docht er dat net, mar Galen komt likegoed om by in bombardemint troch de rebellen.

Neitiid reizgje Chirrut en Baze, dy't nei de ferwoastging fan Jedha gjin thús mear hawwe, mei Cassian en Jyn nei de moanne Yavin-IV, dêr't it haadkertier fan it Rebelleferbûn fêstige is. Jyn besiket dêr om 'e nocht en helje de lieding fan it Rebelleferbûn oer om 'e rebellefloat yn te setten foar in wraam op Scarif, om sa de blaudrukken fan 'e Deadsstjer te bemachtigjen. Jyn is frustrearre troch de ûnwil fan 'e rebellen om ta te pakken, mar Cassian komt mei in stik as tweintich oare frijwilligers oan en stelt foar de misje nei Scarif sûnder goedkarring fan syn superieuren út te fieren. Chirrut, Baze en Bodhi slute har dêrby oan. De groep kaapt it Keizerlik frachtfear dat se earder op Eadu bútmakke hiene en set dêrmei ôf. Nei't se op it tropyske Scarif lâne binne, ynfiltrearje Jyn, Cassian en K-2SO it argyfkompleks. Chirrut, Baze en de rebellen fiere wilens in koördinearre oanfal út op it Keizerlik garnizoen, by wize fan ôfliedingsmaneuver. Dêrtroch wurde de stoarmtroepers dy't Jyn-en-dy it paad tichtsette, nei bûten ta stjoerd om 'e oanfal ôf te slaan.

Underwilens fangt it Rebelleferbûn op Yavin-IV kommunikaasje tusken Keizerlike troepen op dêr't yn sprutsen wurdt fan in rebelle-oanfal op Scarif. Dan wurdt dochs noch de rebellefloat stjoerd. Wannear't dy by Scarif oankomt, slute de Keizerlik autoriteiten de poarte yn it ûntrochkringbere enerzjyskyld dat se om 'e hiele planeet hinne makke hawwe. Dêrtroch wurdt ek radiokommunikaasje tusken de rebellen op it planeetoerflak en de rebellefloat yn 'e romte ûnmooglik makke. Om't Jyn en Cassian fan doel binne de blaudrukken oan 'e rebellefloat ta te stjoeren, jout Cassian fia K-2SO oan Bodhi opdracht om in fysike oansluting op it kommunikaasjenetwurk fan Scarif oan te lizzen sadat se de rebellefloat meidiele kinne dat de poarte yn it enerzjyskyld tsjin eltse priis iepenbrutsen wurde moat.

Bodhi liedt mei gefaar foar eigen libben in keabel nei it frachtfear ta en bringt sa in fysike oansluting op it kommunikaasjenetwurk ta stân. It docht lykwols bliken dat de haadskeakelder op it lâningsplatfoarm noch omset wurde moat om 'e oansluting te iepenjen. Mei't se op dat stuit swier ûnder fjoer lizze fan Keizerlike stoarmtroepers, is it berikken fan 'e skeakelder ûnmooglik. Mar Chirrut rint kalm tusken alle laserflitsen troch, wylst er oanhâldend it gebed opseit: "Ik bin ien mei de Krêft. De Krêft is mei my. Ik bin ien mei de Krêft. De Krêft is mei my." Hy berikt de haadskeakelder en set dy om, mar krekt op dat stuit wurdt in brânstofopslach rekke, wat in mânske ûntploffing feroarsaket. Dêrtroch wurdt Chirrut fier efteroer smiten. Syn freon Baze draaft nei him ta, mar de bline kriger is sa swier ferwûne rekke dat er inkele mominten letter yn Baze syn earms ferstjert.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono