Tobias Beckett

Ut Wikipedy
Tobias Beckett
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt krimineel
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Han Solo
Dryden Vos
Chewbacca
Qi'ra
Lando Calrissian
L3-37
geastlike heit Lawrence Kasdan
Jonathan Kasdan
ûntstean 2018

Tobias Beckett (Ingelske útspr.: [təˈbaːi̭əs ˈbɛkɪt], likernôch: "tuh-baai-us bek-kit") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2018 yntrodusearre yn Solo: A Star Wars Story. De geastlike heiten fan it personaazje wiene de senarioskriuwers fan dy film, heit en soan Lawrence en Jonathan Kasdan. Tobias Beckett is in krimineel dy't oan it haad fan syn eigen binde stiet, mar wurket foar it misdiesyndikaat Karmozinen Dage. Hy werpt himsels op as in soarte fan mentor foar de jonge Han Solo. De rol fan Beckett waard spile troch akteur Woody Harrelson.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heit en soan Lawrence en Jonathan Kasdan, de senarioskriuwers fan 'e film Solo: A Star Wars Story, basearren it personaazje fan Tobias Beckett op 'e ienskonkige seerôver Long John Silver, út 'e ferneamde roman Treasure Island fan 'e Skotske skriuwer Robert Louis Stevenson. De mentorskipsrelaasje tusken Beckett en de jonge Han Solo, dy't him yn 'e rin fan 'e film oppenearret, basearren se ek op 'e relaasje út it boek tusken Silver en de jonge Jim Hawkins.

Fertolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rol fan Beckett waard yn Solo: A Star Wars Story spile troch de bekende Amerikaanske akteur Woody Harrelson. Yn in fraachpetear bekende dyselde dat er de rol yn 't earstoan ôfwize woe om mear tiid mei syn gesin trochbringe te kinnen. Mar hy feroare fan gedachten doe't er hearde dat Phoebe Waller-Bridge de rol fan 'e robot L3-37 fertolkje soe. Hy woe nammentlik graach mei har gearwurkje om't er in grutte fan wie fan har tragikomeedzjerige Fleabag.

Yn Solo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018) wurdt Tobias Beckett yntrodusearre as in minsklike man ôfkomstich fan 'e planeet Glee Anselm. Hy is de lieder fan in binde dieven, dy't fierders bestiet út syn frou Val en de fjouwerearmige Ardennyske piloat Rio Durant. Wylst se har op 'e planeet Mimban foardogge as soldaten fan it Galaktysk Keizerryk, om't se in AT-transportromteskip fan 'e Keizerlike Striidkrêften stelle wolle dat se nedich binne foar in oare misje, moetsje se dêr de jonge Han Solo. Dy is op dat stuit ynfanterist, en as Beckett him oanriedt om te sjen dat er sa gau mooglik soldaat-ôf wurdt, freget Han, dy't dochs al mei sokke plannen omrûn, Beckett-en-dy him mei te nimmen. As er ôfstegere wurdt, besiket er Beckett te sjantearjen, mar Beckett, dy't it unifoarm fan in luitenant draacht, lit him arrestearje foar desersje.

Neitiid wurdt Han troch in pear sadistyske soldaten yn in soartemint tsjerker smiten, dêr't in Wookiee finzen holden wurdt, mei as bedoeling dat de Wookiee him opfrette sil. No wol it tafal dat Han Shyriiwook, de taal fan 'e Wookiees, ferstiet en sels in bytsje sprekke kin, en dêrmei wit er de Wookiee, dy't Chewbacca hjit, te bepraten om tegearre te ûntsnappen. Se sette nei de romtehaven ta, dêr't Beckett-en-dy dwaande binne om it transportskip te stellen. Beckett beslút harren mei te nimmen om't er beseft dat de ûnbidige lichemskrêft fan 'e Wookiee noch wolris fan pas komme kin. Neitiid nimme Han en Chewbacca mei Beckett, Val en Rio diel oan 'e stellerij fan in grutte lading coäxium, tige djoere romteskipbrânstof, dat oer it spoar ferfierd wurdt op 'e planeet Vandor. Beckett syn soarchfâldich úttochte plan wurdt alhiel yn 'e bulten jage as de Wolkeriders arrivearje, in binde plonderders ûnder lieding fan 'e maskere Enfys Nest, dy't deselde lading coäxium kape wolle. De resultearjende gaos liedt ta de ferneatiging fan it coäxium en de dea fan Val, Rio en ferskate Wolkeriders.

Beckett is neitiid bot oerstjoer oer de dea fan Val, mar hy sit suver noch mear mei de hannen yn it hier oer it ferlies fan 'e lading coäxium. It plan foar de dieverij wie nammentlik net syn eigen, sa bychtet er no op oan Han en Chewbacca, mar dat fan Dryden Vos, in heechpleaatst ûnderwrâldfiguer yn 'e Karmozinen Dage, in wiidferneamd en rûnom freze misdiesyndikaat. Han en Chewbacca biede oan om Beckett te helpen by it goedmeitsjen fan it ferlies fan it coäxium, sadat Vos him foar syn falen net fermoardzje sil. Se geane oan board fan it romtejacht fan Vos, dêr't Han syn jeugdleafde Qi'ra weromsjocht. It docht bliken dat sy troch har yntelliginsje yn 'e Karmozinen Dage opklommen ta assistinte fan Vos.

Han tinkt mei Beckett en Chewbacca in riskant plan op om rou coäxium te stellen út 'e minen op 'e planeet Kessel. Vos giet dêr akkoart mei, mar stiet derop dat Qi'ra harren beselskipje sil om foar him in eachje yn it seil te hâlden. Mei't rou coäxium ynstabyl is en mar beheind hâldber foar't it ûntploft, hawwe se ferlet fan in tige fluch romteskip om 'e lading op 'e tiid nei de raffinaderij op 'e planeet Savareen te bringen. Qi'ra wit dêrfoar de smokkelder, gokker en piloat Lando Calrissian te sjarterjen, dy't oer ien fan 'e fluchste romteskippen yn it Stjerrestelsel beskikt: de Millennium Falcon.

Dat, mei Lando en syn eksintrike androïde L3-37 set it selskip ôf nei Kessel, in planeet dy't inkeld berikber is fia it Kesselfliet, in nauwe trochgong troch de tichte, ûnferkende dize fan 'e Akkadeeske Draaistream. Nei't se dêr oankommen binne, ynfiltrearje se de troch it Pyke-syndikaat behearske coäxiummyn as in fertsjintwurdiger fan in nije klant (Qi'ra) mei har robot (L3-37) en liifwacht (Beckett), dy't as bewiis fan goede wil in pear slaven (Han en Chewbacca) leveret om yn 'e myn te wurkjen. Wannear't Qi'ra en Beckett de Pykes yn 'e kontrôlekeamer útskeakele hawwe, feroarsaket L3-37 by fersin in slave-opstân. Mei it stellen coäxium witte se de Millennium Falcon wer te berikken, mar yn 'e gaos fan 'e opstân rekket L3-37 op fatale wize skansearre en Lando ferwûne.

It hiele selskip pykt út yn 'e Millennium Falcon, mar ûntdekt dat op it bekend wurden fan it nijs oer de slave-opstânn in Keizerlik stjerreslachskip stjoerd is om it Kesselfliet te blokkearjen. De Millennium Falcon moat sadwaande útwike yn 'e ûnferkende dize. Efterfolge troch Keizerlike TIE-jagers en in reuseftich wêzen mei tentakels dat yn 'e dize libbet, kinne se op it nipperke ûntkomme oan in swart gat trochdat Beckett de motors fan 'e Falcon opfiert mei in dripke coäxium. Troch it gebrûk fan 'e navigaasjedatabase fan L3-37, dy't neffens Lando de bêste yn it Stjerrestelsel wêze soe, slagget it Han om in paad werom út 'e dize te finen en dêrby de Keizerlike blokkade alhiel te omsilen.

Slim skansearre komt de Millennium Falcon oan op Savareen, dêr't it proses om it folatile coäxium te raffinearjen, halje-trawalje úteinset. De Wolkeriders ûnder lieding fan Enfys Nest arrivearje om it coäxium te stellen, mei't se de binde fan Beckett fan Vandor ôf folge binne. Lando pykt út yn 'e Millennium Falcon en lit alle oaren oan har lot oer. Mar efter it masker fan Enfys blykt in teenagefamke beskûl te gean, dat nei eigen sizzen it masker urven hat fan har mem, in eardere Enfys Nest. Hja bringt út dat de Wolkeriders allegearre ôfkomstich binne fan planeten dy't slim te lijen hân hawwe ûnder it skrikbewâld fan 'e Karmozinen Dage, en dat se eins rebellen binne dy't weromslaan wolle tsjin it misdiesyndikaat en it Galaktysk Keizerryk, dat de opkomst fan it misdiesyndikaat mooglik makke hat. Se hawwe ferlet fan it coäxium om harren opstân mei te finansieren.

Han, dy't sympaty hat foar Enfys-en-dy, beslút om te besykjen Dryden Vos te bedragen en it coäxium oan 'e Wolkeriders ta te spyljen. Beckett fynt dat te riskant, dat hy winsket Han-en-dy it bêste en set ôf. As Han, Qi'ra en Chewbacca letter yn it jacht fan Vos arrivearje, wit dy al ôf fan Han syn plan om it coäxium oan 'e Wolkeriders te jaan en Vos ôf te konfoaien mei in substânsje dy't inkeld op coäxium liket. It docht bliken dat Beckett streekrjocht nei Vos ta gien is om Han te ferrieden. Vos hat sadwaande al syn liifwachten op twa nei stjoerd om Enfys en de Wolkeriders finzen te nimmen en, nei't se it coäxium feilichsteld hawwe, te fermoardzjen. De fetten dy't de Wolkeriders by har hawwe, blike lykwols leech te wêzen, en as it masker fan Enfys ôfgiet, blykt dêrefter in doarpeling fan Savareen beskûl te gean. Han hie nammentlik al rekkene op Beckett syn ferrie, dat hy hat it echte coäxium meinommen nei it jacht fan Vos om him te fluch ôf te wêzen.

Wylst de echte Wolkeriders de liifwachten fan Vos oer it mad komme en oermânsk wurde, lûkt Beckett, oan board fan it jacht fan Vos, syn ploffer en sjit Vos syn lêste beide liifwachten dea. Hy sjocht no nammentlik syn kâns skoan om sels as winner út 'e bus te kommen, dat hy pykt út mei it coäxium mei Chewbacca as gizelder om it foar him te dragen. Nei't hy en Qi'ra mei Vos ôfweefd hawwe, wachtet Han Beckett lykwols op in klif by see op. Beckett, dy't himsels as in soarte fan mentor foar Han opwurpen hat, seit dat er Han no noch ien lêste les leare sil, wylst er temûk risselwearret om Han dea te sjitten. Mar Han bewiist dat er in flugge learder is: ear't Beckett útsprutsen is, sjit Han hìm ynstee del. As er neitiid yn Han syn earms yn it stjerren leit, priizget Becket Han om't er him te fluch ôf west hat.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono