Springe nei ynhâld

Stjerreslachskip

Ut Wikipedy

In stjerreslachskip is in fiktyf type militêr romteskip yn 'e Star Wars-franchise. It is it grutste skip fan 'e romtemacht fan it Galaktysk Keizerryk. Yn it Ingelsk wurdt dit type romteskip in star destroyer neamd, nei in destroyer, in marineskipstype dat yn it Frysk in torpedoboatjager neamd wurdt. In korrekte oersetting soe sadwaande "stjerretorpedoboatjager" wêze, wat net botte noflik yn it gehoar leit. De term destroyer is yn it Ingelsk lykwols sûnder mis keazen om't destroyer ek "ferneatiger" betsjut, en de term dus klinkt as "stjerreferneatiger". Om't it om it grutste romteskipstype giet en in torpedoboatjager fier fan it grutste marineskip is, soe in oersetting as slachskip logysker wêze, mei as bykommend foardiel dat "stjerreslachskip" ek nochris better klinkt as "stjerretorpedoboatjager".

It stjerreslachskip waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Sokke skippen binne lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't se troch it Galaktysk Keizerryk brûkt wurde by it besykjen en slaan de opstân fan it Rebelleferbûn del. Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) wurde sokke romteskippen ek ynset troch de Earste Oarder en de Ivige Sith tsjin it Ferset, en yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) beskikt de romtemacht fan 'e Galaktyske Republyk foarôfgeande oan 'e oprjochting fan it Keizerryk oer stjerreslachskippen.

De oanwêzigens fan in inkel stjerreslachskip kin al in oansjenlike bedriging ynhâlde foar in hiel planetestelsel. Al soksoarte romteskippen kinne tsjinje as in foarútskode basis fan operaasje foar de Keizerlike Striidkrêften en as in mobyl wapenplatfoarm foar it feilichstellen fan (of ûnderdrukken fan ferset op) ferskate planeten. In stjerreslachskip beskikt oer genôch fjoerkrêft om in hiel planetestelsel te ûnderwerpen of in lytseftige rebellefloat te ferneatigjen. It stjerreslachskip hat him ûntjûn ta in populêr elemint fan Star Wars en der binne sadwaande in grut ferskaat oan modellen en boartersguodartikels fan útbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.