Ferset (Star Wars)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
It logo fan it Ferset.

It Ferset (Ingelsk: Resistance) is in fiktive fersetsbeweging en paramilitêre organisaasje út 'e Star Wars-franchise, dy't striidt tsjin 'e faksistyske en diktatoriale Earste Oarder. De beweging waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Behalven yn dy filmtrilogy is it Ferset ek yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Resistance (2018-2020) de wichtichste protagonist.

Fiktyf ûntstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûntstean fan it Ferset hat syn woartels yn 'e útkomst fan 'e Galaktyske Boargeroarloch. Dat konflikt einige tritich jier earder mei de oerwinning fan it Rebelleferbûn op it Galaktysk Keizerryk fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Neitiid liek it Stjerrestelsel foar it earst yn mear as tritich jier frede te krijen, mei't it Galaktysk Keizerryk yn 'e persoan fan grutfizier Mas Amedda formeel kapitulearre, in oerjefte dy't oannommen waard troch Mon Mothma, de polityk liedster fan it Rebelleferbûn. Yn it plak fan it Keizerryk waard de Galaktyske Republyk weroprjochte as de Nije Republyk.

Yn 'e ûnferkende romte fan it Stjerrestelsel, de saneamde Unbekende Regioanen, klofte lykwols neitiid in Keizerlike Rompsteat gear út 'e restanten fan it Keizerryk, dy't letter troch opperste lieder Snoke ûnder syn liederskip brocht en omneamd waard ta de Earste Oarder. Dat wie in faksistyske, militêre diktatuer dy't derop rjochte wie om 'e Nije Republyk ûnder fuotten te heljen en it Keizerryk wer op te rjochtsjen. Doe't it bestean fan 'e Earste Oarder algemien bekend waard, wegeren de Galaktyske Senaat en it regear fan 'e Nije Republyk lykwols en sjoch der in serieuze bedriging yn.

Ut ûnfrede dêroer en út eangst dat alles wat opboud wie, wer teneate dien wurde soe, spjalte in diel fan 'e kriichsmacht fan 'e Nije Republyk him ôf om ûnder de namme fan it Ferset de striid tsjin 'e Earste Oarder oan te binen. De lieders fan it Ferset wiene helden fan it Rebelleferbûn út 'e âlde Galaktyske Boargeroarloch, mei as wichtichsten senator, no generaal, Leia Organa en admiraal Gial Ackbar.

Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, is te sjen hoe't de Earste Oarder syn Stjerredeaderbasis, in nij en ekstreem krêftich massaferneatigingswapen, ynset om it hiele planetestelsel fan Hosnian-Primus te ferdylgjen, dat op dat stuit de (rûlearjende) sit fan it regear fan 'e Nije Republyk en de Galaktyske Senaat is. Mei't ek de romtemacht fan 'e Nije Republyk foar it oergrutte part yn datselde planetestelsel stasjonearre is, wurdt yn ien kear de hiele steatsstruktuer fan 'e Republyk fuortfage. It Ferset hat gelyk krigen: de Earste Oarder foarme wol deeglik in slimme bedriging. No is it Ferset noch it iennichste dat tusken de Earste Oarder en syn folsleine oerhearsking fan it Stjerrestelsel yn stiet.

Koarte tiid letter boekt it Ferset in earste grutte oerwinning troch de Stjerredeaderbasis te ferneatigjen. De lokaasje fan it haadkertier fan it Ferset op 'e planeet D'Qar is lykwols bekend wurden, en Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) iepenet mei de ûntromming fan 'e basis. Wylst dy noch yn folle gong is, arrivearret der in float fan 'e Earste Oarder ûnder generaal Hux. By in romteslach wit it Ferset it stjerreslachskip de Fulminatrix te ferneatigjen, mar inkeld tsjin it ferlies fan al syn bommesmiters en in grut tal X-wjukjagers.

De float fan it Ferset ûntkomt troch nei de hyperromte te springen, mar de Earste Oarder hat in apparaat ûntwikkele dat it mooglik makket om in romteskip sels troch de hyperromte te folgjen. In heale minút nei't de fersetsfloat op in hiel oar plak út 'e hyperromte kommen is, ferskynt dêr ek de float fan 'e Earste Oarder, dy't daliks de oanfal wer ynset. Dêrby wurde de ruten út 'e brêge blaasd fan 'e kruser Raddus, it flaggeskip fan it Ferset, mei as gefolch dat alle oanwêzigen, wêrûnder de foltallige lieding fan it Ferset, de romte yn sûgd wurde en omkomme. De iennichste oerlibbene is Leia Organa, dy't harsels troch har behearsking fan de Krêft wit te rêden. Hja rekket lykwols slim ferwûne en komt lange tiid bewusteleas yn 'e sikeboech te lizzen.

It befel oer it Ferset wurdt dan oernommen troch fise-admiraal Amilyn Holdo. It is foar eltsenien dúdlik dat it gjin sin hat om nochris te besykjen en ûntkom fia de hyperromte, om't it Ferset noch mar brânstof hat foar ien hyperromtesprong, en de float fan 'e Earste Oarder gewoan folgje soe. De lytse romteskippen fan it Ferset binne flugger as de logge stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, en kinne dêrom krekt bûten berik fan 'e grutte laserkanonnen bliuwe. Der ûntstiet in efterfolging mei minder-as-ljochtfaasje, dy't lykwols net mear as in pear dagen duorje kin foar't it Ferset troch de branje hinne is.

Holdo jout befel om 'e fersetsleden yn lytse kamûflearre transportskipkes oer te bringen nei de planeet Crait, dêr't de efterfolging fuort by lâns komt. Sels sil se oan board fan it flaggeskip fan it Ferset bliuwe om 'e Earste Oarder mei te lokjen, by Crait wei. Troch ferrie komt de Earste Oarder lykwols efter dat plan en iepenet it fjoer op 'e transportskippen. Dêrop lit Holdo har kruser omkeare en by in selsmoardaksje om it Ferset te rêden springt se dwers troch de fijannige float nei de hyperromte, wat betsjut dat se de float fan 'e Earste Oarder raamt mei de faasje fan it ljocht. Dêrtroch kinne de transportskipkes ûntkomme nei Crait, dêr't it Ferset beskûl siket yn in âlde basis fan it Rebelleferbûn. De fersetslju reitsje dêr ynsletten as de Earste Oarder troepen op Crait oan 'e grûn set, mar troch yngripen fan Jedi-master Luke Skywalker en syn nije learling Rey witte alle oerlibbenen letter dochs noch te ûntkommen.

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) ûntdekt it Ferset dat keizer Palpatine út 'e dea opstien is en op 'e ferburgen Sith-wrâld Exegol troch de kultus fan 'e Ivige Sith in reuseftige float fan stjerreslachskippen bouwe litten hat, dy't er de Lêste Oarder neamt. In groep fersetslju wit ien fan 'e beide 'weifiners' te bemachtigjen, dy't it paad nei Exegol wize. Underwilens ferstjert Leia Organa en wurdt it befel oer it ferset oerdroegen oan luitenant-kolonel Poe Dameron, dy't de âld-stoarmtroeper Finn ta syn mei-befelhawwer makket. It Ferset reizget mei al syn beskikbere romteskippen nei Exegol, dêr't it in ûngelikense striid begjint tsjin 'e Lêste Oarder.

As de need it heechst is, arrivearret der lykwols in alderûnbidichste float fan romteskippen fan alderhanne slach en soarte út it hiele Stjerrestelsel wei, mei oan board âlde bekenden en nije bûnsgenoaten. De float wurdt oanfierd troch Chewbacca en Lando Calrissian, twa helden fan it âlde Rebelleferbûn, yn 'e Millennium Falcon. Mei feriene krêften weve it Ferset en syn bûnsgenoaten dan ôf mei de Lêste Oarder, om dêrnei werom te kearen nei hûs en dêr ek koarte metten te meitsjen mei de Earste Oarder. It lot fan it Stjerrestelsel nei de oerwinning fan it Ferset oan 'e ein fan The Rise of Skywalker is (anno 2022) noch ûnbekend bleaun, mar de suggestje fan 'e film is dat der tanksij it Ferset in weromkear nei frijheid en demokrasy mooglik makke is.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.