Flaggeskip

Ut Wikipedy
It pânserskip Admiral Graf Spee, it flaggeskip fan de floatkommandant fan de Kriegsmarine fan 1936 oant de yn gebrûk nimmen fan it slachskip Gneisenau
Fleandekskip Cavour, it flaggeskip fan de italjaanske Marina Militare

In flaggeskip is binnen in float it marineskip dêr't de befelfierend ofsier fan dy float op meifart. Yn 'e Twadde Ingelske Oarloch (1665-1667) en de Trêde Ingelske Oarloch (1672-1674) wie it flaggeskip fan 'e seemacht fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen bgl. de De Zeven Provinciën, om't op dat skip admiraal Michiel de Ruyter meifear. De term 'flaggeskip' komt fan it feit dat sa'n skip yn it ferline it rjocht hie de kommandoflagge te fieren. It waard foarhinne ek wol it admiraalsskip neamd, om't de befelhawwer fan in float faak in admiraal is. Mei't in marine út ferskate floaten bestean kin, is it sadwaande ek mooglik dat ien marine ferskate flaggeskippen omfiemet. De term 'flaggeskip' wurdt ek wol brûkt yn 'e keapfardij, en ferwiist dan nei it meast toanoanjaande skip fan in rederij of in konfoai. Yn 'e oerdrachtlike sin kin mei 'flaggeskip' fierders it meast toanoanjaande ûnderdiel of produkt fan in organisaasje of bedriuw oantsjut wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.