Springe nei ynhâld

Galaktysk Keizerryk

Ut Wikipedy
Galaktysk Keizerryk
ûnderdiel fan Star Wars
flagge wapen
lokaasje en geografy
lokaasje "yn in Stjerrestelsel
   fier, fier fuort"
haadstêd Keizerlike Stêd
grutste stêd Keizerlike Stêd
polityk
steatsfoarm keizerryk
steatshaad keizer
regear keizer (autokratysk)
offisjele taal Basaalsk (Basic)
muntienheid Galaktyske kredyt
oprjochting 19 f.Sl.Y.
opheffing 5 n.Sl.Y.
fuortkommen út Galaktyske Republyk
opgien yn Galaktyske Republyk
sifers
ynwennertal tsientallen biljoenen
diameter 120.000 ljochtjier [1]
tal stjerren ±400 miljard[1]
tal bewenne
   planetestelsels
>3,2 miljard[1]

It Galaktysk Keizerryk (Ingelsk: Galactic Empire), faak koartwei oantsjut as it Keizerryk of it Ryk, is in fiktyf ynterstellêr steatsferbân út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Dizze steat omfettet in hiel stjerrestelsel en komt prominint nei foarren yn 'e films út 'e oarspronklike Star Wars-trilogy (1977-1983). It Galaktysk Keizerryk wurdt dêryn ôfskildere as in diktatuer dy't suchtet ûnder it autokratysk skrikbewâld fan 'e boasaardige keizer Palpatine en wêrby't in komplekse burokrasy de bloedige ûnderdrukking fan eltse mooglike foarm fan wjerstân besiket te bewissigjen. Oan 'e ein fan 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi wurdt it Keizerryk ûnder fuotten helle troch it Rebelleferbûn dat neitiid de âlde Galaktyske Republyk wer oprjochtet.

Yn 'e skiednis fan Star Wars wurdt ornaris gebrûk makke fan in tiidrekkening dy't basearre is op 'e oerwinning fan it Rebelleferbûn op it Galaktysk Keizerryk yn 'e Slach by Yavin, sa't dy werjûn waard yn 'e earste Star Wars-film Star Wars: Episode IV – A New Hope. Men skriuwt dan "f.Sl.Y." ("foar de Slach by Yavin"; Ingelsk: BBY, Before the Battle of Yavin) en "n.Sl.Y." ("nei de Slach by Yavin"; Ingelsk: ABY, After the Battle of Yavin).

Fiktive astronomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Galaktysk Keizerryk beslacht in hiel stjerrestelsel mei in diameter fan 120.000 ljochtjier.[1] De lokaasje fan dat stjerrestelsel yn it hielal wurdt dizenich holden en inkeld oantsjut mei de wurden: "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". It rûntsjedraaiende Stjerrestelsel omfiemet likernôch 400 miljard stjerren ferdield oer fjouwer nei bûten ta útstekkende 'earms', mei in reuseftich swart gat yn 'e midden.[1] Der binne mear as 3,2 miljard bewenne planetestelsels,[1] mei ûntelbere yntelliginte libbensfoarmen en in befolking dy't perfoarst yn 'e tsientallen biljoenen rint as it net noch mear binne.

It Galaktysk Keizerryk is in diktatuer, dy't basearre is op it autokratysk en absolute regear fan keizer Palpatine oer it hiele Stjerrestelsel. De sit fan it regear is de Keizerlike Stêd (earder de Stêd fan 'e Republyk), in wrâldomfiemjende metropoal op 'e planeet Coruscant. It wichtichste middel fan Palpatine om syn wil oer it hiele Keizerryk jilde te litten, wurdt foarme troch de Keizerlike Striidkrêften, yn 't bysûnder de stoarmtroepers, dy't de elitesoldaten fan it ryk binne. It deistich lokaal en regionaal bestjoer fan it Keizerryk leit yn 'e hannen fan administrateurs (planetêre gûverneurs), moffs (sektorgûverneurs) en grut-moffs (oppersektorgûverneurs).

De Galaktyske Senaat, in restant fan 'e Galaktyske Republyk dat ûnder it Keizerryk bekend stiet as de Keizerlike Senaat, giet yn namme jierrenlang troch mei funksjonearjen. Sûnt it oan 'e macht kommen fan Palpatine is it lykwols in folsleine machteleas ynstitút. Yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope, dy't spilet as it Galaktysk Keizerryk al njoggentjin jier bestiet, wurdt yn in petear tusken inkele hege Keizerlike romtemarine-ofsieren ferteld dat keizer Palpatine de Senaat ûntbûn hat nei't oan it ljocht kommen is dat ferskate senators behelle binne yn it Rebelleferbûn.

Palpatine hat syn opfolging net regele, mei't er fan doel is om ûnstjerlik te wurden en foar ivich troch te regearjen, of oars om derfoar te soargjen dat it hiele Stjerrestelsel nei syn dea ferrinnewearre rekket. Syn neiste hantlanger is syn Sith-learling, de ûnmeilydsume Darth Vader, dy't mei de stim fan 'e keizer sprekt. Vader en syn ynkwisiteurs nimme geregeldwei it befel oer militêre ienheden oer, mar steane eins bûten de de militêre kommandostruktuer fan 'e Keizerlike Striidkrêften. Vader jout persoanlik lieding oan it 501e Legioen. Keizer Palpatine hat fierders in eigen liifgarde dy't los stiet fan 'e kriichsmacht, de saneamde Reade Wacht, dy't fanatyk loyaal oan him persoanlik is.

De offisjele taal fan it Galaktysk Keizerryk is Basaalsk (Ingelsk: Basic), in fan oarsprong minsklike taal, dy't yn it hiele Stjerrestelsel as lingua franca brûkt wurdt. It Basaalsk wurdt skreaun yn it aurebesh-alfabet.

Fiktive skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Galaktysk Keizerryk wurdt berne út 'e ynstoarting fan 'e Galaktyske Republyk, sa't te sjen is yn 'e Star Wars-prequeltrilogy. Yn dy films klaut Palpatine, in garismatyske en skynber goedmienende senator foar de planeet Naboo dy't temûk de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, him omheech troch yn 'e Republyk de iene krisis nei de oare te feroarsaakjen. De wichtichsten dêrfan binne de Nabooaanske Krisis en de Kloane-oarloggen. Dat lêste konflikt jout him it ferlechje dêr't er ferlet fan hat om 'e demilitarisearre Republyk in eigen kriichsmacht te jaan. It amt fan kânselier fan 'e Republyk as opstapke brûkend, wit Palpatine himsels úteinlik ta keizer te ferheffen yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith.

Tsjin dy tiid hat er himsels safolle bykommend foech ta-eigene, dat er eins al in diktator wurden is. De genedeklap foar de Republyk komt as er Oarder 66 útgean lit, in befel oan alle kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk om harren Jedi-ofsieren te deadzjen. Dêrtroch wurdt de Jedi Oarder, it wichtichste oerbleaune obstakel foar Palpatine, yn ien kear frijwol útrûge by de saneamde Grutte Suvering fan 'e Jedi. De steatsgreep fan Palpatine giet mank mei ferskate oarlochsmisdieden, lykas it útmoardzjen fan alle oanwêzigen yn it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, de bern ynbegrepen, en de ôfslachting, op Mustafar, fan 'e lieders fan 'e Kofederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, de tsjinpartij yn 'e Kloane-oarloggen. (Palpatine wie sels fia syn learling greve Dooku ferantwurdlik foar de oprjochting fan 'e Konfederaasje, mar as er dy net mear brûke kin, weeft er der op ûnmeilydsume wize mei ôf.)

Nei de Grutte Suvering fan 'e Jedi en de effektive útskeakeling fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels as koherinte militêre macht kin neat Palpatine noch bedriigje. Hy ferklearret de Republyk foar beëinige en rjochtet yn it stee dêrfan it Galaktysk Keizerryk op, mei himsels as keizer. Der ûntstiet yn it keizerryk al rillegau ûnfrede oer it skrikbewâld fan Palpatine en syn trewanten. Politisy as senator Mon Mothma, kening Bail Organa fan Alderaan en letter Organa syn oannommen dochter prinsesse Leia kantsje har dêr yn 'e Keizerlike Senaat iepentlik tsjin oan, wêrmei't se har de fijânskip fan 'e keizer op 'e hals helje. Mei't de Senaat inkeld noch yn teory macht útoefenet en Palpatine gjin inkele oanstriid hat om mei de opposysje ta in kompromis te kommen, sjogge syn tsjinstanners in wapene opstân as de iennichste mooglikheid om rjocht en demokrasy yn eare werom te bringen.

Sadwaande wurdt yn 5 f.Sl.Y. it Rebelleferbûn foarme, dat fjochtet foar de weroprjochting fan 'e Alde Republyk. Keizer Palpatine slacht werom mei de bou fan 'e Deadsstjer, in romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne dat tagelyk in massaferneatigingswapen is dêr't hiele planeten mei ferdylge wurde kinne. Hy brûkte dat wapen fiif jier letter tsjin Alderaan, dat folslein ferneatige wurdt. Koart dêrnei boeke de rebellen harren earste grutte oerwinning yn 'e Slach by Yavin, wêrby't se de Deadsstjer ferneatigje (lykas toand yn Star Wars: Episode&nbspIV – A New Hope). Yn it djipste geheim begjinne Palpatine en syn neiste hantlanger Darth Vader oan 'e bou fan in twadde Deadsstjer. Yn 'e Slach by Endor, yn 4 n.Sl.Y., wurdt it Galaktysk Keizerryk lykwols troch de rebellen ûnder fuotten helle mei de ferneatiging fan 'e twadde Deadsstjer en de dea fan Palpatine troch it oerrinnen fan Vader (lykas te sjen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi).

Neitiid krije de striidkrêften fan it Keizerryk befel om Operaasje Sintel te begjinnen, in plan fan Palpatine foar it gefal dat er sels omkomme soe. Dat is bedoeld om sawol de rebellen út te rûgjen as de organisaasje fan it Keizerryk te ferneatigjen by wize fan straf foar it net foarkommen fan syn dea. Yn 'e Slach by Jakku witte de rebellen lykwols de selsferdylging fan it Keizerryk foar te kommen, wêrmei't se einlings it regear fan Palpatine oer it Stjerrestelsel ta in ein bringe. Rebelleliedster Mon Mothma akseptearret de kapitulaasje fan it Keizerryk by ûnderhannelings mei de keizerlike grutfizier Mas Amedda. Neitiid rjochtsje se yn 5 n.Sl.Y. de Galaktyske Republyk wer op, yn 'e foarm fan 'e Nije Republyk.

It docht lykwols bliken dat de striid noch net foarby is as de restanten fan it Keizerryk meitiid gearkloftsje ta de Earste Oarder. Yn 28 n.Sl.Y. rjochtet in diel fan 'e liederskip fan 'e Nije Republyk, dat yn noed siet oer de oanboazjende korrupsje yn 'e Galaktyske Senaat en de ûnwilligens fan dat orgaan om 'e Earste Oarder as in serieuze bedriging te sjen, it Ferset op. Dy organisaasje nimt de wapens op tsjin 'e Earste Oarder. Yn 34 n.Sl.Y. stoart de Nije Republyk effektyf yn as de Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder de planeet Hosnian-Primus ferwoastget, de sit fan sawol de Senaat as de Republikeinske float.

Op 't langelêst docht bliken dat de aksjes fan 'e Earste Oarder efter de skermen wei manipulearre waarden troch Palpatine, dy't út 'e dea opstien is troch it brûken fan 'e tsjustere kant fan de Krêft. Nei de Slach by Exegol, yn 35 n.Sl.Y., meitsje de Jedi Rey en Ben Solo yn gearwurking mei it Ferset foargoed in ein oan Palpatine, syn Ivige Sith en de hiele Earste Oarder. Dat iepenet de doar foar de fuortsetting fan 'e Nije Republyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Artikel oer it Star Wars-Stjerrestelsel yn 'e Wookieepedia.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.