Mas Amedda

Ut Wikipedy
Mas Amedda
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Chagriaan
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt politikus
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Finis Valorum
keizer Palpatine
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Mas Amedda is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Chagriaan fan 'e planeet Champala en ien fan 'e liedende politisy yn 'e Galaktyske Republyk. Nei de steatsgreep troch kânselier Palpatine wurdt er grutfizier fan it Galaktysk Keizerryk. Mas Amedda waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999).

Fertolkings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rol fan Mas Amedda waard yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) spile troch Jerome Blake. Yn 'e oare beide dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), waard de rol fertolke troch David Bowers. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) waard de dialooch fan Mas Amedda ynsprutsen troch Stephen Stanton.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mas Amedda is in Chagriaan, dy't berne is op 'e planeet Champala. Hy is in politikus, dy't al ier yn syn karriêre ferfart nei Coruscant, dêr't it regear fan 'e Galaktyske Republyk fêstige is. Hy klimt op ta fise-foarsitter fan 'e Galaktyske Senaat ûnder kânselier Finis Valorum. Hoewol't dyselde yn 'e Nabookrisis, yn 32 f.Sl.Y., ôftrede moat nei't keninginne Padmé Amidala fan Naboo in moasje fan wantrouwen tsjin him yn stimming brocht hat, wit Amedda syn eigen posysje te behâlden ûnder it dêropfolgjende kânselierskip fan Sheev Palpatine.

Under de Kloane-oarloggen tsjinnet Amedda as ien fan Palpatine syn neiste adviseurs. Hy toant him in grut foarstanner fan it takennen fan ekstra foech oan 'e kânselier yn dy tiid fan krisis. In wetsfoarstel fan dy strekking wurdt troch ôffurdige Jar Jar Binks fan Naboo yn stimming brocht, wêrnei't de Senaat dermei ynstimt. Dêrtroch kin Palpatine it leger kloansoldaten dat Jedi-master Sifo-Dyas silger op 'e planeet Kamino oanmeitsje litte hat, omfoarmje ta it Grutte Leger fan 'e Republyk.

Amedda bliuwt de hiele snuorje fan 'e Kloane-oarloggen troch ien fan 'e neiste meiwurkers fan Palpatine. Ek as dyselde yn 19 f.Sl.Y. de Galaktyske Republyk ûnder fuotten hellet en dêrfoar yn it plak it Galaktyske Keizerryk stiftet mei himsels as autokratysk regearjend keizer, bliuwt Amedda him trou. Yn 'e nije oarder wurdt er mei de titel grutfizier yn namme it haad fan 'e Keizerlike Regearingsried, hoewol't dat eins in toskeleaze kloft jaknikkers sûnder wiere macht is.

Nei de dea fan keizer Palpatine yn 'e Slach by Endor yn 4 n.Sl.Y. wurdt Amedda (yn 'e roman Aftermath: Life Debt fan Chuck Wendig út 2016) twongen om as kopstik te tsjinjen foar it regear fan it Keizerryk dat yn wurklikheid oergiet op admiraal Gallius Rax. Nei de nederlaach fan it Keizerryk yn 'e Slach by Jakku, yn 5 n.Sl.Y., ûndertekenet Amedda (yn 'e roman Aftermath: Empire's End út 2017) formeel de kapitulaasje fan it Keizerryk yn ûnderhannelings mei Mon Mothma, de polityk liedster fan it Rebelleferbûn.

Yn 'e skiednis fan it Stjerrestelsel wurdt Mas Amedda neitiid yn oantinken holden as in wringeleaze sjerpstriker fan keizer Palpatine.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono