Yaddle
Yaddle personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | ûnbekend | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-master | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Mace Windu Yoda Oppo Rancisis Yarael Poof Ki-Adi-Mundi | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Yaddle (útspr.: [ˈjædəl], likernôch: "jed-dul") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Sy is in Jedi-master fan in ûnbekend ras fan bûtenierdske wêzens, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Yaddle waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film spile troch poppespiler Phil Eason.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yaddle wurdt yn it jier 509 f.Sl.Y. berne as in lid fan itselde ûnbekende ras fan bûtenierdske wêzens as master Yoda. Omreden fan har oanberne Krêftgefoeligens wurdt se al jong nei de Jedi Timpel, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder, op Coruscant ta brocht, dêr't se oplaat wurdt ta Jedi-ridder. Yaddle ûntjout har ta in foaroansteande Jedi en komt bekend te stean om har swijsumens, geduld en freonlikens. Se hat grutte earbied foar master Yoda, dy't hast twaris sa âld is as sysels. Meitiid wurdt har in sit yn 'e Hege Jedi Ried taparte, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder. Yaddle is de master fan ferskate padawans efterinoar, ûnder wa de Thisspiasaan Oppo Rancisis, dy't letter mei har en Yoda yn 'e Hege Jedi Ried tsjinnet.
Nabookrisis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 32 f.Sl.Y., as de Nabookrisis útbrekt, tsjinnet Yaddle al ferskate hûnderten jierren as lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hja is behelle yn 'e rieplachtings fan 'e ried oer de krisis sels, mar ek oer it wer opdûken fan 'e Sith, de âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, fan wa't oannommen waard dat se tûzenen jierren lyn al útrûge wiene.
Yaddle is fierders oanwêzich as master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Ried bringt, dy't sa sterk yn de Krêft is dat Qui-Gon derfan oertsjûge rekke is dat er de Utkarde is dêr't de oerâlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. De leden fan 'e Ried, ûnder wa Yaddle, binne it deroer iens dat in leeftyd fan njoggen jier fierstente let is om noch oan in oplieding ta Jedi te begjinnen, en Yoda wurdt grutte eangst yn 'e jonge gewaar, wat in negative emoasje is. De Ried beslút Qui-Gon syn fersyk om Anakin dochs noch oan 'e Jedi-training begjinne te litten, ôf te wizen.
Nei it ferstjerren fan Qui-Gon yn 'e Slach om Naboo by in konfrontaasje mei de Sith Darth Maul, kundiget Qui-Gon syn eardere padawan Obi-Wan Kenobi oan dat er hoe dan ek gehoar jaan sil oan 'e lêste wurden fan syn âlde master, wêrmei't dyselde him frege hat om Anakin ta Jedi te trainen. De Ried beslút mei tsjinnichheid om dêr tastimming foar te jaan.
Lettere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koart nei de Slach om Naboo beslút Yaddle tenei in wat minder aktive rol yn 'e Jedi Oarder te spyljen. Tsjin 'e tiid dat yn 22 f.Sl.Y. de Kloane-oarloggen útbrekke, hat se har sit yn 'e Hege Jedi Ried opjûn. Yn har plak wurdt de Togruta-Jedi Shaak Ti oansteld.
Yn 19 f.Sl.Y. fiert kânselier Palpatine, dy't eins de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, in steatsgreep út om himsels ta allinnichhearsker oer it Stjerrestelsel te meitsjen. Dêrta furdiget er Oarder 66 út, dy't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk befel jout ta de moard op harren eigen Jedi-ofsieren, in foarfal dat letter bekend wurdt as de Grutte Suvering fan 'e Jedi.
It is ûndúdlik wat der fan Yaddle wurdt. Mar yn 14 f.Sl.Y. hawwe Jedi-ridder Cere Junda en syn kaptein Greez Dritus in petear wêryn't Dritus fertelt dat der op syn thúswrâld Lateron leginden omgeane oer Yaddle en dat er fermoedet dat hja de Grutte Suvering oerlibbe hat en op syn planeet beskûl socht hat.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |