K-2SO

Ut Wikipedy
K-2SO
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
soarte personaazje robot
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt soldaat
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Cassian Andor
Jyn Erso
geastlike heit John Knoll
ûntstean 2016

K-2SO, gauris ferkoarte ta K-2 of K (Ingelske útspr.: [ˈkeːtuː] of [ˈkeː], likernôch: "kee-tûû" of "kee") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. It is in robot, dy't yn 2016 yntrodusearre waard yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story. De geastlike heit fan it personaazje wie special effects-technikus John Knoll, dy't al yn 2003 de plot fan Rogue One betocht. K-2SO is in gefjochtsrobot út 'e striidkrêften fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, dy't bútmakke is troch it Rebelleferbûn en werprogrammearre is om tsjin it Keizerryk mei te fjochtsjen. Yn Rogue One giet er mei kaptein Cassian Andor en Jyn Erso op in wanhopige misje om 'e blaudrukken te stellen fan 'e Deadsstjer, in massaferneatigingswapen sa krêftich dat it hiele planeten ferdylgje kin. De rol fan K-2SO waard fia motion-capture spile troch akteur Alan Tudyk, dy't ek de dialooch fan it personaazje ynspriek.

Eftergrûn en eigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

K-2SO is in androïde mei in humanoïde stal dat foar it meastepart swart fan kleur is. Inkeld de knieren binne sulverkleurich, lykas de ankels, knibbels, heupen, earmtakken en polzen. By de skouders hat er in goudkleurige râne om 'e knier hinne. De skonken en earms binne (yn ferhâlding ta in minske) te lang foar it lichem, en de holle is te lyts. K-2SO is 2.16 m lang en hat in maskuline programmearring.

As in eksimplaar fan 'e KX-searje fan gefjochtsrobots wurdt K-2SO tolve jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Rogue One produsearre op 'e planeet Vulpter troch it bedriuw Arakyd Industries. Hy wurdt yndield by in detasjemint stoarmtroepers fan 'e striidkrêften fan it Galaktysk Keizerryk dat legere is op 'e planeet Wacacoe. Dêr moetet er Cassian Andor, in kaptein by it Rebelleferbûn, dy't er besiket te arrestearjen. Ynstee wurde Cassian en inkele oare rebellen him oermânsk en wiskje syn ûnthâld, wêrnei't se him meinimme werom nei harren basis om him te werprogrammearjen. Letter wurdt er de fêste selskipsman fan Cassian en giet er mei him op in protte misjes foar it Rebelleferbûn.

Hoewol't de measte robots fan 'e KX-searje emoasjeleaze apparaten binne, soargje flaters by syn werprogrammearring derfoar dat K-2SO folslein selsbewust wurdt en in eigen persoanlikheid ûntwikkelet. Hy is stoïsynsk mei in synyske libbenshâlding en hinget oer ta it meitsjen fan sarkastyske opmerkings. Gauris rekkenet er yn in nuodlike sitewaasje syn selskipslju, benammen Cassian, foar hoe'n leech persintaazje kâns op oerlibjen der bestiet. Ek fielt er him net holden oan it útoefenjen fan 'e befellen dy't er kriget; as er fynt dat er sels in better idee hat, docht er dat ynstee. K-2SO beskôget Cassian Andor lykwols oprjocht as in freon en begjint geandewei Rogue One in soartgelikense relaasje te ûntwikkeljen mei Jyn Erso. As it derop oankomt, wifket er dan ek net om himsels foar harren op te offerjen.

Yn Rogue One[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story wurdt K-2SO yntrodusearre by de befrijing fan Jyn Erso út in Keizerlik wurkkamp op 'e planeet Wobani. Jyn lit har boeiens losmeitsje troch in rebel, mar besiket dêrnei op eigen manneboet út te piken. Se oerweldiget har befrijers, mar as se ta de doar út draaft, fljocht se by de útstutsen earm fan K-2SO op. Wylst se nei de siken gapjend op 'e grûn leit, ynformearret de robot har dat se befrijd is.

Letter wurdt K-2SO mei Jyn en Cassian Andor op in misje stjoerd nei de moanne Jedha, om kontakt te meitsjen mei de ekstremist en Jyn har pleechheit Saw Gerrera. Dyselde soe in desertearre Keizerlike frachtpiloat finzen hâlde dy't ynformaasje hat oer de Deadsstjer. Dat is in nij Keizerlik massaferneatigingswapen dat fierhinne ûntwurpen is troch Jyn har biologyske heit Galen Erso, en dat sa krêftich is dat it hiele planeten ferdylgje kin. As Jyn by harren ôfreis út it haadkertier fan 'e rebellen op Yavin-IV in ploffer blykt te hawwen, wol K-2SO witte hoe't se dêroan komt. Har antwurd omskriuwt er as "dizenich en net oertsjûgjend". Dêrop ynformearret er dernei wêrom't hysels eins gjin ploffer kriget, in fraach dy't troch Cassian negearre wurdt.

Op Jedha hjit Cassian K-2SO om by harren romteskip te bliuwen wylst hy en Jyn de Hillige Stêd yn geane. As er letter ûntploffings heart, giet de robot lykwols op ûndersyk út. It docht bliken dat Cassian en Jyn yn 'e Hillige Stêd behelle rekke binne yn in oerfal fan 'e partisanen fan Gerrera op in Keizerlik konfoai. As er dêr arrivearret, sjit Jyn yn in refleks mei har ploffer krekt in KX-searjerobot del, wêrnei't se kjel wurdt om't se mient dat se K-2SO ferneatige hat. As de wiere K-2SO in momint letter efter de oare robot wei foar it ljocht komt, wol er witte oft Jyn wist dat de delsketten robot him net wie. Jyn liicht him foar troch fol te hâlden dat se dat yndie wist, mar de erchtinkende K-2SO fermoedet fan net. By in fierdere konfrontaasje mei stoarmtroepers krije Cassian-en-dy stipe fan Chirrut Îmwe, in bline Beskermer fan 'e Whills, en syn freon Baze Malbus, in hierling. As Baze K-2SO sjocht, wol er him delsjitte, mar Jyn springt, ta ferrassing dan K-2SO, yn 'e baan fan it skot om 'e robot mei har lichem te beskermjen en ropt dat er by harren heart. Cassian stjoert K-2SO werom nei it romteskip.

Neitiid wurde Cassian-en-dy finzen nommen troch de partisanen fan Gerrera en meinommen nei harren haadkertier yn 'e grotten in ein bûten de Hillige Stêd. Underwilens jout grut-moff Wilhuff Tarkin oan Orson Krennic, de direkteur fan it Keizerlik wapenprogramma, opdracht om 'e Deadsstjer te testen op 'e Hillige Stêd, dy't yn ien klap ferneatige wurdt. De konsintryske skokweagen wreidzje har dêrwei oer de hiele moanne Jedha út en sille alle libben ferdylgje. Cassian nimt kontakt op mei K-2SO om harren it romteskip te bringen. K-2SO arrivearret by de grotten en pikt Cassian, Jyn, Chirrut, Baze en de desertearre piloat Bodhi Rook op, wêrnei't se op it nipperke fan Jedha ûntkomme.

Jyn fertelt de oaren dat Gerrera har it holografysk boadskip sjen litten hat dat Bodhi fan har heit Galen oan Gerrera oerbrocht hie. Dêryn fertelde har heit dat er syn posysje brûkt hat om it Keizerryk te ûndermynjen troch mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer yn te bouwen. Om dêrfan te profitearjen, moatte de rebellen de blaudrukken fan 'e Deadsstjer út it Keizerlik argyfkompeks op 'e planeet Scarif helje. Jyn is lykwols de iennichste dy't it boadskip sjoen hat, en de ynformaasjedrager mei it boadskip is by harren flecht by Gerrera efterbleaun en mei him ferneatige troch de skokweach.

Neitiid reizget K-2SO mei de oaren nei de Keizerlike ûndersyksfasiliteit op Eadu, dêr't Galen Erso him befynt. Hja moatte dêr by nacht en min waar in needlâning meitsje, dy't se aldergeloks allegearre ûnskansearre oerlibje. Se ferlieze dêrtroch lykwols harren kommunikaasje mei de rebellebasis op Yavin-IV, mei as gefolch dat generaal Davits Draven derfan útgiet dat se omkommen binne. Hy stjoert dêrop in squadron X-wjukjagers om 'e fasiliteit op Eadu te bombardearjen. K-2SO kriget de taak taparte om 'e kommunikaasje-apparatuer te reparearjen, wylst Cassian op ferkenning útgiet. Jyn ferkeart ûnder de yndruk dat se op Eadu binne om har heit te rêden, mar Cassian hat yn it geheim fan Draven befel krigen om Galen te likwidearjen. It is K-2SO dy't Jyn dêrfoar warskôget troch mei in sydlingse opmerking in fermoeden fan Chirrut te befêstigjen. Uteinlik kiest Cassian derfoar om it befel njonken him del te lizzen, mar Galen Erso komt likegoed om by it bombardemint fan 'e rebellen.

Werom op Yavin-IV slacht Jyn yn in gearkomste mei de lieding fan it Rebelleferbûn foar om 'e rebellefloat yn te setten foar in wraam op Scarif, om sa de blaudrukken fan 'e Deadsstjer te bemachtigjen. Mar de lieding fan 'e rebellen kin dêroer gjin ienriedigens berikke, dat der komt neat fan op 'e hispel. Jyn en Cassian sette lykwols, tsjin 'e befellen yn, dochs útein mei de misje. K-2SO, Chirrut, Baze en Bodhi geane mei, en ek in stikmannich oare rebellen dy't Cassian as frijwilligers byinoar socht hat. De groep kaapt it Keizerlik frachtfear dat op Eadu bútmakke is en bejout him dêrmei nei Scarif.

Nei't se op 'e tropyske planeet lâne binne, stelle Jyn en Cassian de unifoarmen fan inkele Keizerlike ofsieren dy't oan board komme om it fear te ynspektearjen. Yn 'e mande mei K-2SO, dy't sûnder mear trochgean kin foar in gefjochtsrobot fan 'e Keizerlike Striidkrêften, ynfiltrearje se neitiid mei dy momkape it argyfkompleks. Chirrut, Baze en de rebellen fiere in koördinearre oanfal op it Keizerlik garnizoen út by wize fan ôfliedingsmaneuver. Dêrtroch wurde de stoarmtroepers dy't K-2SO, Jyn en Cassian it paad tichtsette, nei bûten ta stjoerd om 'e oanfal ôf te slaan.

Jyn en Cassian geane it reuseftige Keizerlik Argyf binnen, wylst K-2SO efterbliuwt by de yngong om harren fia it kompjûtersysteem nei de juste data-opslach te lieden. Op dat stuit langet Jyn har ploffer oan 'e noch altyd ûnbewapene K-2SO oer, om't hy nei alle gedachten mear ferlet fan it fjoerwapen hawwe sil as sy. K-2SO nimt it wapen oan en seit dat Jyn him hieltyd wer wit te ferrassen. Underwilens is Orson Krennic op Scarif oankommen. Sadree't dyselde berjocht kriget dat de argyfklûs kompromittearre is, beseft er wêr't it de rebellen om te dwaan is. Hy stjoert daliks fersterkings nei it argyf ta. K-2SO wit gâns stoarmtroepers te deadzjen, mar lang om let wurde se him oermânsk. Hy offeret himsels op en wurdt ferneatige, mar net foar't er de argyfklûs fersegele en it kompjûtersysteem dat de klûs bestjoert, fernield hat. Syn lêste wurden oer de radioferbining oan Cassian binne: "Ik doch no de klûsdoar op 't slot. Farwol."

Yn Andor[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn novimber 2018 waard oankundige dat der in live-actiontillefyzjesearje yn produksje nommen wie, dy't in spin-off wie fan Rogue One: A Star Wars Story. It gie om in prequelrige oer de aventoeren fan it personaazje fan 'e rebel Cassian Andor foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film. De searje sil yn it neijier fan 2022 beskikber komme fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney. Yn jannewaris 2021 ferklearre Alan Tudyk, dy't yn Rogue One de rol fan K-2SO fertolke, yn in fraachpetear mei it Britske tydskrift Empire dat hy net meiwurkje sil oan it earste seizoen fan Andor, mei't K-2SO dêr net yn foarkomt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono