Springe nei ynhâld

Enric Pryde

Ut Wikipedy
Enric Pryde
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Alsakanysk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt militêr
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Palpatine
generaal Hux
Kylo Ren
geastlike heit J.J. Abrams
Chris Terrio
ûntstean 2019

Enric Pryde is in fiktyf minsklik personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. It personaazje waard betocht troch de senarioskriuwers fan dy film, J.J. Abrams en Chris Terrio. Pryde is mindere antagonist en in generaal fan 'e faksistoïde Earste Oarder, dy't sawol ambisjeus as ûnmeilydsum is. Hy waard yn 'e film spile troch akteur Richard E. Grant, dy't himsels dêrby nei eigen sizzen ynspirearje liet troch de portrettearring troch Peter Cushing fan in oare ûnmeilydsume generaal út Star Wars, grut-moff Wilhuff Tarkin, yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977).

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Enric Pryde is berne op 'e planeet Alsakan, yn 'e lêste jierren fan 'e Galaktyske Republyk. Hy groeit op ûnder de oerhearsking fan it Stjerrestelsel troch it diktatoriale Galaktysk Keizerryk en jout him by de Keizerlike Striidkrêften, dêr't er opklimt ta de rang fan kaptein. Nei de dea fan keizer Palpatine yn 'e Slach by Endor en de definitive nederlaach fan 'e Keizerlike Striidkrêften yn 'e Slach by Jakku, flechtet er mei in groep ofsieren, eallju en wittenskippers dy't wegerje belies te jaan nei it de Keizerlike Rompsteat yn 'e Unbekende Regioanen, dêr't er neitiid fierder opklimt ta de rang fan kolonel. As opperste lieder Snoke de Keizerlike Rompsteat omfoarmet ta de Earste Oarder, jout Pryde him by de kriichsmacht fan dat faksistoïde steatsferbân. Jierren letter, wannear't Sith-ridder Kylo Ren Snoke fan 'e troan stjit en sels opperste lieder wurdt, befoarderet er Pryde ta de rang fan ûndergeneraal.

Yn The Rise of Skywalker

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it lêste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, is Pryde ien fan 'e wichtichste militêre lieder fan 'e Earste Oarder wurden, dy't syn direkte superieur, generaal Armitage Hux, allegeduerigen ûnderminet om't er op dy syn posysje om longeret. Oars as Hux stiet Pryde der folslein efter as Ren in bûnsgenoatskip oangiet mei keizer Palpatine, dy't út 'e dea opstien blykt te wêzen en troch syn folgelingen, de Ivige Sith, in reuseftige float fan stjerreslachskippen bouwe litten hat op 'e ferburgen Sith-wrâld Exegol.

Letter is Pryde belutsen by de jacht op 'e jonge Jedi Rey en it team fan leden fan it Ferset dy't op 'e siik binne nei de twadde 'weifiner', in apparaat dat it paad nei Exegol wiist. As de Wookiee Chewbacca finzen nommen wurdt troch de Ridders fan Ren, lit Pryde him oan board fan syn stjerreslachskip opslute. Poe Dameron en Finn ûndernimme in rêdingsaksje en witte Chewbacca út syn sel te befrijen. Underweis werom nei de Millennium Falcon wurde se lykwols oermastere troch in kloft stoarmtroepers. Pryde jout opdracht om it trio stânrjochtlik te eksekutearjen.

De trije fersetslju wurde rêden troch generaal Hux, dy't de stoarmtroepers deadet. It docht bliken dat Hux de ynformant binnen de Earste Oarder is, dy't it Ferset al in skoft ynformaasje taspilet. As Finn him dêroer ûnderstiet, seit er dat er neat jout om it Ferset, mar dat er Kylo Ren hatet en alles wol dwaan wol om te bewissigjen dat dyselde fale sil yn syn opset. Hoewol't Finn Hux op syn eigen fersyk ferwûnet mei in ploffer foar't de trije fersetslju útpike, leaut Pryde neat fan Hux syn ferhaal dat de finzenen him en syn mannen oermânsk wurden en ûntsnapt binne. Hy stelt daliks fêst dat er de spion fan it Ferset ûntdutsen hat en sjit Hux dea.

Nei't it Rey slagge is om Kylo Ren oer te heljen nei de ljochte kant fan de Krêft, is Palpatine poerrazen. Hy stjoert in stjerreslachskip út fan syn eigen float, de Lêste Oarder, en befellet Pryde om in planeet te kiezen dy't bannen mei it Ferset hat, om dy te ferneatigjen by wize fan machtsdemonstraasje. Pryde jout it skip, de Derriphan, opdracht om 'e planeet Kijimi te ferdylgjen en is dêrmei direkt ferantwurdlik foar de dea fan 310 miljoen persoanen.

As it Ferset de oanfal op Exegol ynset, nimt Pryde diel oan 'e klimaktyske slach as befelhawwer fan 'e stjerreslachskippen fan 'e Lêste Oarder. De measten fan dy skippen moatte lykwols noch opstiigje fan it planeetoerflak en hawwe dêrfoar ferlet fan it sinjaal dat útstjoerd wurdt troch in navigaasjetoer. It Ferset ferneatiget de navigaasjetoer, mar Pryde lit dêrop itselde sinjaal útstjoere troch syn skip. Finn lit him mei de op orbaks ridende âld-stoarmtroepers ûnder lieding fan Jannah, dy't er op Kef Bir troffen hat, ôfsette oan board fan it stjerreslachskip fan generaal Pryde. Dêr witte se it sein te sabotearjen. Pryde lit syn systeem lykwols reboote. Wylst de oaren fan harren groep fan it stjerreslachskip evakuëarre wurde, wegeret Finn fan board te gean, en Jannah bliuwt by him. Tegearre nimme se de kontrôle oer ien fan 'e boardkanonnen oer en rjochtsje dat op 'e brêge. As se it wapen ôffjurje, giet de hiele brêge nei gychem en Pryde en syn stêf komme om.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono