Saw Gerrera
Saw Gerrera personaazje út Star Wars | ||
Lofts akteur Forest Whitaker as Gerrera yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story; rjochts de jongere Gerrera út 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | ofsier, terrorist | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Jyn Erso Galen Erso Obi-Wan Kenobi Anakin Skywalker Ahsoka Tano Bodhi Rook | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 2012 |
Saw Gerrera (Ingelske útspr.: [ˈsɔː ˈɡəɹiːɹɑ], likernôch: "sâ guh-rier-ra") is in fiktyf minsklik personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yntrodusearre yn 2012, yn it fyfde seizoen fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars, mar waard bekender út 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016). De geastlike heit fan it personaazje wie Star Wars-betinker George Lucas sels. De negroïde Saw Gerrera begjint as de broer fan Steela Gerrera, de liedster fan 'e opstannelingen op Onderon, mei wa't er harren thúswrâld yn 'e Kloane-oarloggen befrijt fan 'e besetting troch de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Letter wurdt er de oannommen heit fan Jyn Erso, de dochter fan 'e wittenskipper Galen Erso, en radikalisearret er ta in ekstremistyske opstanneling tsjin it Galaktysk Keizerryk dy't gjin bannen hat mei it Rebelleferbûn.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It personaazje fan Saw Gerrera waard oarspronklik troch George Lucas betocht foar de live-actiontillefyzjesearje Star Wars: Underworld. Doe't dy nea makke waard, brocht er Gerrera úteinlik ûnder yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. De namme fan Saw Gerrera is in ferbastering fan 'e namme fan 'e ferneamde Argentynske revolúsjonêr Che Guevara. Doe't Gareth Edwards, de regisseur fan Rogue One: A Star Wars Story yn syn film in militanter en ekstremistysker diel fan 'e rebûlje tsjin it Galaktysk Keizerryk sjen litte woe, rikkemandearre ko-produsinte Kiri Hart him oan om dêrfoar it al besteande personaazje fan Gerrera te brûken.
Fertolkings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) waard de dialooch fan Saw Gerrera ynsprutsen troch stimakteur Andrew Kishino. Yn 'e live-actionfilm Rogue One: A Star Wars Story (2016) spile akteur Forest Whitaker de rol fan Gerrera. Whitaker spriek ek yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels (2014-2018) en yn it fideospultsje Star Wars Jedi: Fallen Order de dialooch fan Gerrera yn. Mar yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Bad Batch (fan 2021 ôf) waard de rol wer fertolke troch Kishino.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Star Wars: The Clone Wars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saw Gerrera waard foar it earst yntrodusearre yn 'e ferhaalline oer de planeet Onderon yn it fyfde seizoen (2012) fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. Dêrby giet it om fjouwer ôfleverings: A War on Two Fronts, Front Runners, The Soft War en Tipping Point. Yn dy ferhaalline is Steela Gerrera, de suster fan Gerrera, yn 'e Kloane-oarloggen de liedster fan 'e opstannelingen op 'e planeet Onderon, dy't traind wurde troch de Jedi-ridders Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker. De beide Jedi wegerje lykwols om sels aktyf oan 'e striid op Onderon diel te nimmen. Se litte Anakin syn padawan Ahsoka Tano op 'e planeet efter as adviseur fan 'e opstannelingen, mar drukke har op it hert om net sels mei te fjochtsjen.
Yn 'e striid op Onderon besiket Gerrera de ôfsette kening Ramsis Dendup te rêden fan terjochtstelling troch de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, dy't de planeet beset hat. Dêrby wurdt er sels finzennommen en martele. It slagget him lykwols al om Ramsis en generaal Tandin, de befelhawwer fan 'e keninklike milysje, derfan te oertsjûgjen dat de opstannelingen trou binne oan 'e kening en inkeld tsjin 'e bûtenwrâldske besetters fjochtsje. Lang om let liedt Steela de opstannelingen mei help fan Gerrera nei de oerwinning op 'e androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, hoewol't se dêrfoar in hege priis betelje as Steela omkomt by it rêden fan it libben fan kening Ramsis. Neffens Dave Filoni, ien fan 'e senarioskriuwers fan 'e searje, woene de makkers dêrmei de sjoggers tebinnenbringe dat men nea fergees oan frijheid komme kin.
Yn Rogue One: A Star Wars Story
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016) komt in folle âldere Gerrera foar. Hy fjochtet dan al hast tweintich jier tsjin it diktatoriale Galaktysk Keizerryk en is yn dy tiid radikalisearre ta in ekstremist dy't net tebek skrillet foar it begean fan oarlochsmisdieden. Syn bannen mei it mear moderate Rebelleferbûn hat er jierren lyn al ferbrutsen, en hy wurdt troch sawol troch it Keizerryk as troch it Rebelleferbûn beskôge as in terrorist.
Yn 'e prolooch fan 'e film hat er kontakt mei Galen Erso, in liedend wittenskipper fan it Keizerlik wapenprogramma, en dy syn frou Lyra, dy't útpykt binne en ûnderdûkt libje op 'e planeet Lah'mu. As Orson Krennic, de direkteur fan it wapenprogramma, harren opspoart, Lyra deadet en Galen finzen nimt, fandelet Gerrera letter harren achtjierrige dochterke Jyn op, dy't ûntkommen is. Hy bringt har grut as syn oannommen dochter, oant er har mei sechstjin jier op in dei sûnder warskôging of útlis earne efterlit en net weromkomt.
Fyftjin jier nei de finzenname fan Galen Erso siket de desertearre Keizerlike piloat Bodhi Rook op 'e moanne Jedha, dêr't Gerrera en syn partisanen in guerriljastriid tsjin 'e Keizerlike stoarmtroepers leverje, kontakt mei Gerrera. Hy hâldt út dat er stjoerd is mei in boadskip fan Galen Erso, mar de paranoïde Gerrera leaut dêr yn earste ynstânsje neat fan en lit him op neat te sêftsedige wize ûnderfreegje. Underwilens rekrutearret it Rebelleferbûn, dat geroften heard hat oer Bodhi en syn boadskip, de no 23-jierrige Jyn Erso om kontakt mei Gerrera te meitsjen. Mei de rebel Cassian Andor en de werprogrammearre Keizerlike oarlochsandroïde K-2SO reizget se nei Jedha, dêr't se nei gâns aventoeren by Gerrera brocht wurdt. Jyn is ferbittere, mei't er har (yn har eigen wurden) "dumpt" hat. Gerrera leit har lykwols út dat er har doe foar har eigen feilichheid efterlitten hat, mei't har identiteit mank syn mannen bekend wurden wie en der stimmen opgiene om har as gizelster te brûken om har heit ûnder druk te setten.
Gerrera spilet foar Jyn it holografysk boadskip fan har heit ôf, dat Bodhi him brocht hat. Dêryn fertelt Galen dat er de ôfrûne fyftjin jier meiwurke hat oan it ûntwerpen fan 'e Deadsstjer, in massaferneatigingswapen dat hiele planeten ferdylgje kin, yn 'e foarm fan in bolfoarmich romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne. Hy hat syn posysje lykwols brûkt om it Keizerryk te ûndermynjen troch mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer yn te bouwen. Hy jout Jyn opdracht om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer út it Keizerlik argyfkompeks op 'e planeet Scarif te heljen en dy troch te spyljen oan it Rebelleferbûn.
Underwilens fiert Krennic, op befel fan grut-moff Wilhuff Tarkin, in test fan 'e Deadsstjer út troch it superlaserkanon fan it romtestasjon ôf te sjitten op 'e Hillige Stêd op Jeda. De proef is in súkses en de stêd wurdt yn ien klap ferneatige. De konsintryske skokweagen wreidzje har dêrwei oer de hiele moanne út en sille alle libben ferdylgje. De partisanen fan Gerrera reitsje alhiel yn ûnstjoer, en Cassian siket Jyn op en nimt har mei, dêrby oanfitere troch Gerrera, dy't sels lykwols wegeret om mei. K-2SO arrivearret mei harren romteskip en pikt Cassian, Jyn, Bodhi en ferskate oaren op, wêrnei't se krekt op 'e tiid fan Jedha ûntkomme. Gerrera en dyselden fan syn mannen dy't net yn eigen romteskippen fuort witte te kommen, fine de dea as de skokweach harren berikt.
Yn Star Wars: Rebels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gerrera komt ek foar yn twa dûbele ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels. Yn diel 1 en 2 fan Ghosts of Geonosis, út it trêde seizoen, makket er noch diel út fan it Rebelleferbûn. Dêryn giet er op ûndersyk út op 'e planeet Geonosis, dêr't it Keizerryk genoside begien hat op 'e Geonosianen. As de rebellen it kontakt mei him ferlieze, stjoere se de Jedi Kanan Jarrus, syn padawan Ezra Bridger en ferskate oaren efter him oan. Dyselden komme op in hier nei om, mar wurde rêden troch Gerrera. Hy hat ûnderwilens útfûn dat der noch ien Geonosiaan yn libben is. It selskip wit dy Geonosiaan op te spoaren, dy't troch Ezra "Klik-Klak" neamd wurdt. Se ûntdekke dat dyselde in aai fan in Geonosiaanske keninginne beskermet, dat de lêste hoop is op it fuortbestean fan syn soarte. Gerrera nimt Klik-Klak finzen om't er him derfan fertinkt ynformaasje efter te hâlden, en ûnderfreget him op agressive wize, wêrby't er him sels martelet mei elektryske skokken. As de groep lykwols almar mear bewiis fan 'e genoside fynt, betinkt Gerrera him en lit er Klik-Klak frij om te besykjen mei it keninginne-aai in nije generaasje Geonosianen te produsearjen.
Yn diel 1 en 2 fan 'e ôflevering In the Name of the Rebellion, út it fjirde seizoen, is Gerrera ûnderwilens fierder radikalisearre en hat er syn bannen mei it Rebelleferbûn ferbrutsen. Hy wyt de ferliezen fan 'e rebellen oan harren ûnwil om te dwaan wat neffens him nedich is. Nettsjinsteande dat rêdt er Ezra en Sabine Wren op harren misje om mear út te finen oer it nije Keizerlike superwapen, dêr't geroften oer geane. As se trijeresom as fersteklingen oan board geane fan in Keizerlik frachtskip dat kyberkristallen ferfierd, wolle Ezra en Sabine de finzenen rêde dy't ek oan board binne. Gerrera, dy't de libbens fan 'e finzenen minder wichtich fynt as it ûntdekken wat it Keizerryk mei de kyberkristallen fan doel is, sjit de oaren del mei in ploffer op ferdôvingsstân. Hoewol't er útfynt dat de kyberkristallen bedoeld binne om it superwapen mei op te laden, is it frachtskip fierders in dead spoar. Foar't hy en de oaren ûntkomme, sabotearret er de kyberkristallen om se ûntploffe te litten.
Yn Star Wars: The Bad Batch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e alderearste ôflevering fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Bad Batch wurde de fiif kloansoldaten fan 'e "minne kloft" (bad batch) troch grut-moff Wilhuff Tarkin útstjoerd om in kliber opstannelingen om hals te bringen, by wize fan beproeving fan harren loyaliteit. It docht lykwols bliken dat de 'opstannelingen' eins in groep Onderoanske flechtlingen binne, dy't oanfierd wurde troch Saw Gerrera. As se de wierheid fan harren misje foar it ferstân krije, litte de kloansoldaten de flechtlingen gean.
Yn Andor
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 8 novimber 2018 waard oankundige dat der in live-actiontillefyzjesearje yn produksje nommen wie, dy't in spin-off wie fan 'e film Rogue One: A Star Wars Story. It gie om in prequelrige oer de aventoeren fan it personaazje Cassian Andor, likernôch fiif jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film. Fortest Whitaker soe dêrfoar op 'e nij yn 'e hûd fan Saw Gerrera krûpe.
Yn romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It personaazje fan Saw Gerrera komt ek foar yn ferskate Star Wars-romans. Sa dûkt er op yn 'e roman Catalyst: A Rogue One Novel (2016) fan James Luceno, wêryn't beskreaun wurdt hoe't er gedoente krige mei Galen Erso en dy syn húshâlding. Yn Rebel Rising, fan Beth Davis, wêrfan't de foarfallen plakfine tusken de prolooch fan 'e film Rogue One en it haadferhaal yn, wurde guon fan 'e aventoeren beskreaun dy't Jyn Erso yn dy tiid belibbet mei Saw Gerrera en syn partisanen. Fansels komt er ek foar yn 'e ferboeking fan 'e film, Rogue One: A Star Wars Story, fan Alexander Freed. Ek dûkt er mei in alvejierrige Jyn op yn 'e ferboeking fan 'e film Solo: A Star Wars Story.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |