Bo-Katan Kryze

Ut Wikipedy
Bo-Katan Kryze
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje minske (Mandaloriaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt terroriste, steatshaad
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Satine Kryze
Ahsoka Tano
Darth Maul
Din Djarin
Sabine Wren
geastlike heit Dave Filoni
ûntstean 2012

Bo-Katan Kryze is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yntrodusearre yn 'e ôflevering A Friend in Need, út 2012, fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars, mar wie letter ek te sjen yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels en de live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian. Har geastlike heit wie regisseur en tillefyzjeprodusint Dave Filoni. Bo-Katan Kryze is in minsklike Mandaloriaanske frou, dy't as terrorist fan 'e Deadewacht de tradisjonele, oarlochssuchtige libbenswize op 'e planeet Mandalore besiket te ferdigenjen tsjin 'e pasifistyske fernijings fan har suster, de regearjende hartoginne Satine Kryze. Letter jout se har by de Jedi-ridder Ahsoka Tano om Mandalore te befrijen út 'e gryp fan 'e gangster en eardere Sith-ridder Darth Maul. Yn Star Wars: Rebels kriget Bo-Katan de Dûnkersabel út 'e hannen fan Sabine Wren en wurdt se útroppen ta de nije hearskeresse oer Mandalore. Yn The Mandalorian besiket se nei de genoside op 'e Mandalorianen de Dûnkersabel werom te krijen fan it Galaktysk Keizerryk. De dialooch fan Bo-Katan Kryze waard yn beide tekenfilmsearjes ynsprutsen troch Katee Sackhoff, dy't de rol ek spile yn The Mandalorian.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: The Clone Wars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bo-Katan Kryze waard yntrodusearre yn A Friend in Need, in ôflevering út it fjirde seizoen (2012) fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020). Dêryn wurdt Bo-Katan delset as de plakferfangster fan Pre Vizsla, de kommandant fan 'e Deadewacht, in terroristyske beweging mank de minsklike Mandalorianen dy't de iuwenâlde kriichshaftige tradysjes fan 'e planeet Mandalore behâlde wol. Se is de liedster fan 'e saneamde Nachtûlen, in karkloft binnen de Deadewacht. Dêrmei set se it yn 'e kant tsjin har suster Satine Kryze, fan wa't se ferfrjemde rekke is. Satine is de regearjend hartoginne fan Mandalore, dy't har folk en har wrâld fan 'e selsferneatiging besiket te rêden troch har eigen pasifistyske tinkbylden op te lizzen. Yn A Friend in Need is Bo-Katan ferantwurdlik foar it platbaarnen en útmoardzjen fan in doarp en besiket se de eardere Jedi-ridder Ahsoka Tano te deadzjen.

Yn it fyfde seizoen fan Star Wars: The Clone Wars keart Bo-Katan werom yn 'e ôfleverings Eminence, Shades of Reason en The Lawless, dy't ien trochrinnende ferhaalline foarmje. Dêryn giet de Deadewacht ûnder Pre Vizsla in bûnsgenoatskip oan, dat it Skaadkollektyf hjit, mei de gangster en eardere Sith-ridder Darth Maul en ferskate misdiesyndikaten. De bedoeling fan dy gearwurking is om mei-inoar sterkernôch te wêzen om in steatsgreep út te fieren en de macht op Mandalore oer te nimmen. Bo-Katan, dy't fynt dat de Sith neat better binne as de Jedi, is dêr op tsjin, mar der wurdt net nei har harke. Nei't it Skaadkollektyf slagget yn syn opset troch hartoginne Satine Kryze ûnder fuotten te heljen en de macht oer te nimmen, ferriedt Pre Vizsla Darth Maul. Dyselde daget Vizsla lykwols út ta in duël en ferslacht en deadet him. Dêrnei pykt Bo-Katan út mei de leden fan 'e Deadewacht dy't har trou binne en befrijt har suster Satine, dy't koarte tiid letter lykwols wer finzen nommen wurdt. De Jedi Obi-Wan Kenobi, dy't in yngewikkelde romantyske relaasje mei Satine ûnderhâldt, arrivearret op Mandalore, mar wurdt ek finzen nommen. Maul, dy't jierren earder troch Obi-Wan ferslein en foar dea efterlitten is, nimt wraak op him troch Satine te fermoardzjen. Bo-Katan en har folgelingen befrije Obi-Wan en helpe him fan Mandalore te ûntsnappen foar't him itselde lot treffe kin.

Yn it sânde en lêste seizoen fjochtsje Bo-Katan en har Nachtûlen noch altyd tsjin Darth Maul. Op in misje nei Oba Diah kenne Bo-Katan en in oare Nachtûle, Ursa Wren, de eardere Jedi Ahsoka Tano werom, dy't se folgje nei Coruscant. Dêr siket Bo-Katan kontakt, wêrnei't de beide froulju harren ûnderlinge skeel útprate en Ahsoka har by de Nachtûlen jout. Tegearre lizze Bo-Katan en Ahsoka kontakt mei Obi-Wan Kenobi en in oare Jedi, Ahsoka har eardere master Anakin Skywalker, dy't se freegje om 'e stipe fan it Grutte Leger fan 'e Republyk yn 'e striid tsjin Maul en Skaadkollektyf. Hoewol't de Jedi Oarder earst syn betinkings hat, wurdt úteinlik besletten om it 501e Legioen nei Mandalore te stjoeren, in ienheid kloansoldaten dêr't Ahsoka earder it befel oer fierd hat. Mei feriene krêften wurdt der in ynvaazje op 'e planeet útfierd dy't bekend komt te stean as it Belis fan Mandalore. Nei fûleindige striid slagget it om it Skaadkollektyf te ferslaan. Ahsoka nimt Darth Maul finzen, en Bo-Katan wurdt útroppen ta hartoginne-regintesse fan Mandalore.

Yn Star Wars: Rebels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels (2014-2018) keart Bo-Katan werom yn 'e tillefyzjespecial Heroes of Mandalore (2017), dy't foarôf giet oan 'e earste ôflevering fan it fjirde en lêste seizoen. It docht bliken dat Bo-Katan ûnderwilens ôfset is om't se nei de steatsgreep fan kânselier Palpatine, wêrmei't dyselde de Galaktyske Republyk ûnder fuotten helle en ferfong troch it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, wegere mei te wurkjen oan 'e Keizerlike besetting fan Mandalore. Hja is sadwaande ferfongen troch in Keizerlik ûnderkening yn 'e foarm fan Tiber Saxon, in lid fan 'e kollaborearjende Clan Saxon. Sabine Wren, in Mandaloriaansk lid fan it Rebelleferbûn, hat ûnderwilens de Dûnkersabel weromwûn, in erfstik fan 'e hearskers fan Mandalore dat fan har suster Satine oergien wie op Pre Vizsla en doe op Darth Maul. As hja it wapen en symboal oan Bo-Katan oanbiedt, wegeret dy earst om it oan te nimmen, om't se harsels as ûnweardich sjocht.

De rebellegroep fan it romteskip de Ghost, dêr't ek Sabine Wren ta heart, smite de lapen gear mei Bo-Katan en har oanhingers om 'e 'Hartoginne' te ferneatigjen, in wapen dat jierren lyn troch Sabine ûntwikkele is en dat de wapenrissen fan Mandalorianen tsjin harren dragers keart. Tiber Saxon wit Bo-Katan finzen te nimmen en driget har te fermoardzjen as Sabine de Hartoginne net ferbetteret ynstee fan it wapen te ferneatigjen. Dêrop stelt se it wapen sa yn dat it net mear tsjin Mandaloriaanske wapenrissen brûkt wurde kin, mar ynstee tsjin 'e wapenrissen fan Keizerlike stoarmtroepers. Saxon, dy't ek sa'n wapenris draacht, wurdt dêrtroch deade. Bo-Katan warskôget Sabine lykwols om 'e Hartoginne net op grutte skaal tsjin 'e Keizerlike troepen yn te setten, mei't se dan neat better wêze soe as keizer Palpatine en syn trewanten, en Sabine harket nei har en ferneatiget it wapen. Nei't Mandalore fan 'e Keizerlike besetting befrijd is, oanfurdet Bo-Katan einlings de Dûnkersabel fan Sabine en wurdt se op 'e nij hearskeresse oer Mandalore.

Yn The Mandalorian[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it twadde seizoen (2020) fan 'e tillefyzjesearje The Mandalorian (fan 2019 ôf) ferskynt Bo-Katan Kryze foar it earst yn live-action, spile troch aktrise Katee Sackhoff, dy't yn 'e beide foargeande tekenfilmsearjes ek al de dialooch fan it personaazje ynsprutsen hie. Tsjin dy tiid is Bo-Katan nei de Suvering fan Mandalore troch de Keizerlike Striidkrêften op 'e nij fan har wrâld ferdreaun en is de Dûnkersabel wer ferlern gien.

Yn 'e ôflevering Chapter 11: The Heiress wurde de haadpersoan fan 'e searje, de Mandaloriaan Din Djarin, en syn beskermeling Grogu fan in kloft Quarren rêden troch Bo-Katan Kryze, Koska Reeves en Axe Wolves. Neitiid leit Bo-Katan harren eftergrûn út en fertelt se Djarin dat hy eins in Bern fan 'e Wacht is, in lid fan in kultus fan fanatisy dy't strang de oerâlde siden en pligen fan 'e Mandalorianen folgje. Om't Bo-Katan-en-dy ôfstân nommen hawwe fan it tradisjonalisme, fertrout Djarin harren net en wegeret er harren help. Nei't se him en Grogu foar de twadde kear rêde, stimt er deryn ta om harren te helpen en stel wapens fan in Keizerlik frachtskip. Yn ruil dêrfoar seit Bo-Katan ta om him te fertellen wêr't er in Jedi fine kin om him rie te jaan oer wat er mei de Krêftgefoelige jonge Grogu oan moat. By de oerfal op it frachtskip docht bliken dat it Bo-Katan eins foar it meastepart te dwaan is om út te sykjen wêr't de Dûnkersabel bedarre is en oft dy yn it besit is fan 'e Keizerlike ofsier moff Gideon. Neitiid biedt se Djarin oan om him by har te jaan, mar hy beslút om syn eigen kweeste fuort te setten. Dêrop hâldt Bo-Katan wurd en fertelt se him dat er de eardere Jedi-ridder Ahsoka Tano fine kin yn 'e stêd Calodan op 'e planeet Corvus.

Yn 'e ôflevering Chapter 16: The Rescue sykje Djarin en Boba Fett Bo-Katan en Koska op om te besykjen dy beiden te rekrutearjen foar in misje om Grogu te befrijen, dy't yn 'e hannen fan moff Gideon fallen is. Bo-Katan stiet yn 't earstoan fijannich foar Boba oer en seit dat er it dragen fan in Mandaloriaanske wapenris ûnweardich is om't er in kloan is. Nettsjinsteande dat grypt se yn as der slaanderij driget út te brekken tusken Boba en Koska en seit se Djarin har help ta op it betingst dat sy neitiid de kruser en de Dûnkersabel fan moff Gideon hâlde mei, en dat Djarin it serieus yn omtinken nimt om har te helpen by it befrijen fan Mandalore. By de wraam op it skip fan moff Gideon rekket Djarin mei Gideon sels yn gefjocht en ferslacht him, wat Bo-Katan har plan bedjert om sels mei de Keizerlike ofsier ôf te weven en sa de Dûnkersabel werom te winnen. Neitiid besiket Djarin it wapen oan har te jaan, mar de oare Mandalorianen lizze him út dat it net trochjûn wurde kin as it yn in gefjocht bemachtige is. Bo-Katan wegeret de Dûnkersabel oan te nimmen, wat Djarin de facto ta de hearsker oer alle Mandalorianen makket.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono