Wedge Antilles

Ut Wikipedy
Wedge Antilles
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt piloat
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Luke Skywalker
Biggs Darklighter
Jan Dodonna
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

Wedge Antilles (útspr.: [wɛʤ ænˈtɪliːz], likernôch: "wedzj en-til-liiz") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Corelliaanske piloat fan it Rebelleferbûn en in freon fan Luke Skywalker. Wedge Antilles waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) en foar it meastepast spile troch de akteur Denis Lawson. Yn it lêste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), keart Wedge werom as generaal fan it Ferset.

Fertolkings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy, waard Colin Higgins yn 'e rol fan Wedge Antilles cast. Der waard in sêne mei him opnommen wêryn't de piloaten fan it Rebelleferbûn útlis krije oer de oansteande oanfal op 'e Deadsstjer, mar nei't it skynt, hied er muoite om syn dialooch te ûnthâlden. Dêrom waard er ferfongen troch de Skotske akteur Denis Lawson, dy't de rol yn 'e rest fan 'e film spile. By beide akteurs waard de dialooch yn 'e postproduksje fan 'e film trouwens neisyngronisearre mei it stimlûd fan David Ankrum. De diskrepânsje tusken de beide akteurs dy't deselde rol yn ien film spilen, waard neitiid berucht mank Star Wars-fans, en Higgins kaam bekend te stean as 'Fake Wedge' ("de Unechte Wedge"), in bynamme dêr't er net sa wiis mei wie.

Yn 'e oare beide films fan 'e oarspronklike trilogy, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), spile Lawson de rol fan Wedge Antilles op 'e nij. Foar dy films waard syn eigen stim brûkt, mei't er syn Skotsk-Ingelske aksint maskearre troch in Amerikaansk-Ingelsk aksint nei te bearen. (Lawson is trouwens in omke oan memmekant fan Ewan McGregor, dy't yn 'e Star Wars-prequeltrilogy de rol fan Obi-Wan Kenobi fertolke.) Foar de Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) waard Lawson wer frege, mar it liek him ferfeelsum om op 'e nij yn 'e hûd fan Wedge te krûpen. Dêrom waard doe yn it plak fan Wedge it personaazje Poe Dameron tafoege. Inkeld yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it lêste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, is Wedge noch te sjen, spile troch Lawson. Yn 'e op himsels steande Star Wars-film Rogue One: A Star Wars Story (2016) waard de rol fan Wedge nochris troch David Ankrum spile. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels waard de dialooch fan it personaazje ynsprutsen troch Nathan Kress.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e tillefyzje wie Wedge Antilles te sjen yn in weromkearende rol yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels, begjinnend mei ôflevering 4 fan seizoen 3. Dêryn wurdt syn kanonike eftergrûn fêstige as in minske dy't ôfkomstich is fan 'e planeet Corellia (dêr't Han Solo ek wei komt). Foar't er oerrint nei it Rebelleferbûn, is er in piloat by de kriichsmacht fan it Galaktysk Keizerryk. Syn oplieding datoangeande hat er folge oan 'e Loftwraam Akademy. As Keizerlike kadet hat er de oanropkoade TIE SS25.

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er him by de rebellen jûn hat, wurdt Wedge Antilles as piloat yndield by Squadron Read fan 'e Massassi Groep ûnder generaal Jan Dodonna, dy't operearret út 'e âlde Massassi-ruïnes wei op 'e fjirde moanne fan 'e gasreus Yavin. Yn dy hoedanichheid nimt Wedge yn Star Wars: Episode IV – A New Hope yn in X-wjukjager diel oan 'e oanfal fan 'e rebellen op 'e Deadsstjer, wêrby't er Luke Skywalker besiket te beskermjen, mar averij oprint as er ûnder fjoer nommen wurdt troch Darth Vader yn syn TIE-jager, sadat er weromkeare moat nei de basis.

Yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back is Wedge mei Luke ien fan 'e oprjochtsjende leden fan Rogue Squadron. By de oanfal troch Keizerlike stoarmtroepers op 'e rebellebasis op 'e iisplaneet Hoth nimt er mei oanropkoade Rogue Trije yn in snieglider diel oan 'e ferdigening, troch de AT-AT's fan 'e stoarmtroepers oan te fallen. Syn harpoenskutter is dêrby Wes Janson. Tegearre witte sy as earsten ien fan 'e AT-AT's ûnder fuotten te heljen. As se de striid opjaan moatte om't de ûntromming fan 'e rebellebasis hast foltôge is, winsket Wedge Luke in goede reis ta.

Oan 'e ein fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi keart Wedge werom as de lieder fan Squadron Read yn 'e Slach by Endor. Tegearre mei Lando Calrissian yn 'e Millennium Falcon fiert hy de oanfal fan 'e rebellen op 'e twadde Deadsstjer oan. Syn X-wjukjager en de Millennium Falcon kringe it djipst yn 'e iepen struktuer fan it noch net ôfboude romtestasjon troch en ferrinnewearje tegearre de reäktorkearn, wat ta in keatlingreäksje liedt dy't de Deadsstjer ferneatiget. Letter nimt Wedge diel oan it feest dat de rebellen fiere yn 'e Ewok-delsetting op 'e boskmoanne Endor. Wedge is de iennichste piloat fan 'e rebellen dy't de oanfallen op beide Deadsstjerren oerlibbet.

Yn Rogue One: A Star Wars Story, dat yn 'e ynterne gronology fan Star Wars krekt foàr A New Hope spilet, komt Wedge net yn byld, mar syn stim is koart te hearren oer de intercom op 'e rebellebasis op Yavin-IV. Hy waard mei sin weilitten út 'e klimaktyske gefjochtssêne oan 'e ein fan 'e film om in kontinuïteitsflater mei A New Hope foar te kommen. Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker lit Wedge him mei in grut tal oare feteranen út 'e Galaktyske Boargeroarloch, troch Lando Calrissian beprate om it Ferset te help te kommen yn harren striid tsjin 'e Earste Oarder en de Ivige Sith. Hy nimt mei Lando yn 'e Millennium Falcon diel oan 'e Slach om Exegol.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wedge Antilles is de haadpersoan yn it meastepart fan 'e romansearje Star Wars: X-Wing (1996-2012), fan Michael A. Stackpole en Aaron Allston en teffens yn ferskate strips fan Dark Horse Comics. Nei de oername fan filmstudio Lucasfilm troch The Walt Disney Company binne dy útjeften yn 2014 lykwols allegear ta "leginden" ferklearre en út 'e Star Wars-kanon skrast. Yn 'e kanonike Star Wars-literatuer trout Wedge letter mei Norra Wexley, mei wa't er him fêstiget op 'e planeet Akiva. Hy is de styfheit fan Snap Wexley, in piloat fan it Ferset, dy't yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy spile wurdt troch Greg Grunberg.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono