Springe nei ynhâld

Yarael Poof

Ut Wikipedy
Yarael Poof
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
seksemanlik
soarte personaazjeQuermiaan
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtJedi-master
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mace Windu
Yoda
Ki-Adi-Mundi
Oppo Rancisis
Plo Koon
geastlike heitGeorge Lucas
ûntstean1999

Yarael Poof (útspr.: [ˈjaraɛl ˈpuːf], likernôch: "ja-ra-el pûûf") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Quermianen, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Yarael Poof waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film spile troch Michelle Taylor.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yarael Poof wurdt berne as in Quermiaan op 'e planeet Quermia, wierskynlik earne yn 'e trêde iuw f.Sl.Y. Omreden fan syn oanberne Krêftgefoeligens wurdt er al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, dêr't er oplaat wurdt ta Jedi-ridder. Poof ûntjout him ta in foaroansteande Jedi en in ekspêr op it mêd fan ferstânstrúks en yllúzjes. Dêrnjonken wurdt er ek in feardich diplomaat en learaar. Tsjin 232 f.Sl.Y. is er al beneamd ta lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder.

Koarte tiid letter, nei de Grutte Hyperromteramp, wurdt Poof troch Lina Soh, de kânselier fan 'e Galaktyske Republyk, frege om te helpen by it ûndersyk nei dat foarfal. Poof spilet in wichtige rol by de ûntdekking dat de ramp feroarsake is troch ynfallers dy't harsels de Nihil neame. As Soh dêrnei de Jedi Oarder om help freget by it útrûgjen fan 'e Nihil, bestiet dêr frijwat wjerstân tsjin yn 'e Hege Jedi Ried, mei't soks in militêre operaasje is en de Jedi gjin militêren binne. Mei û.o. Oppo Rancisis sprekt Poof him yn dizze kwestje út foar stipe oan 'e Republyk. Uteinlik wurdt it foarstel om help te bieden mei ien stim ferskil oannommen.

Yn 32 f.Sl.Y., as de Nabookrisis útbrekt, tsjinnet Yarael Poof noch altyd as lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hy is behelle yn 'e rieplachtings fan 'e ried oer de krisis sels, mar ek oer it wer opdûken fan 'e Sith, de âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, fan wa't oannommen waard dat se tûzenen jierren lyn al útrûge wiene.

Poof is fierders oanwêzich as master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Ried bringt, dy't sa sterk yn de Krêft is dat Qui-Gon derfan oertsjûge rekke is dat er de Utkarde is dêr't de oerâlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. De leden fan 'e Ried, ûnder wa Poof, binne it deroer iens dat in leeftyd fan njoggen jier fierstente let is om noch oan in oplieding ta Jedi te begjinnen, en master Yoda wurdt grutte eangst yn 'e jonge gewaar, wat in negative emoasje is. De Ried beslút Qui-Gon syn fersyk om Anakin dochs noch oan 'e Jedi-training begjinne te litten, ôf te wizen.

Nei it ferstjerren fan Qui-Gon yn 'e Slach om Naboo by in konfrontaasje mei de Sith Darth Maul, kundiget Qui-Gon syn eardere padawan Obi-Wan Kenobi oan dat er hoe dan ek gehoar jaan sil oan 'e lêste wurden fan syn âlde master, wêrmei't dyselde him frege hat om Anakin ta Jedi te trainen. De Ried beslút mei tsjinnichheid om dêr tastimming foar te jaan.

Yarael Poof behâldt syn sit yn 'e Hege Jedi Ried oant er omkomt by in ûnspesifisearre misje, koart foar it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen yn 22 f.Sl.Y. Syn plak yn 'e ried wurdt neitiid ynnommen troch Jedi-master Coleman Trebor.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles Wedge Antilles C-3PO Chewbacca Biggs Darklighter Jan Dodonna Obi-Wan Kenobi Beru Lars Owen Lars prinsesse Leia Organa R2-D2 Luke Skywalker Han Solo Wilhuff Tarkin Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian Boba Fett keizer Palpatine Firmus Piett Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar Bib Fortuna Jabba de Hutt Mon Mothma Anakin Skywalker Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova Mas Amedda Eirtaé Ballory Sio Bibble Depa Billaba Jar Jar Binks Adi Gallia Nute Gunray Qui-Gon Jinn Ki-Adi-Mundi Eeth Koth Plo Koon Darth Maul Rugor Nass Padmé Amidala Quarsh Panaka Even Piell Yarael Poof Oppo Rancisis Sabé Sebulba Shmi Skywalker Darth Sidious Aurra Sing Roos Tarpals Saesee Tiin Rabé Tonsort Finis Valorum Watto Mace Windu Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku Jango Fett Kit Fisto Agen Kolar Cliegg Lars Bail Organa Poggle de Mindere Aayla Secura Shaak Ti Darth Tyranus Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 Kaydel Ko Connix Poe Dameron Finn Armitage Hux Maz Kanata kaptein Phasma Kylo Ren Rey Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy DJ Amilyn Holdo Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss D-O Jannah Enric Pryde Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano Asajj Ventress Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor Galen Erso Jyn Erso Saw Gerrera Chirrut Îmwe K-2SO Orson Krennic Baze Malbus Raddus Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett L3-37 Enfys Nest Qi'ra Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger Din Djarin Grogu Kanan Jarrus Bo-Katan Kryze Satine Kryze de Mandaloriaan Savage Opress Fennec Shand Sifo-Dyas Hera Syndulla Sabine Wren Kazuda Xiono