Nute Gunray
Nute Gunray personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Neimoïde | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | sakeman, bestjoerder | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Darth Sidious Darth Maul Padmé Amidala Qui-Gon Jinn Obi-Wan Kenobi | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Nute Gunray (útspr.: [nuːt ˈɡʌnɹeː], likernôch: "nûût gan-ree") is in fiktyf bûtenierdsk personaazje út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Neimoïdyske sakeman en de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje. Gunray waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), wêryn't er ien fan 'e wichtichste antagonisten wie. Yn 'e oare beide dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy ferfolle er in rol fan ûndergeskikt belang. Yn alle trije films waard er spile troch akteur Silas Carson. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars, dêr't er ek yn foarkaam, waard syn dialooch ynsprutsen troch stimakteur Tom Kenny.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nute Gunray is in Neimoïde, ôfkomstich fan 'e planeet Neimoïdia. Omreden fan syn ynklauwerigens en manipulearberens wurdt yn 33 f.Sl.Y. syn paad nei de macht binnen de Hannelsfederaasje foar him klearre troch de Sith-master Darth Sidious. Dyselde sit yndirekt efter de útrûging fan it eardere liederskip fan 'e Hannelsfederaasje by in terroristyske oanslach op 'e Eriadukonferinsje. Neitiid gripe de Neimoïden binnen de Hannelsfederaasje de macht en wurdt Gunray beneamd ta de nije ûnderkening fan it ferbûn.
Nabookrisis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 32 f.Sl.Y. behellet Gunray de Hannelsfederaasje yn opdracht fan Darth Sidious yn in konflikt mei de planeet Naboo, wat liedt ta de saneamde Nabookrisis. Dêrby wurdt in blokkade fan 'e planeet ynsteld oant keninginne Padmé Amidala fan Naboo in ferdrach ûndertekenje wol dat de Hannelsfederaasje it op 'e planeet foar it sizzen jout. As kânselier Finis Valorum twa Jedi, Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi, stjoert om as midslju tusken de beide partijen te fungearjen, krije Gunray, syn plakferfanger Rune Haako en de kaptein fan syn flaggeskip, Daultay Dofine, fan Darth Sidious opdracht om harren te fermoardzjen.
Dat misbeteart lykwols en Padmé wegeret har troch de Hannelsfederaasje sjantearje te litten. Mei de help fan 'e Jedi ûntsnapt se út finzenskip. Har romteskip brekt troch de blokkade hinne en wit de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant te berikken. As se dêr gjin help kriget fan kânselier Valorum en de Galaktyske Senaat, keart se werom nei Naboo, dat ûnderwilens troch de Hannelsfederaasje beset is. Mei help fan 'e Gungaanske ferstjitling Jar Jar Binks slút Padmé in militêr bûnsgenoatskip mei de Gunganen, it lânseigen ras fan bûtenierdske wêzens op Naboo. Wylst de Gunganen de striid oanbine mei it androïdeleger fan 'e Hannelsfederaasje, kringe Padmé en har hofdames mei in kloft Nabooaanske militêren it keninklik paleis binnen yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed en nimme Gunray kriichsfinzen. Dêrnei is it gau dien mei de blokkade en de besetting.
Wrok tsjin Padmé
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn folsleine nederlaach yn 'e Nabookrisis behâldt Nute Gunray lykwols syn posysje as ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje. De folgjende fjouwer jier wurdt der fjouwer kear in rjochtsaak tsjin him oanspand yn ferbân mei syn belutsenens by de krisis, mar eltse kear wit er de dûns te ûntspringen. De earste beide rjochtsaken wurde seponearre omreden fan foarmflaters of gebrek oan bewiis, de trêde misbeteart mei in sjuery dy't net út 'e rie komme kin en de fjirde einiget yn frijspraak.
Nettsjinsteande it feit dat er nea syn fertsjinne straf ûntfangt foar syn rol yn 'e Nabookrisis, wrokket Gunray tsjin Padmé Amidala, dy't nei it úttsjinjen fan har termyn as keninginne de nije senator foar Naboo wurden is. Har jout er de skuld fan al syn swierrichheden en tsjinrampen. As it fersprieden fan leagens oer har om har politike karriêre tsjin te wurkjen net folle opsmyt, lovet Gunray temûk in priis út foar eltsenien dy't Padmé fermoardet. Tsien jier nei de Nabookrisis slút Gunray yn it djipste geheim de Hannelsfederaasje oan by in groep oare organisaasjes, wêrûnder it Keapmansgilde, de Techno Uny en de Yntergalaktyske Bankêre Groep, dy't mei-inoar de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels (KUS) oprjochtsje. Dat is in separatistysk steatsferbân fan planetestelsels dy't har fan 'e Galaktyske Republyk ôfskiede wolle. It gearbringen fan 'e ûnderskate organisaasjes dy't dêryn behelle binne en it fasilitearjen fan 'e oprjochting fan 'e KUS is it wurk fan greve Dooku, de learling fan Darth Sidious.
Gunray syn persoanlike betingst foar de oansluting fan 'e Hannelsfederaasje by de KUS is dat Padmé út 'e wei romme wurde moat. Dooku stimt dêrmei yn en bewurkmasteret dat de preemjejagers Jango Fett en Zam Wesell in oanslach op it libben fan 'e senator dogge. Dat pakt lykwols averjochts út as de oanslach mislearret en de Jedi-master Obi-Wan Kenobi, op it spoar fan Jango Fett, efter it bestean komt fan it reuseftige androïdeleger dat de KUS opboud hat. Nei't Obi-Wan, syn padawan Anakin Skywalker en Padmé finzen nommen en ta de deastraf feroardiele wurde, sjocht Gunray mei grutte wille ta hoe't it trijetal twongen wurdt om yn 'e arena op 'e planeet Geonosis oan 'e dea ta te fjochtsjen tsjin ferskuorrende wylde bisten. Syn wille bekuollet lykwols gau as de leden fan 'e Hege Jedi Ried ûnder lieding fan 'e masters Yoda en Mace Windu mei in bataljon kloansoldaten arrivearje om Padmé en de beide Jedi te rêden. Gunray en de oare lieders fan 'e KUS ûntflechtsje Geonosis halje-trawalje.
Lettere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neitiid is Gunray yngeand behelle yn 'e Kloane-oarloggen tusken de KUS en de Galaktyske Republyk, hoewol't er nei bûten ta beart neutraal te wêzen. By in treffen op 'e planeet Rodia grypt er persoanlik yn om te besykjen en nim Padmé finzen. Dat slagget lykwols net en ynstee wurdt Gunray sels troch Padmé kriichsfinzen nommen. Underweis fan Rodia nei Coruscant, foar syn berjochting, steane Gunray syn bewekkers ûnder lieding fan 'e Jedi Ahsoka Tano. Om foar te kommen dat de ûnderkening alles wat er wit, útbringe sil oan 'e Jedi, stjoert greve Dooku de tsjustere Jedi Asajj Ventress om him te befrijen of oars te fermoardzjen. It romteskip dêr't Gunray op reizget, wurdt oanfallen troch Ventress en troepen fan 'e KUS. Yn 'e gaos wit Gunray te ûntnappen mei help fan 'e ferrieder Faro Argyus, in ofsier út it kloaneleger fan 'e Republyk (dy't neitiid fuortendaliks troch Ventress fermoarde wurdt).
Letter yn 'e Kloane-oarloggen is Gunray belutsen by it opsetten fan in mûklaach dy't Jedi-master Kit Fisto op in hier nei it libben kostet. Yn opdracht fan Darth Sidious lient er ek in diel fan 'e float fan 'e Hannelsfederaasje oan 'e preemjejager Cad Bane. De oarlochsskippen fan 'e federaasje geane dêrby ferlern. Nei de dea fan greve Dooku en de nederlaach fan 'e float fan 'e KUS yn Slach om Coruscant reizget Gunray nei Utapau ta foar in moeting mei de oare separatistyske lieders en generaal Grievous, de militêre befelhawwer fan 'e KUS. Dyselde bringt Gunray en de oare lieders yn feilichheid op 'e planeet Mustafar. As Darth Sidious, oftewol kânselier Palpatine, de macht grypt, de Republyk ûnder fuotten hellet en dêrfoar yn it plak it Galaktysk Keizerryk útropt mei himsels as autokratysk regearjend keizer, hat er de KUS net mear nedich. Hy stjoert syn nije learling Darth Vader (foarhinne Anakin Skywalker) nei Mustafar, dêr't dyselde mei de ljochtsabel alle separatistyske lieders ôfslachtet. Sa komt ek Nute Gunray oan syn ein.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |