Stass Allie

Ut Wikipedy
Stass Allie
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje Tholothiaanse
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-master
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mace Windu
Yoda
Shaak Ti
Luminara Unduli
Adi Gallia
Aayla Secura
geastlike heit George Lucas
ûntstean 2005

Stass Allie is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Sy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Tholothianen, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Stass Allie waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005). It personaazje waard yn dy film spile troch aktrise Lily Nyamwasa.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stass Allie wurdt berne as in Tholothiaanse op 'e planeet Tholoth, dy't de thúswrâld fan it Tholothiaanske ras fan bûtenierdske wêzens is. Omreden fan har oanberne Krêftgefoeligens wurdt se al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, dêr't se oplaat wurdt ta Jedi-ridder. Hja is in folle nicht fan Adi Gallia, in oare Tholothiaanske Jedi. Allie spesjalisearret har yn genêskunde en diplomasy, en ûntjout har meitiid ta in foaroansteande Jedi.

Kloane-oarloggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wannear't yn 22 f.Sl.Y. de Kloane-oarloggen útbrekke, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, nimt Stass Allie in aktivere rol op har. Se wurdt in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat. Dêrby hat se yn 't earstoan de lieding oer it Medysk Korps.

Yn 19 f.Sl.Y., as har nicht Adi Gallia omkomt op 'e planeet Florrum yn in gefjocht mei de Sith-learling Savage Opress, wurdt Allie yn it plak fan Gallia beneamd ta lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder. Sadwaande is hja oanwêzich by de beruchte sitting wêryn't Anakin Skywalker in sit yn 'e Hege Jedi Ried tawiisd kriget as persoanlike fertsjintwurdiger fan kânselier Palpatine, mar wêrby't de oare leden fan 'e Ried, ûnder lieding fan master Mace Windu, him de titel fan Jedi-master ûnthâlde, sadat er gjin stimrjocht hawwe sil oangeande de besluten fan 'e Ried.

Oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen nimt Allie ek diel oan riedplachtings fan 'e Hege Jedi Ried, wêrby't de lieders fan 'e Jedi Oarder njonken de stân fan saken yn 'e oarloch ek besprekke hoe't se mei kânselier Palpatine oan sille, dy't himsels ûnder it mom fan 'e troch de oarloch feroarsake needsitewaasje withoefolle bykommend foech ta-eigene hat en net ree liket om dêr frijwillich wer ôfstân fan te dwaan.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen wurdt Stass Allie belêstge mei it bringen fan fersterkings nei de planeet Felucia, dêr't de striid noch yn alle fûleindigens geande is. Neitiid wurdt se nei de planeet Saleucami stjoerd, dêr't se de lieding kriget oer in militêre operaasje fan it 91e Mobile Ferkenningskorps, dy't ôfweeft mei de lêste restanten fan 'e wjerstân fan separatistyske troepen dêre.

Wylst Allie op Saleucami is, furdiget kânselier Palpatine, dy't eins de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, Oarder 66 út, ta de útfiering wêrfan't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk troch tadwaan fan syn hantlanger greve Dooku foarprogrammearre binne. Dat befel hâldt de moard troch de kloanen op harren eigen Jedi-ofsieren yn, in foarfal dat letter bekend wurdt as de Grutte Suvering fan 'e Jedi. As Allie, begelaat troch twa kloansoldaten, op in glydmotor oer it keale lânskip fan Saleucami jeit, hâlde de beide kloanen ynienen wat yn, wêrnei't se har fan efteren ôf ûnder fjoer nimme. Allie is op slach dea, mei't har glydmotor frijwol daliks ûntploft.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono