Eeth Koth

Ut Wikipedy
Eeth Koth
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Zabrak
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-master
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mace Windu
Yoda
Saesee Tiin
Adi Gallia
Plo Koon
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Eeth Koth (útspr.: [ˈiːθ ˈkɔθ], likernôch: "iiz koz") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Zabraks, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Eeth Koth waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) spile troch akteur Hassani Shapi. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars waard syn dialooch ynsprutsen troch stimakteur Chris Edgerly.

Fiktive biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eeth Koth wurdt berne as in Iridoanske Zabrak op 'e planeet Iridonia, yn 'e Midrâne fan it Stjerrestelsel. Omreden fan syn oanberne Krêftgefoeligens wurdt er al jong nei de Jedi Timpel, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder, op Coruscant ta brocht, dêr't er oplaat wurdt ta Jedi-ridder.

Nabookrisis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koth ûntjout him ta in foaroansteand lid fan 'e Oarder en wurdt om 40 f.Sl.Y. beneamd yn 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Oarder. Dêr tsjinnet er noch as yn 32 f.Sl.Y. de Nabookrisis útbrekt. Koth is behelle yn 'e rieplachtings fan 'e Hege Jedi Ried oer de krisis sels, mar ek oer it wer opdûken fan 'e Sith, de âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, fan wa't oannommen waard dat se tûzenen jierren lyn al útrûge wiene.

Koth is fierders oanwêzich as master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Ried bringt, dy't sa sterk yn de Krêft is dat Qui-Gon derfan oertsjûge rekke is dat er de Utkarde is dêr't de oerâlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. De oare leden fan 'e Ried binne it deroer iens dat in leeftyd fan njoggen jier fierstente let is om noch oan in oplieding ta Jedi te begjinnen. Om't Koth sels syn oplieding op 'e ûngewoan lette leeftyd fan fjouwer jier úteinset is, stiet er mear iepen foar it pleidoai fan Qui-Gon as de oare leden, mar hy wurdt oerstimd.

Nei it ferstjerren fan Qui-Gon yn 'e Slach om Naboo by in konfrontaasje mei de Sith Darth Maul, kundiget Qui-Gon syn eardere padawan Obi-Wan Kenobi oan dat er hoe dan ek gehoar jaan sil oan 'e lêste wurden fan syn âlde master, dy't him dêrmei frege hat om Anakin ta Jedi te trainen. Koth hat minder muoite as de oare leden fan 'e Hege Jedi Ried om him dêrby del te lizzen. Hy reizget mei û.o. Yoda en Mace Windu nei Naboo, dêr't er oanwêzich is by de kremaasje fan Qui-Gon Jinn en de oerwinningsparade yn 'e haadstêd Theed.

Kloane-oarloggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, is Koth noch altyd lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hy is ien fan 'e Jedi-masters dy't mei Mace Windu nei de planeet Geonosis reizgje om Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala te rêden, dy't dêre troch de Sith greve Dooku ta de deastraf feroardiele binne. Koth oerlibbet de Earste Slach om Geonosis en wurdt in generaal yn it Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hie.

Ier yn 'e Kloane-oarloggen tsjin 'e separatisten fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels wurdt it flaggeskip fan Koth intere en oermastere troch de separatistyske opperbefelhawwer, de cyborg generaal Grievous en syn MagnaWachten. Nei in yngeand duël mei de ljochtsabel wurdt Koth kriichsfinzen nommen. Grievous ferstjoerd in hologram nei de Hege Jedi Ried wêryn't er Koth martelet, mar it slagget Koth om mei gebearten fan 'e fingers syn lokaasje te oer te bringen, en hy wurdt net lang dêrnei rêden troch Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en Adi Gallia.

Koth tsjinnet it grutste part fan 'e Kloane-oarloggen as generaal fan it Grutte Leger fan 'e Republyk en lid fan 'e Hege Jedi Ried, oant er, tsjin 'e ein fan dat konflikt, út syn funksje set wurdt om't er de priis fan 'e oarloch net goedkrije kin mei de ideälen fan 'e Jedi Oarder. Syn sit yn 'e Hege Ried wurdt oernommen troch Aven Kolar, in oare Zabrak fan Iridonia. Koth stapt neitiid desyllúzjonearre út 'e Jedi Oarder en ûntkomt sa yn 19 f.Sl.Y. oan 'e útrûging fan 'e Jedi troch harren eigen kloansoldaten nei't kânselier Palpatine, dy't de boasaardige Sith-master Darth Sidious blykt te wêzen, dêr de yn 'e psyche fan 'e kloanen foarprogrammearre Oarder 66 ta útfurdiget.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiif jier letter, yn 14 f.Sl.Y. is Eeth Koth in preester yn 'e Tsjerke fan 'e Ganthyske Ferljochting. Hy is troud mei in oare Iridoanske Zabrak, in frou dy't Mira hjit, mei wa't er in nijberne poppe hat. De Sith-ridder Darth Vader wit him lang om let op te spoaren mei in trijetal fan 'e ynkwisiteurs fan it Galaktysk Keizerryk. (Dat is in groep Krêftgefoeligen dy't nei yndoktrinaasje troch keizer Palpatine ynset wurdt as Jedi-jagers.) Yn in duël mei de ljochtsabel wurdt Koth troch Vader ferslein en deade. De poppe, dy't krekt as har heit Krêftgefoelich is, wurdt ûntfierd om as ûnderdiel fan it Projekt Risper as ynkwisiteur oplaat te wurden.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono