Springe nei ynhâld

Naboo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Theed)
De planeet Naboo.

Naboo (útspr.: [nɑˈbuː], likernôch: "na-bûû") is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't bekend waard út 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It is in wielderige wrâld, dy't út 'e romte wei foarsteld wurdt as op 'e Ierde lykjend blau en grien. Der libje twa soarten yntelliginte wêzens: minsklike kolonisten, de Nabooanen, en in lânseigen ras fan bûtenierdske wêzens, de Gunganen. De planeet hat trije moannen: Ohma-D'un, dêr't in Gungaanske koloanje fêstige is, Rori, mei in Nabooaanske koloanje, en de iismoanne Tasia, ferneamd nei keninginne Elsinoré den Tasia fan Grizmallt, dy't de earste Nabooaanske kolonisten op 'en paad stjoerde. It planetestelsel fan Naboo bestiet út fiif planeten dy't om in 'e stjer Naboo rûntsjedraaie: Mot en Erep (allebeide teskroeiende hjit), Naboo sels, Widdo (bewenber mar libbenleas) en de gasreus Stoarm. It planetestelsel heart ta de sektor Chommell, in krite fan 'e galaktyske Midrâne.

Op it oerflak fan Naboo leit ien inkeld grut wrâlddiel, dat yn east-westrjochting midstwa dield wurdt troch de Gallobergen, it heechste berchtme fan 'e planeet. Benoarden de bergen strekke har ûnbidige flakten en savannes út, dêr't de Nabooanen libje. Dyselden hawwe in monargy fêstige, út harren haadstêd Theed wei regearre troch in kening of keninginne dy't ienris yn 'e fjouwer jier by algemiene ferkiezings keazen wurdt en net mear as twa terminen op 'e troan bliuwe mei. De monarch wurdt bystien troch in yn it sâlt fan 'e polityk bebiten gûverneur. It lân súdlik fan 'e bergen bestiet út in reuseftige sompe, dy't de Lianorm neamd wurdt. Dat is it wengebiet fan 'e Gunganen, dy't amfibysk binne en bestjoerd wurde troch stammelieders. Besuden de Lianorm leit de Paongamar, op 'e boaiem wêrfan't de wichtichste Gungaanske stêd boud is, Otoh Gunga.

It Plaza de España yn Sevilla, dat yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace trochgiet foar as it sintrale plein yn Theed, de haadstêd fan Naboo.

Naboo is bysûnder om't de planeet gjin kearn fan raand stiente hat. Ynstee is de wrâld ûnder it oerflak in poreus, fan ûnderwettergrotten trochsingele labyrint, sadat men yn in ûnderseeboat fan 'e iene kant fan Naboo troch de kearn hinne nei de oare kant ta reizgje kin. Yn 'e ûnbidige djipten libje reuseftige ûnderwetterwêzens dy't nea oan it wetteroerflak komme, lykas de mear as 100 m lange opee-seeslachter, de 400 m lange colo-klaufisk en it krapoan 1.600 m mjittende sando-akwameunster. De Gunganen hawwe ferskate lânseigen bisten fan Naboo domestisearre, wêrûnder de kaadu (dy't derút sjogge as grutte fearleaze fûgels), de falumpaset (dy't wol wat wei hat in kamiel sûnder bulte) en de fambaa (in soarte fan reuzehagedis mei in skofthichte fan 4 m).

De Nabooaanske minsken stamje ôf fan 'e opfarrenden fan in kolonisaasjeskip fan 'e planeet Grizmallt, dat likernôch 3.900 jier foar de foarfallen yn 'e films fan 'e Skywalker Saga skipbrek litte op Naboo. Mei't de planeet tige gaadlik liek foar minsklike bewenning, besleaten de skipbreklingen har der foargoed nei wenjen te setten en net nei rêding en evakuaasje te stribjen. Binnen inkele wiken nei harren oankomst op 'e planeet fûn it earste kontakt plak tusken minsken en Gunganen, mar hoewol't beide groepen wantrouwich foarinoar oer stiene, waard der gjin geweld brûkt. De beide befolkingsgroepen berikten in min ofte mear freedsume koëksistinsje om't de minsken har nei wenjen setten yn it drûgere heechlân en op 'e útstrutsen flakten, gebieten dy't foar de amfibyske Gunganen ûnbewenber wiene. De spannings bleaune lykwols heech, mei't de Gunganen de minsken beskôgen as arrogante lefferts, wylst de minsken de Gunganen seagen as ûnbeskaafde barbaren. Pas ûnder de Nabookrisis, doe't keninginne Padmé Amidala in út need berne militêr bûnsgenoatskip mei de Gunganen beävensearre tsjin in mienskiplike fijân, de Hannelsfederaasje, kaam der foar it earst neieroankommen tusken de beide groepen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin