Dathomir

Ut Wikipedy
De planeet Dathomir.

Dathomir is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise. De planeet waard yntrodusearre yn 'e roman The Courtship of Princess Leia, fan Dave Wolverton, út 1994. Dathomir makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme, yn 'e sektor Quelli, yn 'e saneamde Nije Territoaria oan 'e râne fan it Stjerrestelsel. De planeet hat twa moannen en draait om 'e stjer Domir, dy't read ljocht útsmyt. In dei duorret op Dathomir likernôch 24 oeren, mar in jier duorret 491 dagen. De planeet hat in diameter fan 10.460 km, mei in klimaat dat tige gaadlik is foar bewenning troch de measte soarten organismen. Der binne ferskate wrâlddielen, sûnder útsûndering mei in wielderige plantegroei en in grut bioferskaat fan fauna.

Wat yntelliginte wêzens oanbelanget, is Dathomir tige tin befolke, mei in net lânseigen befolking fan mar sa'n 8.000 sielen. Dy bestiet foar 80% út minsken, foar 17% út Zabraks en foar 3% út oaren, foar it meastepart Toydarianen en Zeffo's. De Zabraks libje al sa lang op 'e planeet, dat de Dathomiryske Zabraks in ôfwikende ûndersoarte foarmje fan 'e Zabraks op harren oarspronklike thúswrâld Iridonia. De tsjustere kant fan de Krêft is sterk op Dathomir oanwêzich, wat laat hat ta de berte fan in fier boppegemiddeld tal lju dy't by steat binne om 'e Krêft te brûken, en dy't hast allegearre ferfalle ta de tsjustere kant. Under dyselden slane de saneamde Nachtsusters foar master op: froulike Krêftbrûkers dy't ek wol 'heksen' neamd wurde. Hja libje yn famyljeclans en kinne minske of Zabrak wêze. De Nachtbruorren binne manlike Zabraks dy't de Krêft brûke kinne en dy't oerhearske wurde troch de Nachtsusters. Dathomir is fierders de thúswrâld fan 'e rancors, in reuseftich, waarmbloedich, semy-yntelligint rôfdier dat op twa skonken giet. De Nachtsusters hâlde nuete rancors en brûke se as riid- en lêstdieren.

Under de Kloane-oarloggen wurdt Dathomir ferskate kearen oanfallen as gefolch fan 'e masinaasjes fan Mem Talzin, de machtichste Zabrakske Nachtsuster, dy't harsels opsmyt as in rivale fan 'e Sith-master Darth Sidious. De troch Sidious oanstjoerde Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels feroveret de planeet, en ûnder de dêropfolgjende besetting wurde de measte Nachtsusters útrûge en alle gruttere delsettings ferneatige. Bekende personaazjes ôfkomstich fan Dathomir binne Darth Maul, de biologyske soan fan Mem Talzin en de earste learling fan Darth Sidious; dy syn broer Savage Opress, en de tsjustere Jedi Asajj Ventress. Alle trije binne Zabraks.

Yn The Courtship of Princess Leia, dat in skoft nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi spilet, nimt Leia yn omtinken om út praktyske redens te trouwen mei de smoarrike prins Isolder fan 'e machtige planeet Hapes. Om har op oare gedachten te bringen, ûntfiert (of skaakt) Han Solo har om har op Dathomir te bringen, in planeet dy't er wûn hat by in gokspul mei hege ynset. Hy besiket har de wrâld kado te dwaan en har sa foar him te winnen, mar syn plan rint mis as se delsketten wurde en op Dathomir fêst komme te sitten. Isolder reizget harren efternei om Leia te sykjen. Se komme yn kontakt mei in clan Nachtsusters, dy't harren helpe fan 'e planeet te ûntsnappen. Han draacht it eigendom fan Dathomir neitiid oer oan 'e Nachtsusters, en prinsesse Leia kiest foar Han, wylst Isolder fereale rekket op in jonge Nachtsuster dy't wol weage is oan syn oerhearskjende mem.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin