Springe nei ynhâld

Twi'leks

Ut Wikipedy
Cosplay fan in Twi'lek.

Twi'leks (inkeltal: Twi'lek; útspr.: [ˈtʷiːlɛk], likernôch: "twii-lek") binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. It binne humanoïden dy't maklik werkenber binne oan 'e beide lange tentakeleftige útgroeisels op 'e holle, de saneamde lekku of "hollesturten". De lekku fan Twi'leks hawwe ferskate funksjes. Behalven dat se der dingen mei fêstpakke kinne, binne it ek organen dy't brûkt wurde foar kommunikaasje en dy't kognitive funksjes hawwe (krekt as de fjouwer lekku fan Togruta's). Twi'leks sprekke Twi'leki, in taal dy't behalven út spraak ek bestiet út subtile bewegings fan 'e lekku. As se it wolle, kinne Twi'leks sels yn folsleine stilte kommunisearje mei harren lekku.

Los dêrfan lykje Twi'leks fierders fan gesicht en lichem sterk op minsken en binne se ien fan mar in pear soarten bûtenierdske wêzens dy't him súksesfol mei minsken fuortplantsje kin. Twi'leks hawwe in lingte fan tusken de 1.60 m en 2.10 m, en komme (krekt as minsken) foar mei ferskillende hûdskleuren. Twi'lek kinne sadwaande in wite, reade, blauwe of griene hûd hawwe. Jonge froulike Twi'leks binne elegant en tsjep, en se wurde sadwaande tige socht as dûnseressen, strippers en seksslavinnen. Soms wurde se troch harren eigen famylje as slavinnen ferkocht, mei't Twi'leks oer it algemien berekkenjend en pragmatysk binne. Hoewol't se ornaris gjin geweld brûke en har net behelje litte yn konflikten, sette se harren mânske yntelliginsje en fernimstigens yn om op manipulative wize harren doelen te berikken, dy't faak delkomme op it beheljen fan jildlike winst.

Twi'leks komme fan 'e bercheftige planeet Ryloth, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Omreden fan 'e syngroane rotaasje fan dy wrâld ferkeart de helte fan Ryloth dy't net nei de stjer fan it planetestelsel ta keard is oanhâldend yn tsjuster en kjeld, wylst de de helte dy't dêr wol nei ta wiist, oan ien stik wei bleatsteld is oan fel ljocht en teskroeiende hjittens. De Twi'lek libje yn 'e skimersône op 'e grins fan dy beide gebieten, dêr't se grutte stêden fuort ûnder de grûn boud hawwe. Harren yndustry is primityf, en se libje fierhinne fan it iten fan rauwe skimmels en de op kij lykjende rycrits. Fanwegen de relative warleazens fan Ryloth binne Twi'leks al iuwenlang it slachtoffer fan slavehellers fan oare planeten.

Yn 'e Star Wars-franchise waarden Twi'leks yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Dêryn is de Twi'lek-slavinne Oola te sjen, dy't troch de gangster Jabba de Hutt oan syn rancor opfuorre wurdt. Oare bekende Twi'leks út 'e franchise binne Bib Fortuna, de glûpske majordomo fan Jabba; de Jedi-master Aayla Secura; en Hera Syndulla, in piloate fan it Rebelleferbûn. Fanwegen de sensualiteit fan jonge froulike Twi'leks is dit ras fan bûtenierdske wêzens ien fan 'e populêrste fan 'e hiele franchise wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin