Springe nei ynhâld

Vulptex

Ut Wikipedy
In vulptex.

In vulptex is in fiktyf bist út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), it middelste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Vulptexen binne fjouwerfuottige sûchdieren mei in skofthichte fan likernôch 50 sm. Se lykje sterk op Ierdske foksen, mei in foarútstykjende snút, spitse earen en in grutte boarstelsturt. Mar se hawwe in wite pels dy't bestiet út kristallinen boarstelhier, en reade of blauwe eagen. Harren natuerlike biotoop wurdt foarme troch de útstrutsen sâltflakten op 'e ûnherberchsume planeet Crait. Vulptexen binne eins nachtdieren, en se hawwe tige skerpe sintugen. Se kinne troch tige behindige gatsjes, en stelle oan 'e hân fan harren wiid útstekkende snorhierren fêst oft se har lichem earne trochhinne wrotte kinne.

Yn The Last Jedi sykje de lêste 400 leden fan it Ferset, dy't efterfolge wurde troch de float fan 'e faksistoïde Earste Oarder, beskûl yn in âlde basis fan it Rebelleferbûn op Crait. Dy basis is fêstige yn it binnenste fan in berch oan 'e útein fan in grutte sâltflakte. Lâningstroepen fan 'e Earste Oarder komme har efternei, sadat de grutte feilichheidsdoar halje-trawalje omleech dien wurde moat. Njonken de fersetslju flechtsje ek guon vulptexen de basis binnen, dy't opskrikt binne troch de AT-AT-rinners fan 'e Earste Oarder. Fersetslju en vulptexen komme sa mei-inoar fêst te sitten yn 'e rebellebasis as bliken docht dat der gjin oare útgong is.

De Earste Oarder set in mânsk belegeringskanon yn om troch de feilichheidsdoar hinne te kommen. Wylst de Jedi-master Luke Skywalker de Earste Oarder ophâldt, liede de vulptexen de fersetslju nei wat oarspronklik in útgong fan 'e basis wie, dy't tichtset is troch in ynstoarting wêrby't reuseftige rotsblokken delkommen binne. De vulptexen kinne har troch de lytse gatsjes tusken de rotsblokken troch wringe en ûntkomme sa, mar de fersetslju sitte fêst. Dan ferskynt de jonge Jedi Rey, dy't de Krêft brûkt om 'e rotsblokken fansiden sweve te litten. De fersetslju kinne dêrtroch út 'e basis fuortglûpe en geane oan board fan it romteskip de Millennium Falcon om fan Crait te ûntkommen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa