Geonosianen

Ut Wikipedy
In Geonosiaan (Poggle de Mindere).

Geonosianen (inkeltal: Geonosiaan) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Hja komme fan 'e planeet Geonosis, dy't foar it meastepart út woastyn en rotsige berchtmen bestiet. De Geonosianen binne ynsektoïde, op twa skonken geande wêzens mei in lichemslingte fan trochinoar 1.70 m. Se hawwe in eksoskelet mei in grienige of brunige kleur. Fierders lykje se op minsken yn 'e sin dat se twa earms en twa skonken en in holle mei twa eagen, in noas, in mûle en twa earen op likernôch it wenstige plak hawwe. Op 'e rêch hawwe se tusken de skouderblêden in pear flueseftige wjukken sitten, dêr't se mei fleane kinne. It uterlik fan Geonosianen is sterk beynfloede troch it feit dat Star Wars-betinker George Lucas, doe't er dit ras ûntwurp, te krijen hie mei in termitepleach yn syn hûs.

De maatskippij fan 'e Geonosianen is basearre op kasten, hoewol't der foar talintearre yndividuën wol mobiliteit tusken de kasten mooglik is. De wichtichste kasten binne dy fan 'e wurkers en de soldaten. Geonosianen wurde berne yn koloanjes, oan it haad wêrfan't in keniginne stiet. Sy is de iennichste dy't de aaien lizze kin dêr't jonge Geonosianen út fuortkomme. Hoewol't de keninginne efter de skermen de wiere macht yn 'e hannen hat, bliuwt hja yn 'e regel ferburgen yn 'e ûndergrûnske koloanje en lit se it deistich bestjoer en de kontakten mei wêzens dy't gjin Geonosianen binne, oer oan in aartshartoch.

Geonosianen wurde yn 'e Star Wars-franchise yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones. Hja lykje dêryn regearre te wurden troch aartshartoch Poggle de Mindere, dy't belutsen is by de oprjochting fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Dat is in separatistysk steatsferbân fan tûzenen planetestelsels dy't har ôfskiede wolle fan 'e Galaktyske Republyk, in stribjen dat brûkt wurdt troch de boasaardige Sith-master Darth Sidious. It útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen tusken de Republyk en de Konfederaasje is in direkt gefolch fan 'e manipulaasje fan Sidious en syn hantlanger, greve Dooku.

De Geonosianen fjochtsje yn 'e Kloane-oarloggen oan 'e kant fan 'e separatisten en ferdigenje harren thúswrâld twaris tsjin in ynvaazje fan troepen fan 'e Republyk, beide kearen ûnsúksesfol. Geonosis is foar de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels fan grut belang omreden fan 'e oarlochsrobotfabriken dy't der fêstige binne. Nei ôfrin fan 'e oarloch, ûnder de hearskippij fan it Galaktysk Keizerryk, drage de Geonosianen by oan 'e bou fan 'e earste Deadsstjer. Om 'e spesifikaasjes fan dat romtestasjon en massaferneatigingswapen geheim te hâlden, fiere Keizerlike troepen û.l.f. fan grutmoff Wilhuff Tarkin neitiid in genoside op 'e Geonosianen út, dy't inkeld oerlibbe wurdt troch ien yndividu, dat Klik-Klak hjit en mei help fan it Rebelleferbûn fan Geonosis wit te ûntsnappen. Klik-Klak is yn it besit fan in keninginne-aai en hopet troch in nije keninginne syn folk wer ta libben wekje te kinnen. Trochdat it aai skansearre rekke is, blykt de keninginne dy't der útkomt, lykwols ûnfruchtber te wêzen. Hja keart werom Geonosis, dêr't hja de robotfabriken brûkt om nije gefjochtsandroïden te produsearjen dy't op 'e Geonosianen lykje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa