Sith

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sith-master)
It embleem fan 'e Sith.
Net te betiizjen mei Sídhe (Iersk) of Sìth (Skotsk-Gaelysk), in ras fan machtige mytyske wêzens út 'e Keltyske mytology.

De Sith binne in fiktive ridderoarder út 'e Star Wars-franchise. Alle oanhingers fan 'e Sith-kultus mei-inoar wurde de Ivige Sith (Ingelsk: Sith Eternal) neamd. Hja binne de wichtichste antagonisten út 'e Star Wars-films en it folsleine tsjinstelde fan harren aartsfijannen, de Jedi. De Sith waarden yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. De Sith Oarder wurdt yn 'e Star Wars-films ôfskildere as in boasaardige, oerâlde, monastyske kultus fan boppenatuerlik bejeftige persoanen, dy't yn al harren dwaan dreaun wurde troch har longerjen op 'e oerhearsking fan it hiele Stjerrestelsel en op wraak tsjin 'e Jedi. Ferskate oare persoanen en groepen yn 'e Star Wars-franchise dy't de protagonisten tsjinwurkje, lykas de op winst beluste Hannelsfederaasje, de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, it diktatoriale Galaktysk Keizerryk en de út 'e restanten fan it keizerryk opsteande Earste Oarder, wurde allegear direkt of yndirekt oanstjoerd troch de Sith.

De Sith meitsje, krekt as de Jedi, gebrûk fan de Krêft, in boppenatuerlike enerzjy dy't har skynber boppeminsklike krêften jout, lykas telekineze, telepaty, foarkennis fan takomstige foarfallen en it manipulearjen fan fysike enerzjy. Se jouwe har oer oan negative emoasjes as hate en agresje en brûke sadwaande de tsjustere kant fan 'e Krêft, wylst de Jedi gebrûk meitsje fan 'e ljochte kant. De Sith binne fan natuere absolutistysk en totalitêr en hingje de opfetting oan dat alle oaren òf bûnsgenoaten binne, òf fijannen. Harren filosofy omfiemet fierders in leauwe yn persoanlike frijheid foar harrensels tsjin eltse priis, wêrby't dy priis sûnder útsûndering troch oaren betelle wurde moat. Krekt as de Jedi jouwe de Sith foarkar oan 'e ljochtsabel as wapen. Oars as by de Jedi is it limmet fan 'e sabels fan 'e Sith read fan kleur.

Neffens de Star Wars-kanon (sûnt 2014) waard de Sith Oarder 5.000 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope stifte. Neffens de Star Wars Legends (it kompleks fan romans en romansearjes dat yn 2014 troch Disney retcond waard) wie dat 6.900 jier foar dy film. Wylst der tûzenen Jedi njonken inoar bestean kinne, binne der altyd mar twa Sith: in master en syn learling. De kultuer fan 'e Sith is ien fan oanhâldende selsferwoastging en werútfining, mei't in learling inkeld in master wurde kin troch syn master te fermoardzjen. Dat bart as de master (faak troch âlderdom) selsfoldien rekket en swakte begjint te toanen. Yn 'e kultuer fan 'e Sith binne dingen as dieverij, ferrie en sabotaazje hiel normaal, en moard is akseptabel as de dieder soarget dat er net pakt wurdt. Se leauwe dat se in kosmysk mandaat hawwe dat harren it rjocht jout op 'e allinnehearskippij oer it Stjerrestelsel, en dat Jedi harren wjerholden hawwe fan wat har berterjocht wie. Harren hate tsjin 'e Jedi ken sadwaande gjin grinzen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.