Wampa

Ut Wikipedy
Cosplay fan in wampa.

In wampa (Ingelske útspr.: [ˈwɔmpə], likernôch: "û-ôm-puh") is in fiktive bûtenierdske libbensfoarm út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980). It is in grut, semy-selsbewust, kâldbloedich rôfdier, dat lânseigen is op 'e iisplaneet Hoth. Wampa's hawwe in tsjûke wite pels, hoarnen, lange klauwen en geane op twa skonken. Se binne trochinoar mear as 2 m lang en ferskine fanwegen har kâldbloedigens hast net op radarapparatuer.

Wampa's libje ornaris solitêr, hoewol't se út en troch jeie yn ridels. Troch har wite hier, dat frijwol har hiele lichem oerdekt, kinne wampa's yn 'e op Hoth faak foarkommende sniestoarmen harren proai relatyf maklik oer it mad komme. Dy proai bestiet foar it meastepart út tauntauns, grutte twaskonkige reptilen. As se in proai te pakken hawwe, slepe wampa's dy mei nei harren iishoale, dêr't se de proai oan it dak ophingje oant se ree binne om him op te fretten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa