Springe nei ynhâld

Bûtenierdsk libben

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bûtenierdske libbensfoarm)
In sterk fergrutte byld fan 'e Martiaanske meteoryt ALH84001, dêr't struktueren op te sjen binne wêrfan't guon wittenskippers tinke dat it fossilisearre baktearjes binne.

Bûtenierdsk libben is libben dat syn oarsprong net fynt op 'e Ierde. Hjirby sprekt men ornaris al rillegau fan bûtenierdske wêzens (of mei in Ingelsk wurd aliens), in term dy't meastal selsbewust of yntelligint libben ymplisearret. Mar by bûtenierdsk libben kin it likegoed gean om baktearjes, skimmels en oare legere libbensfoarmen. It bestean fan heechûntwikkle bûtenierdske beskavings wurdt troch de measte wittenskippers tsjintwurdich poer statistysk sjoen trouwens wierskynlik achte, op basis fan it tal stjerrestelsels yn it hielal dat oer libbensfetbere planeten beskikke moat. Lykwols is it bestean fan sawol ienfâldige bûtenierdske organismen as fan bûtenierdske beskavings dy't mooglik heger ûntwikkele binne as de minskheid op 't heden noch in folslein hypotetysk, mei't der noch gjin ûndûbelsinnige bewizen foar fûn binne.

De tûke fan wittenskip dy't him dwaande hâldt mei de stúdzje fan bûtenierdsk libben is de eksobiology. In nau besibbe wittenskip is de astrobiology, dy't ek it libben op 'e Ierde bestudearret, mar yn 'e bredere astronomyske kontekst. Yn 2015 waarden der restanten fan bioatysk libben oantroffen yn stiennen út West-Austraalje dy't 4,1 miljard jier âld wiene, en dus foarme binne doe't de wrâld 'noch mar' 400 miljoen jier âld wie. Neffens de ûndersikers dy't dy ûntdekking diene, leit it yn 'e reden dat it fenomeen 'libben' yn it hielal wiidferspraat wêze moat (of west hawwe moat) as it him al sa ier op 'e Ierde ûntjoech. De ymplikaasje is dat it libben op 'e Ierde hjir mooglik fia in ynsleine meteoryt of asteroïde út 'e romte wei telâne kommen is.

Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw is der oanhâldend socht nei tekens fan yntelligint bûtenierdsk libben. Dy syktocht hat û.m. plakfûn mei skûtelantinnes dy't troch SETI (Search for Extraterrestrial Intelligence) yn Nij-Meksiko ynset binne om 'e himel ôf te sykjen nei foarmen fan elektromagnetyske ynterstellêre kommunikaasje. Teffens binne tilleskopen brûkt om te sykjen nei ekstrasolêre planeten dy't pontinsjeel libben ûnderstypje kinne. Sûnt likernôch deselde tiid hawwe bûtenierdske wêzens in tige wichtich plak ynnommen yn it sjenre fan 'e science fiction, sawol yn 'e literatuer as op 'e tillefyzje en yn films.

Troch de jierren hinne hat benammen de bemuoienis fan 'e Amerikaanske filmyndustry fan Hollywood in grutte rol spile by it fersprieden fan it idee dat der bûtenierdsk libben bestean kin. Oannommen dat der bûten de Ierde yndie noch earne oars yn it hielal yntelligint libben bestiet, binne de mienings ferdield oer hoe't de minskheid dêrmei omgean moat. Guon binne foar it tapassen fan agressive metoaden om mei sa'n bûtenierdske beskaving yn kontakt te kommen, wylst oaren dêr krekt folslein op tsjin binne, om't se ornearje dat it in werhelling wurdt fan Kolumbus en de Yndianen, mei de minskheid yn 'e rol fan 'e Yndianen, as de Ierde ea troch bûtenierdske wêzens ûntdutsen en besocht wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.