Cosplay

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In cosplay fan it personaazje Yuna, út it fideospultsje Final Fantasy.

Cosplay, in gearlûking fan 'e Ingelske wurden costume ("kostúm") en play ("toaniel"), is in foarm fan fan 'e poadiumkeunsten wêrby't de dielnimmers gebrûk meitsje fan kostúms en assessoires om in beskaat personaazje of idee út te byldzjen. Yn 'e rommere sin kin mei cosplay ek ferwiisd wurde nei alle kostumearre rollespullen, ek dy bûten it poadium om. Cosplay is fral tige populêr en folslein ynboargere yn Japan, dêr't it コスプレ (kosupure) neamd wurdt, dat in ferbastering fan it Ingelske wurd cosplay is.

Cosplayers putte almeast ynspiraasje út manga's, anime, stripferhalen, kompjûter- en fideospultsjes en films. Dêrby giet it benammen om 'e sjenres fan 'e fantasy en science fiction. Mar yn prinsipe kin eltse entiteit út 'e echte of firtuële wrâld dy't him lient foar dramatyske ynterpretaasje as ûnderwerp foar cosplay tsjinje. Dêrby krije libbenleaze objekten antropomorfyske skaaimerken taparte, en ek is it net ûngewoan om 'e geslachten ferwiksele te sjen, wêrby't froulju of famkes harren manljusrollen oanmjitte en oarsom. Fierders bestiet der in subgroep binnen de cosplay-subkultuer wêrby't de dielnimmers mei sin kieze foar personaazjes dy't bekend steane om har oantreklikens en/of net folle (of neat) oan 'e ferbylding oerlittende kostúms.

It ferskynsel cosplay is wat fan 'e lêste fearnsiuw. De ûntwikkeling fan it ynternet hat it foar in protte cosplayers mooglik makke om spesjaal foar harren leafhawwerij sosjale netwurken en websiden op te rjochtsjen, wylst der tsjintwurdich in ferskaat oan foarums bestiet dy't harren by steat stelle om ferhalen, foto's, nijs en tips te dielen. Dizze maklike ûnderlinge kommunikaasje hat ek it ûntstean fan cosplay-konvinsjes fasilitearre. De ûnbidige groei fan it tal minsken dat sûnt likernôch 1990 mei cosplay begûn is, hat derfoar soarge dat dit ferskynsel no in beskate ynfloed krigen hat op 'e mainstream-jongereinkultuer. Dat is by útstek it gefal yn Japan en oare Aziatyske lannen (Taiwan, Súd-Koreä, Hongkong), dêr't ek de jongereinmoade no út en troch cosplay-eleminten fertoant.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.