Springe nei ynhâld

Ugnaughts

Ut Wikipedy

Ugnaughts (inkeltal: Ugnaught; útspr.: [ˈʌɡnɔːt], likernôch: "ak-nôt") binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. It binne humanoïden mei in gnobsk lichemsstal en in lingte fan tusken de 1.20 m en 1.50 m. Harren gesichtsskaaimerken hawwe wol wat wei fan dy fan in baarch. Ugnaughts wurkje oer it algemien as arbeiders en/of rommelsikers. Se waarden yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, wêryn't se te sjen wiene as wurkers yn Lando Calrissian syn eksploitaasje fan tibannagas yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op 'e planeet Bespin. Se waarden oan 'e film tafoege as betinksel fan regisseur Irvin Kershner. Star Wars-skepper George Lucas wie net wei fan harren om't se him in ras fan slaven talieken, en hy woe Calrissian, it earste negroïde personaazje yn 'e franchise, net as slavehâlder delsette. Ugnaughts wiene neitiid ek te sjen yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, de tekenfilmsearje Star Wars: Rebels, de live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian, de roman Boba Fett: Crossfire en ferskate fideospultsjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa